Fryskemp3.nl

Ut Wikipedy

Fryskemp3.nl is in webside dêr't allinnich Frysktalige nûmers (streektaal mei ek) del te laden binne. De nûmers stean net fisyk op fryskemp3.nl, mar der wurdt trochferwiisd nei de side fan de band sels.

De Fryske delhel top 30 is in ûnderdiel fan de webside. Dizze list wurdt gearstald troch te sjen nei it tal kearen dat in nûmer delhelle is. Der wurdt by de delhel top 30 allinnich nei dizze en de ôfrûne moanne sjoen om ek in nij nûmer de kâns te jaan yn de top 30 te kommen. Tusken de skrapkes stiet de einstân fan 'e ôfrûne moanne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]