Springe nei ynhâld

Fyletyske dwerchgroei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fyletyske dwerchfoarming)

Fyletyske dwerchgroei of fyletyske dwerchfoarming is it belúnjen yn trochsneed grutte fan bisten fan in beskate soarte. Der binne guon omstannichheden dy't soks feroarsaakje kinne. In gebrek oan rôfdieren dy't op lytsere bisten jeie, makket dat de needsaak foar in soarte om grut te bliuwen ferdwynt. Ek in gebrek oan natuerlike helpboarnen, yn 't bysûnder iten, kin ta ferlytsing fan in soarte liede, mei't de gruttere bisten, dy't mear iten brek binne, dan it earst deageane en har genen net mear trochjouwe fia de fuortplanting. Ek is it mooglik dat der wol iten beskikber is, mar dat inkeld lytsere bisten derby kinne. Sokke omstannichheden komme in protte foar op eilannen, en dêrfandinne is eilândwerchgroei de meast foarkommende foarm fan fyletyske dwerchgroei.

Foarbylden fan eilândwerchgroei binne de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus) fan it Meksikaanske eilân Cozumel, de eilânfoks (Urocyon littoralis), dy't foarkomt op seis fan 'e Kalifornyske Kanaaleilannen en de Nosy Harablêdkameleön (Brookesia micra), in minuskule kameleön fan it eilân Nosy Hara, foar de noardpunt fan Madagaskar. In foarbyld fan fyletyske dwerchgroei dy't net op in eilân plakfûn hat, is de evolúsje fan klau-aapkes (Callitrichidae), wêrûnder liuwaapkes en tamarins, ûnder de (oer it algemien folle gruttere) apen fan de Nije Wrâld (Platyrrhini). Ek de ûntwikkeling fan fûgels út 'e folle gruttere dinosauriërs soe in gefal fan fyletyske dwerchgroei west hawwe kinne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.