Fuotbalferiening Giel Wyt
| Giel Wyt Geel-Wit | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 9 maaie 1934 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Nes It Amelân | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | Sportterrein Nes-Buren Bueren | |||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Sneins fjirde klasse | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
Fuotbalferiening Giel Wyt is de klup fan Nes op It Amelân. Giel Wyt is oprjochte op 9 maaie 1934. It tenu fan de klup bestiet út in giel shirt mei blauwe flanken, in wite broek en sokken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 5 maaie [[1934] seach de Nesser Sport Club (NSC) it libbensljocht en fjouwer dagen letter hie ek Bueren syn fuotbalklup, de Roomsk Katolike Sport Klup Giel Wyt. De oprjochting fûn plak yn it grutte lokaal fan de iepenbiere legere skoalle, tsjintwurdich hotel De Klok oan de haadwei.
Op foarstel fan Menear Pastoar waard besletten om de earstfolgjende woansdeitejûn wer byinoar te kommen yn de skoalle. De pastoar wist ien en't oar oer fuotbal stelde himsels beskikber om op it boerd wat útlis te jaan oangeande opstelling fan 'e alvetallen en it neilibjen fan 'e spulregels.
Pas op de dêrop folgjende ledegearkomste fan 13 july krige de feriening in namme. Nei't ferskate suggestjes ôfwiisd waarden, waard besletten om de klup nei de pauslike kleuren Giel Wyt te neamen. Njonken Giel Wyt en NSC koe It Amelân noch in feriening: HVV út Hollum, dy klup wie al yn 1928 ûntstien. Mei troch it fuortgean fan spilers nei see of earne oars rûn it ledetal werom en koene de ferieningen ein jierren tritich amper ien team formearje. Giel Wyt wie fan oarsprong in katolike feriening, yn 1970 waard de bân mei de tsjerke loslitten en waard Geel Wit in algemiene feriening.
Akkommodaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste fjild fan de feriening wie oan de Koaiwei yn Bueren. Sûnt 1953 spilet Giel Wyt op de fjilden tusken Nes en Bueren. Doe't Giel Wyt yn 1970 ta de KNVB kaam, waard it kompleks útwreide sadat der ek in oefenfjild oanlein wurde koe. Yn 1971 en 1972 waarden der klaaikeamers boud. Yn 1992 waard de tribune boud, mei de namme Wâdkânt. De tribune biedt plak oan goed 200 taskôgers.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|