Perû skoarde yn de lêste minút fan de ferlinging, wêrtroch't de stân op 4-2 kaam. Nei dat doelpunt kamen supporters fan Perû it fjild op, dêrtroch waard fierder spyljen ûnmooglik. De sjuery besleat nei protest fan Eastenryk om de wedstriid ûnjildich te ferklearjen en oerspylje te litten. Perû wie it net iens mei dy beslissing, en kaam dêrom net by de ôftraap fan de wedstriid. Eastenryk waard ta winner útroppen en pleatste har foar de heale finales.