Gûdjarat
| Gûdjarat | ||
| De Statue of Unity, it heechste stânbyld fan 'e wrâld | ||
| Symboalen | ||
| Algemien | ||
| Lân | Yndia | |
| Haadstêd | Gandhinagar | |
| Grutste stêd | Ahmedabad | |
| Distrikten | 33 | |
| Befolking | ||
| Ynwennertal | 60.439.692 (2011)[1] | |
| Befolkingsticht. | 308 ynw./km² | |
| Talen | Gûdjaratysk | |
| Religy | Hindoeïsme 88,6% Islam 9,7% Jainisme 1,0% Oars 0,7% | |
| Geografy | ||
| Oerflak | 196.024 km² | |
| Heechste punt | 0 - 1.117 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1 maaie 1960 | |
| ISO 3166-2 | IN-GJ | |
| Tiidsône | IST (UTC+5:30) | |
| Offisjele webside | ||
| gujaratindia.com | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Gûdjarat yn Yndia | ||
Gûdjarat (Gûdjaratysk: ગુજરાત, transliteraasje: Gujarāt; Ingelsk: Gujarat) is in dielsteat yn it westen fan Yndia. It hat de langste kustline fan alle Yndiaaske steaten (likernôch 1.600 km) en de steat grinzget yn it noardwesten oan Pakistan. De steat is ien fan 'e ekonomysk meast ûntwikkelde regio's fan it lân en stiet bekend om syn hannelstradysje, de tekstylindustry en as it iennichste plak op 'e wrâld dêr't de Aziatyske liuw noch yn it wyld foarkomt.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gûdjarat hat in tige ôfwikseljend lânskip mei in kustline fan 1.600 kilometer. De steat kin rûchwei ferdield wurde yn trije geografyske regio's:
- It skiereilân Saurashtra bestiet út kustflakten, rotseftich terrein, heuvels en drûge sônes. It is in rûch gebiet mei de Gir-heuvels yn it suden, dêr't it ferneamde Gir-bosk leit.

- De regio yn it noardwesten is Kutch, dy't hast hielendal bestiet út in sâltwoastyn. Yn 'e reintiid rint it gebiet folslein ûnder wetter, mar yn 'e drûge tiid feroaret it yn in ûnbidige, wite sâltflakte dy't út de romte wei te sjen is.
- De Eastlike Flakte is it fruchtbere hert fan 'e steat mei grutte rivieren lykas de Narmada, de Tapti en de Sabarmati. De rivier de Narmada is foar Gûdjarat fan tige grut belang; troch de bou fan 'e Sardar Sarovar-daam wurdt it wetter no oer de hiele steat ferdield foar lânbou en drinkwetter.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Gûdjarat giet hiel fier werom. De âlde stêd Lothal wie ien fan 'e wichtichste havens fan 'e Induskultuer, sa'n 4.500 jier lyn.
Troch de strategyske lizzing oan 'e hannelsrûtes fan 'e Arabyske See, wie de kust fan Gûdjarat ien fan 'e earste plakken yn Yndia dêr't Europeeske machten foet oan 'e grûn krigen.
De Portegezen fêstigen harren yn 'e 16e iuw yn Daman en Diu. Dy lytse enklaves bleaune mear as fjouwer iuwen lang yn Portegeeske hannen, sels nei't Yndia yn 1947 ûnôfhinklik wurden wie. Earst yn 1961 waarden se troch Yndiaaske troepen oernommen; hjoed-de-dei hearre se net by de dielsteat Gûdjarat. Sûnt jannewaris 2020 foarmje Daman en Diu tegearre mei Dadra en Nagar Haveli ien uny-territoarium: Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu.
Foar de Britten wie Gûdjarat de poarte nei harren takomstige ryk yn Yndia. Yn 1612 fersloech de Britske East-Yndyske Kompanjy de Portegezen yn 'e Slach by Swally. Dêrnei krigen de Britten tastimming fan 'e Mogol-keizer om harren earste hannelspost yn Surat te iepenjen. Surat groeide út ta de wichtichste haven foar de Britten, oant dy rol oan 'e ein fan 'e 17e iuw oernommen waard troch Bombay. Ek de Nederlânske FEK en de Frânsen hiene yn dy tiid bloeiende hannelsposten yn Surat foar de eksport fan tekstyl en indigo.
Oan 'e ein fan 'e 18e iuw wreide it Britske bestjoer him oer de hiele regio út. Guon dielen waarden direkt bestjoerd, wylst oare gebieten as foarstelannen (princely states) ûnder Britsk tafersjoch stean bleauwen oant de stifting fan 'e Yndiaaske Uny.

Yn 'e moderne skiednis spile de steat in krúsjale rol yn 'e Yndiaaske frijheidsstriid. Mahatma Gandhi waard hjir berne yn Porbandar. Fanút syn ashram yn Ahmedabad begûn hy yn 1930 de ferneamde Sâltmars nei Dandi, in protest tsjin de Britske sâltbelesting dat de wrâldskiednis feroare hat.
Sûnt de ûnôfhinklikens yn 1947 wie Gûdjarat ûnderdiel fan 'e grutte steat Bombay. Dat wie in meartalige provinsje dêr't sawol Gûdjaratty as Maratty praat waard. Dat late ta spanningen. Dêrom waard de âlde steat Bombay sûnt 1 maaie 1960 opdield yn 'e steat Maharashtra (foar de Maratty-sprekkers) en Gûdjarat (foar de Gûdjaratty-sprekkers). De stêd Bombay waard de haadstêd fan Maharashtra en Ahmedabad de haadstêd fan Gûdjarat, mar besletten waard om in folslein nije haadstêd te ûntwerpen, dy't ferneamd waard nei Mahatma Gandhi: Gandhinagar.
Treinbrân fan 2002
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2002 wie der in slimme brân yn Godhra fan 'e Sabarmati Express, in trein mei in grutte groep hindoepylgers dy't weromkamen út de hillige stêd Ayodhya. De trein waard oanfallen troch in grutte kloft minsken en ien fan 'e wagons waard yn 'e brân stutsen, wêrby't 59 hindoepylgers om it libben kamen. De fertinking dat de trein mei opsetsin yn 'e brân stutsen wie troch in kliber moslims yn Godhra, soarge foar in weach fan lulkens yn 'e hiele steat, dy't útrûn op grutskalige en bloedige religieuze rellen tusken hindoes en moslims dy't wikenlang oanhâlden.

By it geweld kamen neffens offisjele sifers 1.044 minsken om it libben (790 moslims en 254 hindoes), wylst hûnderttûzenen oaren harren hûs ferlearen. Nei in jierrenlang ûndersyk die in spesjale rjochtbank yn 2011 útspraak oer de brân yn Godhra. De rjochter stelde fêst dat der sprake wie fan gearspanning en 31 moslims waarden feroardiele foar de moard en opset (wêrfan 11 de deastraf krigen, letter omset nei libbenslang). De ramp hie grutte sosjale gefolgen dy't de politike ferhâldings yn 'e steat noch hiel lang bepale soene.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Gûdjarat bestiet foar it grutste part út Gûdjaratty's. De steat hat in lange tradysje fan hannel en seefeart, wat soarge hat foar in grutte Gûdjaratty-diaspoara oer de hiele wrâld (benammen yn East-Afrika, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten).
| Jier | 1901 | 1911 | 1921 | 1931 | 1941 | 1951 | 1961 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 9.086.028 | 9.803.587 | 10.174.989 | 11.489.828 | 13.701.551 | 16.263.457 | 20.633.350 |
| Groei | — | +7,9% | +3,8% | +12,9% | +19,2% | +18,7% | +26,9% |
| Jier | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | 2011 | ||
| Ynwennertal | 26.697.475 | 34.085.799 | 41.309.582 | 50.671.017 | 60.439.692 | ||
| Groei | +29,4% | +27,7% | +21,2% | +22,7% | +19,3% |
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Hindoeïsme is de dominante religy yn Gûdjarat. De Islam is de grutste minderheidsreligy. Opmerklik is de lytse mienskip fan it Jaïnisme, dy't ekonomysk en kultureel tige ynfloedyk is. De mienskip stiet bekend om it bouwen fan timpels, skoallen en sikehuzen en it jaïnisme hat der ek foar soarge dat Gûdjarat ien fan 'e meast fegetaryske steaten fan Yndia is. In soad sakelju hearre by dizze mienskip.
| Religy | % (2001) | % (2011) | Ferskil (%) |
|---|---|---|---|
| Hindoeïsme | 89,1% | 88,6% | -0,5% |
| Islam | 9,1% | 9,7% | +0,6% |
| Jaïnisme | 1,0% | 1,0% | 0,0% |
| Oars (Kristendom, Sikhisme) | 0,8% | 0,7% | -0,1% |
Grutste plakken yn Gûdjarat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gûdjarat is ien fan 'e meast ferstedske steaten fan Yndia. De yndustriële korridôr tusken Ahmedabad en Vapi is ien fan 'e tichtstbefolke gebieten fan it lân.
| Rang | Plak | Distrikt | Ynwennertal (2011) | Funksje |
|---|---|---|---|---|
| 1 | Ahmedabad | Ahmedabad | 5.577.940 | Grutste stêd en hannelssintrum |
| 2 | Surat | Surat | 4.467.797 | Wrâldsintrum foar diamanten en tekstyl |
| 3 | Vadodara | Vadodara | 1.670.806 | Kulturele haadstêd en farmasy |
| 4 | Rajkot | Rajkot | 1.286.678 | Ekonomysk hert fan Saurashtra |
| 5 | Bhavnagar | Bhavnagar | 593.364 | Havenstêd en hannel |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ekonomy fan Gûdjarat is grut en mei in grut ferskaat en in sterke fokus op 'e ferwurkjende yndustry. In grut part fan 'e wolstân komt fan 'e petrogemyske sektor en de gemy. Yn 'e steat steane ûnbidige raffinaderijen foar de ferwurking fan rûge oalje ta brânstoffen en grûnstoffen foar plestik. Fierder ha de diamantbewurking en de tekstylindustry in dominante posysje. It grutste part fan alle rûge diamanten op 'e wrâld wurdt yn Gûdjarat slipe en polyste. Dêrnjonken is de steat in grutte spiler yn 'e farmaseutyske wrâld.
Njonken de swiere yndustry spilet de lânbou in grutte rol. Yn plak fan harren molke foar in appel en in aai oan hannelers te ferkeapjen, rjochten de boeren sûnt 1946 harren eigen ferienings op. Hja waarden sels eigner fan 'e fabriken. Dat model groeide út ta it wrâldferneamde merk Amul. It joech miljoenen boeren in fêst ynkommen en in stim yn it bestjoer. Troch dat súkses yn Gûdjarat koe hiel Yndia letter itselde dwaan. It makke it lân fan in ymporteur fan molke de grutste produsint op ierde. Yn Yndia stiet dat bekend as de Wite Revolúsje.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gûverneur is it formele haad fan 'e steat, beneamd troch de presidint fan Yndia. Hoewol't de gûverneur de heechste funksje hat, is de rol foaral seremoaniëel.
Gûdjarat hat in parlemint mei ien keamer. De leden fan it parlemint wurde direkt keazen troch de befolking foar in termyn fan fiif jier. Hja meitsje de wetten foar de steat. It deistich bestjoer, de Chief Minister (it politike haad fan de steat) en syn of har kabinet fan ministers, binne ferantwurdlik foar it útfieren fan it belied en lizze ferantwurding ôf oan it parlemint.
De steat is ferdield yn 33 distrikten.
| Kolom A | Kolom B |
|---|---|
| 1. Ahmedabad | 18. Kheda |
| 2. Amreli | 19. Kutch |
| 3. Anand | 20. Mahisagar |
| 4. Aravalli | 21. Mehsana |
| 5. Banaskantha | 22. Morbi |
| 6. Bharuch | 23. Narmada |
| 7. Bhavnagar | 24. Navsari |
| 8. Botad | 25. Panchmahal |
| 9. Chhota Udaipur | 26. Patan |
| 10. Dahod | 27. Porbandar |
| 11. Dang | 28. Rajkot |
| 12. Devbhumi Dwarka | 29. Sabarkantha |
| 13. Gandhinagar | 30. Surat |
| 14. Gir Somnath | 31. Surendranagar |
| 15. Jamnagar | 32. Tapi |
| 16. Junagadh | 33. Vadodara |
| 34. Valsad |
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De natoer yn Gûdjarat hat in grutte fariaasje fan tichte, fochtige bosken yn it suden oant de sâltwoastinen yn it noardwesten. Troch de lange kustline is de steat ryk oan maritime ekosystemen.
De Nasjonale Parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Nasjonaal Park Gir is wrâldferneamd as it lêste plak dêr't de Aziatyske liuw libbet. It is in drûch gebiet dat ideaal is foar de liuwen.
- It Nasjonaal Park Blackbuck is in iepen gersflakte, dy't benammen bekend stiet om de grutte populaasjes antylopen en de seldsume Yndiaaske wolf.
- It Nasjoanaal Park Marine (Golf fan Kutch): It earste park yn syn soarte yn Yndia. By leechwetter binne de koraalriffen en bisten lykas de seeko (dugong) en ferskate soarten seeskylpadden te sjen.
- It Nasjonaal Park Vansda is in tichtbeboske gebiet yn it suden mei djippe dellingen en in grutte rykdom oan fûgels en orchideeën.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia | |
|---|---|
| Dielsteaten | |
|
Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen | |
| Unyterritoaria | |
|
Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry | |
