Springe nei ynhâld

Galapagosreager

Ut Wikipedy
Galapagosreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompreagers (Butorides )
soarte
Butorides sundevalli
Reichenow, 1877
IUCN-status: gjin status
ferspriedingsgebiet

De Galapagosreager (Butorides sundevalli) is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).

De fûgel hat meast in folslein laaigriis fearrekleed mei in koarte túf. it fearrekleed is lykwols fariabel en der binne ek fûgels mei in brún streke ûnderkant en in swarte kroan. Op 'e rêch ha de fearren in sulvereftige glâns. De snaffel en de poaten binne griis, mar yn it briedseizoen ferkleuret de snaffel nei swart en de poaten nei oranje.

Jonge fûgels binne foar it grutste part donkerbrún mei ljochte streken op it boarst en de nekke. Dy brune kleur fariearret fan ljochtbrún oant djip readbrún.

De Galapagosreager is endemysk op 'e Galapagoseilannen en libbet dêr op 'e kustgebieten fan alle eilannen en yn 'e magrovebosken.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan 'e Galapagosreiger bestiet meast út fisk en krabben. It nêst wurdt fan tûken yn magrovebosk of sels ûnder lavarotsen boud. Se briede it hiele jier troch mei in pyk tusken septimber en maart en kinne oant wol trijeris yn 't jier briede. In lechsel bestiet meastentiids út ien oant trije aaien, mar der binne ek meldingen fan gruttere oantallen. Beide âlders diele de soarch foar it utbrieden en it fuorjen fan 'e piken.

De IUCN behannelet de fûgel as de ûndersoarte B. striata sundevalli fan 'e mangrovereager en dêrom is der gjin aparte bedrigingsstatus foar de Galapagosreager.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: