Fryslân

Ut Wikipedy
De Alde Friezen
polityk
lân Nederlân
status provinsje
haadstêd Ljouwert
kommissaris fan
   de kening

  ()
geografy
oerflak 5.748,76 km² (2015) ()
  •  dêrfan lân
  •  dêrfan wetter
  rang provinsjes
demografy
ynwennertal 647.784
  teldatum
  rang provinsjes
befolkingstichtens 200 ynw./km²
oar
NUTS NL12
ISO 3166-2 NL-FR
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
Sifers binne fan 2015 en publisearre troch it Sintraal Buro foar de Statistyk.
Dizze side giet oer de Nederlânske provinsje Westerlauwersk Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fryslân (betsjuttings).
Fyslân (2019)

Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op 31 desimber 2018 647.784 ynwenners. It oerflak beslacht 6198,64 km², wêrfan 2849,38 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.

Geografy

De Fryske fêstewâl wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch de provinsjes Grinslân en Drinte, en yn it suden troch Oerisel en de Noardeastpolder. De Ofslútdyk ferbynt West-Fryslân yn Noard-Hollân mei de Fryske fêstewâl by it plak Surch en is de skieding tusken de Iselmar en de Waadsee. De Iselmar leit westlik/súdwestlik fan de Fryske fêstewâl en oan de west- en noardkante leit de Waadsee. De fjouwer Waadeilannen dy't by de provinsje hearre binne de natuerlike skieding tusken Waadsee en Noardsee.

It heechste punt fan de provinsje Fryslân is de 45 meter hege Fjoerboetsdún op Flylân. Op de fêstewâl is de Boskberch by Appelskea mei 27 meter it heechste punt, it djipste punt fan de provinsje is −2 meter.[1]

Lânskipsgebieten

It gea kin ferdielt wurde yn ferskate lânskipsgebieten:

Fryslân hat in ferskaat oan natuergesichten. De Fryske marren yn, benammen de Súdwesthoeke, binne ferneamd. Yn de Stellingwerven by Appelskea binne grutte heidefjilden en stodunen te sjen, lykas yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De boskgebieten lizze benammen yn it suden en easten fan de provinsje, lykas de bosken yn de omkriten fan it Oranjewâld. De grutste natoerbehearders yn de provinsje Fryslân binne: Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea.

Bosk, greide, eilannen en wetter
Aekingersân
Aekingersân
Greiden by Dearsum
Greiden by Dearsum
Greiden by Dearsum
 
Beamwâl (Fryske Wâlden)
Beamwâl (Fryske Wâlden)
Heide by Bakkefean
Heide by Bakkefean
Heide by Bakkefean  
Waadsee mei Skylge
Waadsee mei Skylge
Skylger dunen
Skylger dunen
Skylger dunen
 
De Tsjûkemar
De Tsjûkemar
Fjoerboetsdún, Flylân
Fjoerboetsdún, Flylân

Gemeenten

De Wikipedy hat ek in side Fryske gemeenten.

Fryslân bestiet sûnt 2019 út 18 gemeenten. Nei lânoerflak is Súdwest-Fryslân de grutste gemeente, dêrnei folget Opsterlân. Nei ynwennertal is de gemeente Ljouwert mei 94.131 ynwenners fierwei it grutst. De twadgrutste gemeente nei ynwennertal is sûnt 1 jannewaris 2011 de gemeente Súdwest-Fryslân, mei in ynwennertal fan 82.284 minsken.

Yn ûndersteande tabel steane alle 18 gemeenten, mei dêrefter it lânoerflak, it tal ynwenners (per 31 des. 2018), de befolkingstichtens, it trochsneed ynkommen nei ynwenners en it haadplak. Gemeenten mei in stjerke efter de namme hawwe offisjeel in Nederlânske of tuskenbeiden namme, dy't net gelyk is oan de Fryske namme.

Nr. Namme Lânoerflak
(km2)
Ynwenners
Befolkingstichtens
inw./km²
Trochsneed ynkommen
€ de ynw.
Haadplak
1 Achtkarspelen 102,61 27.897 274 11.400 Bûtenpost
2 It Amelân* 59,18 3.677 59 11.700 Ballum
3 Dantumadiel 85,67 18.928 225 11.100 Damwâld
4 Eaststellingwerf* 224,16 25.520 117 11.900 Easterwâlde
5 Flylân* 36,16 1.142 32 13.300 East-Flylân
6 De Fryske Marren 559,93 51.447 De Jouwer
7 Harns* 25,02 15.766 631 12.000 Harns
8 It Hearrenfean* 135,21 50.260 321 12.900 It Hearrenfean
9 Ljouwert* (haadstêd) 79,16 123.054 1165 12.300 Ljouwert
10 Noardeast-Fryslân 516,45 45.157 Dokkum
11 Opsterlân* 224,86 29.689 134 12.500 Beetstersweach
12 Skiermûntseach* 40,79 940 23 14.200 Skiermûntseach
13 Skylge* 87,11 4.893 54 13.400 West-Skylge
14 Smellingerlân* 118,46 55.932 467 12.200 Drachten
15 Súdwest-Fryslân 433,09 89.715 190 - Snits
16 Tytsjerksteradiel 149,59 31.743 216 12.500 Burgum
17 De Waadhoeke* 316,00 46.163 Frjentsjer
18 Weststellingwerf 221,53 25.828 117 12.000 Wolvegea

Klimaat

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Fryslân yn in sône mei in Cfb-klimaat: In myld maritym seeklimaat (mei troch de ynfloed fan de Noardsee). De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5°C. It tal sinne-oeren yn Fryslân is 1.475 yn ’t jier. [2] De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum, op Flylân, en op Skylge.[3]

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C 12,6 14,4 20,4 26,0 28,7 32,5 31,4 32,8 29,1 23,8 16,4 14,2
32,8
Maks. trochsneed temp. °C 4,6 5,1 8,3 11,4 15,9 18,1 20,3 20,8 17,6 13,4 8,7 5,8
12,5
Min. trochsneed temp. °C -0,2 -0,4 1,6 3,2 6,9 9,8 12,2 12,0 9,8 6,6 3,3 1,1
5,5
Leechste temp. ea metten °C -19,9 -16,3 -16,3 -5,9 -1,7 1,3 5,7 5,4 2,0 -6,5 -14,2 -19,2
-19,9
Reinfal yn mm 65,6 42,1 59,4 38,4 51,4 68,7 64,2 60,2 82,1 78,4 83,7 73,0
767,2
Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1971-2000 [4][5]

Skiednis

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

Tusken 400 en 200 foar Kristus setten de earste minsken har yn it gebiet nei wenjen. De minsken wennen doe op terpen. Troch de Romeinen waarden de bewenners op de terpen tusken Fly en Iems Frisii neamd. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Fryslân in heidensk gebiet dêr't de minsken noch hieltyd op terpen wennen. Om it jier 700 hinne ferdigenet kening Redbad mei sukses it heidenske Fryslân tsjin de kristlike Franken. Nei de dea fan Redbad folget stadichwei de oermastering fan Fryslân troch de Franken. Mei de Franken komme yn de achtste iuw ferskate missionarissen nei Fryslân dy't de Friezen kerstenje wolle. Ien fan de meast ferneamde missionarissen wie Bonifatius, dy't yn 'e omkriten fan Dokkum stoarn is.

Om it jier 1100 hinne begjint de tiid fan de Fryske frijheid. De Fryske frijheid wie in útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Ut dy tiid binne Fryske rjochtsteksten en oarkonden oerlevere dy't foar it grutste part skreaun wienen yn it Aldfrysk. It konsept fan de Sân seelannen en de Upstalbeam binne twa wichtige eleminten yn de Fryske frijheid. De Sân Seelannen wienen de sân Fryske lannen dy't de Fryske frijheid dielden. De Upstalbeam wie it plak dêr't ôffurdigen út de ferskate Fryske lannen benammen yn de 14e iuw gearkamen om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Yn 1498 einige de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers en it gebiet kaam ûnder Saksysk gesach. De Saksen ferkochten it gebiet yn 1515 oan de Boergondjers.

Yn de tiid fan de Sân Feriene Nederlannen waard mei it Hearlikheid Fryslân de grûnslach lein foar de lettere provinsje Fryslân. It Hearlikheid Fryslân hie fjouwer goaën: Westergoa, Eastergoa, Sânwâlden en de Alve Stêden. Haadstêd en bestjoerlik sintrum waard de stêd Ljouwert. Yn de jierren 1579-1795 wie it Hearlikheid Fryslân feitlik in autonoom gebiet mei in eigen universiteit (Universiteit fan Frjentsjer) en de Admiraliteit fan Fryslân. Yn de Frânske tiid waard de hjoeddeiske provinsje Fryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid waard Fryslân in provinsje fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mar ferlear syn autonome status dy't it wol hân hie yn de tiid fan de Republyk.

Bestjoer

De Wikipedy hat ek in side Provinsjale Steaten fan Fryslân.

De provinsje Fryslân wurdt bestjoerd fan it Provinsjehûs yn Ljouwert út troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en telt op it stuit 43 leden. It kolleezje fan Deputearre Steaten is op it stuit seis man machtich, foarsitter hjirfan is de Kommissaris fan de Keninginne, Arno Brok. Sûnt 2011 bestiet it kolleezje fan Fryslân út de partijen PvdA, CDA en FNP.

Yn it kolleezje fan Deputearre Steaten sitte:

Utslaggen Steateferkiezings

Utslaggen Steateferkiezings
2003 2007 2011 2015 2019
Partij Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten
CDA 27,4 16 25,8 12 17,7 12 20,8 9 8
FVD - - - - - - - - 6
PvdA 26,2 15 25,6 12 23,7 11 15,5 7 6
VVD 10,9 6 10,8 5 13,8 6 11 5 4
FNP 13,2 7 10,7 5 9,2 4 9,5 4 4
GrienLinks 5,4 3 3,9 2 5,2 2 3,6 1 3
CU 5,6 3 8,2 3 6,4 3 7,4 3 3
PVV - - - - 8,4 4 8,7 4 3
SP 4,8 2 9,6 4 8,4 3 10,9 5 2
D66 2,5 1 1,3 - 4,2 2 6,9 3 2
Partij foar de Dieren - - - - - - 2,6 1 1
50PLUS - - - - 1,4 - 2,4 1 1
Provinciaal Belang
Fryslân
- - - - 1,2 - - - -
SGP - - - - - - - - -
Natuurlijk Fryslân - - - - - - - - -
DENK - - - - - - - - -
Friese Koers - - - - - - 0,4 - -
Libertarische Partij - - - - - - 0,2 - -
Feriene Lofts - - - - 0,1 - 0,1 - -
PvhN - - - - 0,3 - - - -
Gemeentebelangen
Fryslân
1,9 1 - - - - - - -
LPF 1,7 1 - - - - - - -
Opkomst/sitten 56,1 55 54,1 43 59,9 43 53,0 43 ... 43

Demografy

Befolkingsûntjouwing provinsje[6][7]
Jier Tal ynwenners
1714 129.243
1748 135.195
1796 161.513
1811 175.366
1830 204.909
1840 227.859
1850 243.191
1860 269.701
1870 300.863
1880 329.877
1890 335.558
1900 340.263
Jier Tal ynwenners
1910 363.625
1920 385.362
1930 402.051
1940 424.462
1950 465.267
1960 478.206
1970 521.820
1982 592.314
1990 599.151
1999 621.222
2010 646.305
2017 647.083
2018 647.784

It tiidrek 1880-1900 lit in stadige befolkingsoanwaaks sjen. Troch de lânboukrisis fan 1880 setten mear as 20.000 Fryske lânferhuzers nei de Feriene Steaten ta.[8]

Op 31 desimber 2018 hie Fryslân in befolking fan 647.784 minsken.[9] Mei in befolkingstichtens fan 193 ynwenners de km² is de provinsje Fryslân nei Drinte de tinst befolke provinsje fan Nederlân.

Neffens ferwachting sil de provinsje yn 2025 sa likernôch 657.000 ynwenners hawwe, dêrnei sil it ynwennertal nei alle wierskyn ôfnimme.[10]

Religy

Sa likernôch de helte fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân is kristlik. De sifers binne fan it CBS fan 2003[11]:

Religy yn Fryslân
Roomsk-Katolyk Grifformeard Nederlânsk Herfoarme Islam Net religieus
7,6 %
18,4 %
18,5 %
1,9 %
47,9 %

Plakken

Alve stêden

In loftfoto fan Westerlauwersk Fryslân út it ISS wei.

Fan âlds binne der alve stêden (de Fryske Alve Stêden) yn de provinsje Fryslân. De measte fan dizze stêden lizze yn it westlik part fan Fryslân. By dizze stêden del fynt ek de Alvestêdetocht plak.

Grutste plakken

Hjirûnder in list fan de tsien grutste plakken yn Fryslân.

Nr. Plaknamme Tal ynwenners
1 Ljouwert 94.073
2 Drachten 44.795
3 Snits 33.000
4 It Hearrenfean 29.750
5 Harns 15.878
6 Frjentsjer 13.045
7 Dokkum 12.997
8 De Jouwer 12.970
9 Wolvegea 12.738
10 De Lemmer 10.050

Boarne: Keamer fan Keaphannel (1 febrewaris 2012)

Beskerme steds- en doarpsgesichten

De Wikipedy hat ek in side Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.

Fryslân hat tsien beskerme stedsgesichten en 46 beskerme doarpsgesichten en in beskerme gebiet.

Taal

It hjoeddeiske Fryske taalgebiet

Yn Fryslân wurdt it Westerlauwersk Frysk, it Nederlânsk en in ferskaat oan oare taalfarianten sprutsen.

Frysk

De Wikipedy hat ek in side Frysk.

It Frysk fan de provinsje Fryslân wurdt ek wol Westerlauwersk Frysk neamd, om sa it plak fan de Fryske taal tusken de oare Fryske talen (it Sealterfrysk en Noardfrysk) dúdlik te meitsjen. Wat mear as de helte fan de Friezen yn de provinsje Fryslân hat it Frysk as memmetaal, te witten 53,6% (2001). Dantumadiel is de gemeente dêr’t de measte ynwenners it Frysk as memmetaal hawwe, te witten 83,3%. Yn Harns is dat it leechst (21,6%).[12] Sa likernôch in fearnspart fan de befolking kin 'frij aardich' Frysk skriuwe (12,1 persint goed).

Dantumadiel wie de earste Fryske gemeente dy't sawol Fryske plaknammen en strjitnammen as ek in Frysktalige gemeentenamme hat. Yn 2012 wienen der 7 gemeenten dy't offisjeel Fryske plaknammen brûke. De offisjele wetternammen binne rûnom yn de provinsje (útsein de Stellingwerven) yn it Frysk. It Frysk hat yn de Fryske steaten en yn by de Fryske gemeenten de status fan offisjele bestjoerstaal.

Nederlânsk

It Nederlânsk is de twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân. Ferskate media lykas de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en GPTV brûke mear Nederlânsk as Frysk. It Nederlânsk komt yn it ûnderwiis op it foarste plak, op trijetalige skoallen is it neist it Frysk en Ingelsk de tredde taal. Yn de haadstêd Ljouwert hie yn 1967 sa'n 28 persint fan de befolking it Nederlânsk as memmetaal, yn 1993 wie dat 46 persint.[13]

Oare taalfarianten

De oare taalfarianten yn de provinsje Fryslân kinne sa yndield wurde:

It brûken fan de dialekten nimt yn de provinsje Fryslân sterk ôf. It Oertsjongersk (Stellingwerfsk) waard yn 2011 troch 22 persint yn Weststellingwerf en troch 11 persint fan de befolking yn Eaststellingwerf praat. Yn It Bilt kin sa'n tritich persint fan de befolking Biltsk prate.[14] In foarbyld fan it ôfnimmen fan de dialekten is de delgong fan it Stedsk yn Ljouwert. Prate yn 1967 noch 37 persint fan de Ljouwerters stedsk, yn 1993 wie dat tebekrûn oant 15 persint.[15]

Ekonomy

De provinsje Fryslân is foar in relatyf grut part agrarysk. Troch it agraryske karakter is de provinsje mei troch de suvelyndustry bekend wurden. De toeristyske sektor nimt ek in wichtich plak yn. Mei it Fryske Marreprojekt jout de provinsje in stimulâns oan it wettersporttoerisme yn it súdwesten en midden fan de provinsje. Foar de toeristyske sektor binne Fryske eilannen fan grut belang. De tsjinstesektor kriget foaral syn beslach yn de gruttere plakken lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten.

De beropsbefolking bestie yn 2009 út sa likernôch 300.000 minsken[16], dat wie doe 3,8 persint fan de Nederlânske beropsbefolking. Yn it jier 2006 wie it regionale BYP per ynwenner, neffens keapkrêft, by 105,1 persint fan trochsnee fan de 27 EU-lannen.[17] It BYP fan de provinsje besloech € 18,9 miljard yn 2008[18], sa'n 3,17% it Nederlânske BYP.

Ferkear

Akwadukt Mid-Fryslân mei dêrnjonken de spoarbrêge, ûnder it akwadukt troch rint de A6.

Troch de provinsje hinne lizze fjouwer sneldiken: de A6, A7, A31 en A32. Yn de provinsje binne njoggen akwadukten, foar in part binne se ûnderdiel fan it Fryske Marrenprojekt.

Yn de provinsje Fryslân lizze fjouwer spoarlinen: Ljouwert-Harns, Ljouwert-Starum, Ljouwert-Grins en Ljouwert-Swol. In mooglik takomstich spoar is it spoar fan Grins nei It Hearrenfean.

De haven fan Harns is de wichtichste seehaven fan Fryslân. It Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal binne de wichtichste kanalen foar de grutte skipfeart. Nei de eilannen ta docht Rederij Doeksen de feartsjinst fan Harns nei Flylân en Skylge. Rederij Eigen Feartsjinst Skylge fart allinnich út Harns nei Skylge ta. De rederij Wagenborg fart fan Holwert nei It Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.

Foar it loftferkear binne fan belang: It Fleanfjild Drachten mei in ferhurde baan fan 950 meter en it Amelân Fleanfjild Ballum mei in gersbaan fan 998 meter. De Fleanbasis Ljouwert hat twa ferhurde banen en wurdt foar de militêre loftfeart brûkt. Op Flylân is oan de eastkant fan it eilân in lytse helikopterhaven.

Media

Ferdivedaasje

Sport

Keatsen op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

UNESCO

Op de UNESCO-wrâlderfskiplist stean de Waadsee en it Yr. D.F. Woudagemaal.

Musea

De Wikipedy hat ek in side List fan musea yn de provinsje Fryslân.
Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer

Yn 2010 hienen de ferskate Fryske musea sa likernôch 890.000 besikers.[19] In ferheging fan sân persint yn ferliking mei it jier 2009. Neffens Museumfederaasje Fryslân krigen de neikommende museu mear as 40.000 besikers: Natuermuseum It Amelân, Tresoar, Jopie Huisman Museum, Natoermuseum Fryslân, Eise Eisinga Planetarium, Frysk Museum/ Fersetsmuseum Fryslân en Museum Belvédère.

Eveneminten

Literatuer

Op it literêre mêd wurde de measte romans dy't yn de provinsje ferskine yn it Frysk skreaun. Ferneamde Fryske skriuwers út it ferline binne: Gysbert Japiks, Joast Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Simke Kloosterman, Fedde Schurer, Rely Jorritsma, Obe Postma en Rink van der Velde. Nei alle niisneamde skriuwers is in literêre priis neamd.

Sjoch ek

Tema:Provinsje Fryslân – Wikipedy hat ek in temaside oer de Provinsje Fryslân

Keppelings om utens

Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Fryslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Fryslân – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Fryslân – geografyske en histoaryske kaarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ahn.nl
  2. Sinnekaart Nederlân
  3. Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân
  4. KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000
  5. KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000
  6. [1] Tresoar: Histoaryske befolkingsoantallen Fryslân 1714 - 2000
  7. CBS Bevolking 2010
  8. Emigraasje nei de Feriene Steaten
  9. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.
  10. fryslan.frl Befolkingsferwachting 2009-2030 op de webside fan de Provinsje Fryslân
  11. Religie; naar regio; 2000/2002 of 2003 op de webside fan it CBS
  12. Fryske taalatlas 2011 (side 4 en 5) op de webside fan de Provinsje Fryslân
  13. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008
  14. Fryske taalatlas 2011 (side 12) op de webside fan de Provinsje Fryslân
  15. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008
  16. CBS Beropsbefolking Fryslân 2009.
  17. Eurostat Jahrbuch der Regionen 2009: Kapitel 4: Bruttoinlandsprodukt (PDF; 5,4 MB) en (XLS; 134 KB)
  18. CBS BYP fan de provinsje Fryslân.
  19. Museumfederaasje Fryslân 2010 topjaar voor Friese musea.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
Provinsjes fan Nederlân
Flagge fan Nederlân
Flagge fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
wizigje