Springe nei ynhâld

Negrosdolkstekdo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gallicolumba keayi)
Negrosdolkstekdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaidolkstekdowen (Gallicolumba)
soarte
Gallicolumba keayi
(Clarke, 1900)
IUCN-status: krityk

De Negrosdolkstekdo (Gallicolumba keayi) is in tige bedrige fûgel yn it skaai dolkstekdowen (Gallicolumba) út de dowefamylje, dy't op 'e Filipinen foarkomt.

Weryntrodusearre fûgel yn it Bayawan Nature Reserve op Negros.

De do is in middelgrutte (30 sm) grûndo mei in koarte sturt en hat in smel bloedread plak oer it wite boarst. De boppedielen binne glânzgjend grien op 'e kroan, yn 'e nekke, de lytsere wjukdekveren, it boppeste diel fan 'e mantel. It glânzgjende grien wreidet him út nei de flanken fan it boarst, sadat der in ûnfolsleine boarstbân foarme wurdt. De rest fan 'e boppedielen binne glânzgjend pears oant kastanjebrún, mei in griis-wite bân oer de binnenste wjukdekveren. De búk is bêzje en feroaret nei de ûnderbúk en ûnderste sturtdekfearren yn krêmwyt.

De fûgel wurdt yn bosken op 'e Sintraal-Filipynske eilannen Negros en Panay waarnommen. Op Panay is de fûgel de lêste jierren waarnommen yn it Natuerpark fan it Noardwestlike Panay-skiereilân, dêr't er ek briede kin. Op Negros wie de soarte yn 'e 19e iuw frij gewoan, mar sûnt de jierern 1930 tige seldsum. Resinte stúdzjes wize út dat der in pear populaasjes yn it suden op it eilân binne, mar mooglik is de fûgel yn it noardlike diel útstoarn.

De fûgel libbet meast op 'e grûn en hat in foarkar foar primêr wâld mei in sletten blêdetek en in tichte ûndergroei op hichten tusken 300 en 1000 m.

De Negrosdolkstekdo hat in lytse en fragmintearre populaasje fan likernôch 50 oant 250 folwoeksen fûgels (rûzing 1999). Oannommen wurdt dat de soarte ôfnimt troch habitatferlies. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte op 'e Reade list as krityk.

In fokprogramma yn Singapoer brocht 10 fûgels werom nei Negros om de eilannen Negros en Panay op 'e nij te befolkjen mei de soarte. It behâld fan 'e soarte is net allinne ôfhinklik fan fokprogramma's, mar ek fan kollektive ynspanningen foar it werbeboskjen, edukaasje en de belutsenens fan 'e lokale mienskip.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: