Gûdûla fan Brussel
| Gûdûla fan Brussel | ||
| Sint-Gûdûla yn 'e Sint-Gûdulatsjerke fan Rhede (Dútslân). | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | 7e iuw | |
| berteplak | Moorsel (by Aalst) | |
| stjerdatum | 8 jannewaris, tusken 680 en 714 | |
| stjerplak | Hamme (by Merchtem) | |
| reg. identiteit | Brabânsk | |
| wurkpaad | ||
| berop | Klûsneresse | |
| hillichferklearring | ||
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 8 jannewaris (Brussel) 19 jannewaris (Gint) | |
| hillichdom | Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Gûdûla (Brussel); Parochytsjerke HH-Hildegard en Jehannes de Doper (Eibingen) | |
| attributen | lantearne, ingel en duvel (mei pûster), boek, tsjerkemodel | |
| patroan fan | Brussel, Belgje | |
Gûdûla fan Brussel (ek wol fan Moorsel en fan Eibingen neamd; Latyn: Gudila, letter ek Gudula; Nederlânsk: Goedele of Goele; Frânsk: Gudule) wie in frou dy't yn 'e 7e en 8e iuw libbe. Hja is ien fan 'e nasjonale hilligen fan Belgje en de patroanhillige fan 'e stêd Brussel.
Gûdûla waard nei alle gedachten yn Moorsel by Aalst berne en hja ferstoar op 8 jannewaris tusken it jier 680 en 714 yn Hamme by Merchtem. Hja wurdt as hillige fereare yn 'e katolike tsjerke. Har holle wurdt as relikwy bewarre yn 'e parochytsjerke Sint-Hildegardtsjerke yn Eibingen (Dútslân, Hessen).
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Vita Gudilae (mooglik skreaun troch Onulf fan Hautmont tusken 1048 en 1051) kaam Gûdûla út in foarname aadlike famylje út Loataringen. Har mem wie de hillige Amalberga fan Maubeuge en har heit wie Witger, hartoch fan Loataringen en goagreve fan Brabân. Har broer wie de hillige Emebertus (Ablebertus) fan Kamerijk (biskop fan Kamerijk-Atrecht, ferstoarn begjin 8e iuw) en har suster wie de hillige Reinildis fan Saintes.
Hja waard grutbrocht troch it kleaster fan Nijvel fan har petemem, de hillige Gertrudis fan Nijvel. Gûdûla late in libben fan strang boetedwaan. Har selsboude sel yn Hamme by Merchtem wie har hiele libben it plak fan har kristlike besinning. Nei har dea om it jier 712 hinne waard hja earst foar de tsjerkedoar fan Hamme begroeven, mar letter waarden har reliken nei Moorsel brocht.

Tusken 977 en 988 liet de hartoch fan Neder-Loataringen, Karel fan Frankryk, har omskot oerbringe nei de Sint-Goariktsjerke yn Brussel. Lambert II (ek wol Balderik neamd), greve fan Leuven, liet it omskot yn 1047 oerbringe nei de Sint-Michielstsjerke (de lettere haadtsjerke fan 'e stêd Brussel), dêr't er ek in kapittel ta eare fan 'e hillige Gûdûla stifte.
Al oan 'e ein fan 'e 12e iuw krige Hildegard fan Bingen de wichtige haadrelikwy (de plasse) fan 'e hillige Gûdûla kado fan har freonen út Brabân. Dy holle wurdt hjoed-de-dei as ûnderdiel fan 'e Eibinger relikwyskat yn it eardere Hildegardis-kleaster (no de parochytsjerke St. Hildegard en St. Johannes de Doper) yn Rüdesheim-Eibingen bewarre.
Letter waard op it plak fan 'e Brusselske Sint-Michielstsjerke in goatyske katedraal boud, dy't hjoed-de-dei noch altyd oan beide hilligen wijd is as de Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Gûdûla. Op 6 juny 1579, yn 'e Tachtichjierrige Kriich, ferneatigen de geuzen de skryn dêr't de relikwyen fan Gûdûla yn bewarre waarden.
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer Gûdûla wurdt it saneamde "lantearnewûnder" ferteld. Op wei nei de tsjerke blaasde de duvel har lantearne út, sadat hja it paad bjuster reitsje soe, mar in ingel stiek de lantearne lykwols hieltyd wer oan.
Wittenskiplik ûndersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oan 'e Johannes Gutenberg-Universiteit yn Mainz is wittenskiplik ûndersyk dien nei de echtheid fan 'e Gûdûla-relikwyen. De toskespesjalist Peter Riethe paste dêrby de iuwenâlde Belgyske tosken (dy't oerbleaun wiene nei de ferneatiging fan é reliken troch de kalvinisten) yn 'e skedel fan 'e hillige Gûdûla út de Eibinger relikwyskat. It risseltaat wie dat de Belgyske tosken tige krekt pasten yn 'e skedel út Eibingen en dêr wie it bewiis levere dat de skedel yn Dútslân en de Belgyske reliken, dy't sûnt de 12e iuw fan inoar skaat wiene, byinoar hearden.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 jannewaris wurdt Sint-Gûdûla betocht. Yn it bisdom Gint, dêr't Moorsel ûnder falt, wurdt har feestdei op 19 jannewaris fierd. Hja wurdt faak oanroppen foar help by syktes dy't te krijen hawwe mei de holle en it senuwstelsel, lykas epilepsy, dwylsinnigens en stûpen.
Attributen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e kristlike keunst wurdt de hillige meastentiids útbylde as in aadlike frou of as in kluzeneresse. Faak wurdt hja mei in lantearne útbylde, in ferwizing nei it lantearnewûnder. Ek is faak in ingel te sjen dy't mei in pook of in pûster de lantearne wer oantstekt, wylst oan 'e oare kant in duvel besiket de flam út te blazen (somtiden mei in eigen pûster). As symboal foar har frommens en bibelkennis hâldt hja faak in opslein of ticht boek fêst. Om't hja de patroanhillige fan Brussel is, wurdt hja ek wol ôfbylde mei in lyts model fan 'e katedraal yn har hannen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
