Fuotbalferiening Holwert is oprjochte op 21 maaie1948 en spilet op sportkompleks de Morgenzon oan de Beyerstrjitte. It tenu fan de klup bestiet út in blau shirt mei swarte streken en swarte boarden op de mouwen, in swarte broek en blauwe sokken mei in wyt board. Sûnt 2014 binne de kantine en de klaaikeamers fan de fuotbalferiening húsmanne yn it multyfunksjonele akkommodaasje, "De Ynset".