Springe nei ynhâld

Fylogeny

Ut Wikipedy
In fylogenetyske stambeam fan it libben op 'e Ierde.

Fylogeny (fan it Grykske φυλη, fulè, "folksstam" en γενεσις, genesis, "wurding") is de stúdzje fan 'e evolúsjonêre skiednis fan it libben op 'e Ierde. Dêrfoar wurdt gebrûk makke fan waarnimbere skaaimerken (morfology) fan organismen of fan ûndersyk nei harren genen (oererfbere DNA-sekwinsjes). Dêrút kin de ûnderlinge relaasje tusken organismen of groepen organismen opmakke wurde op basis fan neigeanbere wittenskiplike ynformaasje. It resultaat is in fylogeny, d.w.s. in beskriuwing fan hoe't in beskaat organisme of in beskate groep organismen ûntstien is út in oar organisme of in oare groep organismen. Dat wurdt almeast werjûn yn in fylogenetyske stambeam, in diagram dat de hypotetyske relaasje tusken de oanbelangjende organismen sjen lit en sa har oannommen evolúsjonêre skiednis dúdlik makket.

De úteinen fan in fylogenetyske stambeam jouwe de bestudearre organismen wer, dy't sawol libbene taksons as fossilen wêze kinne. In fylogenetyske stambeam kin sawol bewoartele as ûnbewoartelde wêze. In bewoartele diagram jout (oan 'e oare útein) de hypotetyske lêste mienskiplike foarâlder fan 'e bestudearre organismen wer. In ûnbewoartele diagram lit de evolúsjonêre oarsprong fan 'e bestudearre organismen blau-blau en toant dy dus net, mar konsintrearret him ynstee op 'e ûnderlinge relaasjes tusken de bestudearre organismen sels.

It gebrûk fan fylogeny is yn 'e ienentweintichste iuw in krúsjaal ûnderdiel wurden fan it ûndersyk nei en it begryp fan bioferskaat, evolúsje, ekology en de genomen fan ûnderskate organismen. Yn 'e forinsyske wittenskip kin fylogeny helpe by it beoardieljen fan DNA-bewiismateriaal yn rjochtsaken. Yn 'e onkology, it ûndersyk nei en de behanneling fan kanker, kin fylogeny brûkt wurde om 'e klonale evolúsje fan tumors te bestudearjen en teffens de molekulêre gronology fan 'e sykte, sadat foarsein en toand wurde kin hoe't sellepopulaasjes har hâlde en drage geandewei it ferrin fan 'e sykte en hoe't se reägearje op 'e ûnderskate behannelingsmetoaden.

Fylogeny kin ek behelpsum wêze by de ûntdekking en ûntwikkeling fan nije medisinen. Wittenskippers kinne mei fylogeny ferskillende soarten organismen yndiele op manearen dy't sjen litte hokker soarten (wierskynlik) beskate skaaimerken oerurven hawwe dy't nuttich binne foar medysk ûndersyk. Dêrby kin it bygelyks gean om hokker soarten biologysk aktive stoffen (lykas gif) produsearje dy't in effekt hawwe op it minsklik lichem dat yn oanpaste foarm posityf wêze kinne soe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.