Gûamiisfûgel
| Gûamiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
De fûgel yn it Smithsonian National Zoological Park, Washington, D.C. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus cinnamominus | ||||||||||||
| Swainson, 1821 | ||||||||||||
| IUCN-status: yn it wyld útstoarn | ||||||||||||
De Gûamiisfûgel (Todiramphus cinnamominus) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). Eartiids waarden de Palau-iisfûgel (Todiramphus pelewensis) en de Ponapee-iisfûgel (Todiramphus reichenbachii) as ûndersoarte beskôge. In mooglike ûndersoarte fan 'e Rjûkjû-eilannen op it eilân Myaku, de Rjûkjû-iisfûgel (Todiramphus cinnamominus miyakoensis), is sûnt de 19e iuw útstoarn.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De iisfûgel is 20 sm lang en weaget 56 oant 74 gram. It mantsje is fan ûnder en op 'e kop readbrún mei in brede swarte eachstreek. Op 'e reach, stút en sturt is de soarte grienblau. De snaffel is donker mei oan 'e basis ivoarkleurich. De poaten binne swart en it each is brún. It wyfke is foar in part op it boarst en op 'e búk wyt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gûamiisfûgels libben oant 1986 yn it wyld op it eilân Gûam, dat by de Feriene Steaten heart. Oarsaak fan it útstjerren yn it wyld wie de yntroduksje fan 'e brune nachtbeamslang, dy't de aaien en piken opfriet. Om it eilân waard yn 'e Twadde Wrâldkriich fûleindich tusken de Amerikanen en de Japanners fochten. Nei alle gedachten binne mei it militêre ferfier doe slangen op it eilân yntrodusearre, dy harren sûnder predatoaren al gau fermannichfâldigen want nei de oarloch seagen bewenners brune slangen yn 'e beammen krûpen. De slang feroarsake it ústjerren fan njoggen fûgelsoarten op it eilân.
De lêste 29 yn it wyld libjende fûgels binne finzen nommen en waarden yn grutte koaien holden, sadat de populaasje wer groeie koe. De lêste wylde Gûamiisfûgel waard yn 1988 waarnommen. Sûnt hat de fûgel de status yn it wyld útstoarn. Yn 2013 bestie de wrâldpopulaasje út 124 eksimplaren, dy't yn ferskillende dieretunen libje. De fûgels binne te sjen yn 'e dieretunen fan San Antonio, Pittsburgh, St. Louis, Chicago en yn Sedgwick County Zoo yn Wichita.[1]
Weryntroduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De útroeging fan 'e brune slang op Gûam wie nammentlik mar in beheind sukses. Yn 2024 binne in njoggen Gûamiisfûgels troch it Palmyra Atoll Research Consortium (PARC) yn it wyld útset. Foar de weryntroduksje fan 'e fûgel yn it wyld waard net it eilân Gûam útkeazen, mar it predatoarefrije atol Palmyra, likernôch 5.800 km eastliker as Gûam. Mei de weryntroduksje yn it wyld op Palmyra wol de organisaasje kennis opdwaan hoe't de fûgels harren sûnt de finzenskip wer sels rêde kinne. Ek is it de bedoeling in sûne populaasje op te bouwen, mei it doel om se op termyn wer op Gûam te yntrodusearjen.[2][3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
