Fryslân Ferbynt

Ut Wikipedy

Fryslân Ferbynt ûnderhâldt en fasilitearret it wrâldwide netwurk foar elkenien dy't him ferbûn fielt mei Fryslân. Dêrta biedt Fryslân Ferbynt in moetingsplak en organisearret aktiviteiten foar partikulieren en ûndernimmers binnen en bûten Fryslân. It is in plak om ûnderfiningen en ferhalen te dielen, om (ynternasjonale) kontakten te lizzen, help te jaan en te krijen, saken te dwaan, tsjinsten en produkten sjen te litten en it moaie fan Fryslân te toanen.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryslân Ferbynt ûndernimt tal fan aktiviteiten dêr’t de kultuer en de ekonomy fan Fryslân mei stimulearre wurde. It projektburo koördinearret al dy aktiviteiten en ûntwikkelet nije inisjativen. Mei stipe fan de provinsje en yn gearwurking mei ûnderskate partners binne as aktiviteiten fêststeld:

  • It webstee|wurdt it gesicht fan Fryslân Ferbynt en foarmet it digitale moetingsplak. In platfoarm dêr’t lju dy’t dêr niget oan hawwe terjochte kinne om foar it earst yn ’e kunde te kommen mei de mooglikheden fan Fryslân Ferbynt.
  • Troch de Fryske taal en identiteit te brûken steane bedriuwen ticht by de Fryske konsumint. Boppedat is it merk Fryslân in A-merk.
  • Fryske produktbedriuwen kinne harren sterker profilearje, sawol binnen as bûten Fryslân.
  • Friezen binne oer de hiele wrâld delstrutsen. Dêrnjonken steane Friezen bekend om harren betrouberheid. Twa sterke útgongspunten foar in ynternasjonaal ûndernimmersnetwurk.
  • Friezen om utens (en ynwenners fan Fryslân) mooglikheden biede om Fryslân (op ’en nij) te ûntdekken.
Sintrale aktiviteiten
  • ynteraktyf webstee (www.fryslanferbynt.nl)
  • ynternasjonale eveneminten binnen en bûten Fryslân
  • fysyke moetingsplakken realisearje

Wurkwize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • mei-inoar sterk: minsken, organisaasjes en aktiviteiten ferbine
  • Friezen oer de hiele wrâld as ambassadeurs fan Fryslân

Pylders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryslân Ferbynt basearret syn aktiviteiten op twa útgongspunten:

1. Sterke ferbûnens mei it heitelân

Friezen hawwe in sterke bân mei it ‘heitelân’. Ek Friezen bûten Fryslân bliuwe tige ynteressearre yn en ferbûn mei harren roots (‘ienris in Fries, altyd in Fries’). As Friezen elkoar tsjinkomme, wurdt gau nei ferbinings socht: fia famylje, freonen, stêd en doarp.

2. It A-merk Fryslân

Fryslân hat in goede namme yn ’e wrâld. It Frysk en Fryslân wurde assosjearre mei kearnwearden as kwaliteit, oarspronklik, betrouber en autentyk. Fryslân Ferbynt is in stifting en hat dêrom gjin winsteachmerk. De aktiviteiten wurde oanstjoerd troch it bestjoer, dat dêryn advisearre wurdt troch de rie fan advys. It deistich wurk wurdt dien troch it projektburo. Dêrneist wurkje ûnderskate frijwilligers mei om it sukses fierder út te bouwen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]