MKV '29
| MKV '29 | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 28 april 1929 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Ljouwert | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | Sportpark Nijlân | |||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Sneons fjirde klasse | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
MKV '29 (Folút: roomsk-katolike fuotbalferiening "Mei Krêft Foarút '29") is oprjochte op 28 april 1929 en en spilet op sportpark Sportpark Nijlân oan de Middelzeelaan. It tenu fan de klup bestiet út in read shirt mei witte flanken, witte broek en reade sokken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de oprjochting fan de feriening waard der keazen foar in read shirt. Yn 1935 gie nei in akkoart fan de Algemiene Ledenfergadering de fuotbalferiening Giel Wyt op yn MKV '29.
Yn 1946 promovearret MKV '29 fan út it Fryske fuotbalbûn nei de 4e klasse fan de KNVB. Yn letter jierren is it MKV '29 slagge inkelde kearen te promovearjen nei de 3e klasse KNVB, mar dy útstapkes duorren op syn heechst 2 jier. MKV '29 hat yn de jierren meastentiids in stabile 4e klasser west. Sûnt 1972 hat MKV '29 in frouljusalvetal.
Yn 1987 ferhúze MKV '29 fan Sportpark Fonteinland oan it Jacob Catsplein, nei sportpark Nijlân oan de oare kant fan it spoar.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|