Springe nei ynhâld

Funksjonalisme (arsjitektuer)

Ut Wikipedy
It haadkantoar fan Interpolis yn Tilburg neffens ûntwerp fan Abe Bonnema

Funksjonalisme is yn 'e arsjitektuer it prinsipe dat gebouwen ûntwurpen wurde moatte allinnich op basis fan harren doel en funksje. In ynternasjonale funksjonalistyske arsjitektuerbeweging ûntstie yn 'e neisleep fan 'e Earste Wrâldoarloch, as ûnderdiel fan 'e weach fan it Modernisme. De ideeën dêrfan waarden foar in grut part ynspirearre troch in winsk om in nije en bettere wrâld foar de minsken te bouwen, lykas breed en sterk útdrukt waard troch de sosjale en politike bewegingen fan Jeropa nei de ekstreem ferneatigjende wrâldoarloch. Yn dit ferbân wurdt funksjonalistyske arsjitektuer faak keppele oan 'e ideeën fan it sosjalisme en it moderne humanisme. Feedback

In nije lytse tafoeging oan dizze nije weach fan arsjitektuer wie dat net allinich gebouwen en huzen ûntwurpen wurde moasten om it doel fan funksjonaliteit hinne, mar dat arsjitektuer ek brûkt wurde moast as middel om fysyk in bettere wrâld en in better libben foar minsken yn 'e breedste sin te meitsjen. Dizze nije funksjonalistyske arsjitektuer hie de sterkste ynfloed yn Tsjechoslowakije, Dútslân, Poalen, [1] de USSR en Nederlân, en fan 'e jierren '30 ôf ek yn Skandinaavje en Finlân.

Dit prinsipe is in kwestje fan betizing en kontroverse binnen it berop, benammen wat moderne arsjitektuer oanbelanget, om't it minder fanselssprekkend is as it earst liket.

Barcelona-stoel Model 250L (1929) fan Ludwig Mies van der Rohe

De betinker fan dizze styl is de Amerikaanske arsjitekt Louis Sullivan. Hy betocht al yn 1898 it kredo Foarm folget (altyd) funksje. Hy ferwiisde hjirby nei foarbylden út de natuer, lykas blommen, fûgels en streamende beken dy't prachtich binne om te sjen mar tagelyk folslein funksjoneel binne.
Oare opfettingen oer de funksjonalistyske arsjitektuer wiene It hûs is in wenmasine fan Le Corbusier en Ornamint is in misdied fan Adolf Loos yn 1908. Loos fûn dat fersieringen in middel wiene om de midsmjittigens fan in kultuer te bemanteljen. Boppedat soarge it derfoar dat gebouwen, meubilêr en klean út de moade rekken en ôftanke waarden. Fersiering mocht neffens him allinnich brûkt wurde op foarwurpen dy't dochs al fan slitaazje te lijen hiene, mar op in gebou soe it in mislediging wêze. Sullivan likegoed as Loos wiene net folslein funksjonalistysk, want se brûkten wol deeglik fersieringen op harren gevels brûkten en letter seine se dat oaren harren ideeën te letterlik namen.
Ludwig Mies van der Rohe hat echt besocht it funksjonalistysk ideaal nei te libjen. Hy stie bekend om syn 'hûd en bonke-ûntwerpen', wêrmei't de skeletbou bedoeld waard. Dêr is de funksjonalistyske arsjitektuer út de jierren fyftich en sechstich út ûntstien. [2]

Wichtige fertsjintwurdigers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: