Springe nei ynhâld

Fryske Steateferkiezings 2023

Ut Wikipedy
Fryske Steateferkiezings 2023
flagge fan Fryslân

2019 15 maart 2023 2027

43 te ferdielen sitten
22 sitten foar in mearderheid
Opkomst: 65,62%
Risseltaat
Grutste partij: BBB
Nije koälysje: Brok II
Begjin regearperioade: 19 july 2023


Grutste partij de provinsje


Eardere koälysje: Brok I

De Fryske Steateferkiezings 2023 binne de ferkiezings foar it Frysk Parlemint dy't op woansdei 15 maart 2023 holden waarden. Mei dizze ferkiezings waarden de leden keazen fan de Provinsjale Steaten, de folksfertsjintwurdiging fan Fryslân en it heechste bestjoerlik orgaan binnen de provinsje.[1]

Dielnimmende partijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
List Partij Listlûker
1 Kristen Demokratysk Appèl (KDA)

Christen Democratisch Appèl (CDA)

Friso Douwstra
2 Foarum foar Demokrasy (FFD)

Forum voor Democratie (FvD)

Albert van Dijk
3 Partij fan de Arbeid (PfdA)

Partij van de Arbeid (PvdA)

Edou Hamstra
4 Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (FFD)

Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD)

Avine Fokkens-Kelder
5 Fryske Nasjonale Partij (FNP)

Friese Nationale Partij (FNP)

Sijbe Knol
6 GrienLinks (GL)

GroenLinks (GL)

Charda Kuipers
7 KristenUny (KU)

ChristenUnie (CU)

Matthijs de Vries
8 Partij foar de Frijheid (PFF)

Partij voor de Vrijheid (PVV)

Max Aardema
9 Sosjalistyske Partij (SP)

Socialistische Partij (SP)

Hanneke Goede
10 Demokraten 66 (D66)

Democraten 66 (D66)

Danny van der Weijde-Hoogstad
11 Partij foar de Bisten (PfdB)

Partij voor de Dieren (PvdD)

Menno Brouwer
12 50PLUS (50+)

50PLUS (50+)

Herman Nota
13 It Júste Antwurd 21 (JA21)

Het Juiste Antwoord 21 (JA21)

Maarten Goudzwaard
14 Belang fan Nederlân (BVNL)

Belang van Nederland (BVNL)

Johan Talsma
15 Provinsjaal Belang Fryslân (PBF)

Provinciaal Belang Friesland (PBF)

Sandra de Jong-Snip
16 Algemiene Wetterskipspartij (AWP)

Algemene Waterschapspartij (AWP)

Frans de Graaf
17 BoerBoargerBeweging (BBB)

BoerBurgerBeweging (BBB)

Abel Kooistra

Op 23 maart 2023 waard yn in iepenbiere sitting fan it sintraal stimburo yn Ljouwert de definitive útslach fêststeld.[2] De tawizing fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân waard dien mei de D'Hondt-metoade.

De BBB waard mei 94.458 stimmen (goed foar 27,86 prosint fan de jildige stimmen) de grutste partij. Dêrmei kaam de partij út it neat yn de Steaten mei 14 sitten. De PvdA einige as twadde mei 36.023 stimmen en fiif sitten. It CDA en de FNP folgen mei respektivelik mei elk fjouwer sitten. De VVD en GL behellen elk trije sitten. CU en PVV krigen beide twa sitten. FVD, SP, PvdD, D66, JA21 en PBF hellen elk ien sit. BVNL, 50+ en AWP bleaunen ûnder de kiesdrompel en behellen gjin sit.

Yn ferliking mei de foarige ferkiezings liet benammen BBB in sterke groei sjen, wylst FVD dúdlikerwize fiif sitten ferlear. Ek it CDA helle fjouwer minder sitten as by de foarige ferkiezings.

Ferkiezingsútslach Fryske Steateferkiezings 2023
Partij Stimmen % E.O. Sitten +/-
BBB 94.458 27,86% 12,38 14 opgong 14
PvdA 36.023 10,62% 4,72 5 delgong 1
CDA 29.669 8,75% 3,89 4 delgong 4
FNP 27.298 8,05% 3,58 4 stagnaasje 0
VVD 22.843 6,74% 2,99 3 delgong 1
GL 22.181 6,54% 2,91 3 stagnaasje 0
CU 17.883 5,27% 2,34 2 delgong 1
PVV 15.102 4,45% 1,98 2 delgong 1
FVD 12.366 3,65% 1,62 1 delgong 5
SP 11.724 3,46% 1,54 1 delgong 1
PvdD 11.402 3,36% 1,49 1 stagnaasje 0
D66 11.237 3,31% 1,47 1 delgong 1
JA21 9.096 2,68% 1,19 1 opgong 1
PBF 6.891 2,03% 0,90 1 opgong 1
Effektive stimmen 328.173 96,77% 43 43 -
Kiesdrompel 6.747[3]
BVNL 6.033 1,78%
50+ 2.903 0,86% delgong 1
AWP 1.971 0,58%
Jildige stimmen 339.080 100% 43 43 0
Kiesdieler 7.885,58[4]
Foarkarsdrompel 1.971,40[5]
Blanko 844 0,16%
Ûnjildich 730 0,14%
Opkomst 340.654 65,62%
Net opkaam 178.464 34,38%
Kiesgerjochtigden 519.118 100%

Utslach de gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De útslach lit sjen dat de BBB yn alle gemeenten de grutste partij waard. Benammen yn de Stellingwerven wie de stipe grut, mei sa'n 41% fan de effektive stimmen. Ek yn De Fryske Marren, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, Dantumadiel, Achtkarspelen en op de Waadeilannen kaam de partij boppe de 30%. Allinnich yn Ljouwert bleau BBB mei 18% dúdlik ûnder it provinsjaal gemiddelde.

Yn de stêd Ljouwert wie it byld sawisa mear ferspraat. Dêr hellen PvdA en GrienLinks relatyf hege persintaazjes fan respektivelik 16 en 12 persint. Ek SP, D66 en PvdD diene it dêr relatyf goed yn ferliking mei oare gemeenten. Ek op de Waadeilannen helle de PvdA mei 18% in relatyf hege skoare. De FNP liet benammen yn Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke in sterke posysje sjen, mei oandielen fan boppe de 10%. It CDA behelle benammen yn de Wâlden rûn de 11%, ûnder mear yn Achtkarspelen, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

Opfallend wie fierder it relatyf hege oandiel fan de KristenUny yn Dantumadiel, Achtkarspelen en Smellingerlân, dêr’t de partij minstens 10% fan de stimmen krige. De PVV helle yn guon gemeenten, lykas Achtkarspelen, Dantumadiel en Harns, boppe de 6 persint. Op It Hearrenfean hellen benammen de liberale partijen VVD en D66 in heger oandiel as yn in soad oare gemeenten en de VVD skoarde ek op de Waadeilannen en yn Harns heech.

Oer it generaal is der in ferskil te sjen tusken de mear ferstedske gemeenten en it plattelân. Yn Ljouwert, Smellingerlân (Drachten), It Hearrenfean en Harns bleau it stimpersintaazje fan BBB efter by dat yn in protte plattelânsgemeenten, wylst oare partijen dêr relatyf sterker foar it ljocht kamen.

Ferdieling fan effektive stimmen (%) de gemeente (op folchoarder fan lofts nei rjochts)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

██ PvdD

██ SP

██ GL

██ PvdA

██ D66

██ FNP

██ PBF

██ CU

██ CDA

██ BBB

██ VVD

██ JA21

██ PVV

██ FVD

Ljouwert
5 5 12 16 5 7 2 4 7 18 8 3 4 4
Smellingerlân
3 5 7 11 4 6 3 10 10 23 7 2 5 5
Tytsjerksteradiel
3 3 6 10 3 12 1 7 11 28 6 3 4 3
It Hearrenfean
4 4 7 14 5 7 3 4 7 26 9 3 4 4
Waadhoeke
3 4 5 10 2 11 3 4 10 31 6 3 4 3
Súdwest-Fryslân
3 3 6 11 4 9 2 4 11 30 8 3 4 4
Harns
5 4 7 14 3 4 3 4 9 25 9 4 6 4
Opsterlân
3 3 6 10 4 10 2 7 7 33 6 2 4 3
Dantumadiel
2 3 3 7 2 9 1 12 11 33 3 3 6 4
Noardeast-Fryslân
3 3 4 6 2 12 1 8 11 35 5 3 5 4
Waadeilannen
4 3 5 18 4 2 4 2 7 32 11 3 3 2
Achtkarspelen
2 2 3 7 1 10 1 10 11 32 4 2 8 6
De Fryske Marren
3 2 5 8 3 10 2 4 10 35 8 3 4 3
Eaststellingwerf
4 4 6 9 3 3 3 5 6 41 6 2 5 4
Weststellingwerf
4 3 6 9 3 2 2 3 7 41 8 3 5 4
Fryslân
3 4 7 11 3 8 2 5 9 29 7 3 5 4

De kiesdrompel foar kandidaten waard mei 25% fan de kiesdieler fêststeld op 1.972 stimmen. Hjirtroch waarden 24 kandidaten mei foarkarsstimmen selektearre en 19 fia de listfolchoarder. Femke Wiersma fan de BBB stie as listtriuwer op in 28e plak, maar waard dochs streekrjocht ferkeazen troch stipe fan 8.206 stimmers. Frederique Kosse behelle 2.426 foarkarsstimmen, mar kaam net yn ’e Steaten om't de Partij foar de Bisten net genôch stimmen helle foar in twadde sit.

De ûndersteande 43 leden fan de Fryske Steaten waarden op 29 maart 2023 ynstallearre.[6]

Fraksje (#) Namme Wenplak Gemeente Stimmen (Seleksje)
BBB 1 Abel Kooistra Wergea Ljouwert 54.276 Foarkarsstimmen
PvdA 1 Edou Hamstra Ljouwert Ljouwert 21.347 Foarkarsstimmen
CDA 1 Friso Douwstra Ljouwert Ljouwert 18.005 Foarkarsstimmen
VVD 1 Avine Fokkens-Kelder Ljouwert Ljouwert 15.882 Foarkarsstimmen
GL 1 Charda Kuipers Ljouwert Ljouwert 13.820 Foarkarsstimmen
PVV 1 Max Aardema Drachten Smellingerlân 11.960 Foarkarsstimmen
FNP 1 Sijbe Knol Sint Anne Waadhoeke 11.623 Foarkarsstimmen
CU 1 Matthijs de Vries Ljouwert Ljouwert 10.615 Foarkarsstimmen
BBB 28 Femke Wiersma Holwert Noardeast-Fryslân 8.206 Foarkarsstimmen
SP 1 Hanneke Goede Snits Súdwest-Fryslân 8.081 Foarkarsstimmen
FVD 1 Albert van Dijk Stroobos Achtkarspelen 6.980 Foarkarsstimmen
BBB 3 Dieuwke Bakker Menaam Waadhoeke 6.499 Foarkarsstimmen
JA21 1 Maarten Goudzwaard Ljouwert Ljouwert 6.182 Foarkarsstimmen
D66 1 Danny van der Weijde-Hoogstad Lippenhuzen Opsterlân 5.555 Foarkarsstimmen
PvdD 1 Menno Brouwer Burgum Tytsjerksteradiel 5.147 Foarkarsstimmen
FNP 2 Dinie Visser Snits Súdwest-Fryslân 4.767 Foarkarsstimmen
BBB 2 Auke Talsma Dronryp Waadhoeke 4.209 Foarkarsstimmen
PBF 1 Sandra de Jong-Snip Drachten Smellingerlân 4.123 Foarkarsstimmen
PvdA 2 Christa Oosterbaan West-Skylge Skylge 3.254 Foarkarsstimmen
CDA 3 Karin van der Velde-Ronda Nyegea Smellingerlân 2.914 Foarkarsstimmen
BBB 4 Harm Wiegersma Rinsumageast Dantumadiel 2.577 Foarkarsstimmen
BBB 6 Froukje de Jong-Krap Sint Anne Waadhoeke 2.132 Foarkarsstimmen
BBB 7 Freerk Abma De Gordyk Opsterlân 2.067 Foarkarsstimmen
CU 2 Margreet Jonker Westergeast Noardeast-Fryslân 2.024 Foarkarsstimmen
GL 3 Elsa van der Hoek Ljouwert Ljouwert 1.726 Listfolchoarder
VVD 2 Eric ter Keurs Drachten Smellingerlân 1.319 Listfolchoarder
BBB 12 Cor Keuning It Hearrenfean It Hearrenfean 1.132 Listfolchoarder
FNP 4 Sita Land-Dotinga Surhuzum Achtkarspelen 1.050 Listfolchoarder
BBB 5 Robert Lenes Rottum De Fryske Marren 1.041 Listfolchoarder
BBB 8 Natalie Nauta Tersoal Súdwest-Fryslân 1.006 Listfolchoarder
CDA 2 Aebe Aalberts Damwâld Dantumadiel 894 Listfolchoarder
GL 2 Jochem Knol Beetstersweach Opsterlân 794 Listfolchoarder
BBB 9 Ursela Lolkema Ousternijegea De Fryske Marren 782 Listfolchoarder
PvdA 3 Klaas Zwart Snakkerbuorren Ljouwert 774 Listfolchoarder
PvdA 4 Jaap Stalenburg It Hearrenfean It Hearrenfean 767 Listfolchoarder
BBB 10 Carin Stam Aldehaske De Fryske Marren 749 Listfolchoarder
FNP 3 Fedde Breeuwsma Dokkum Noardeast-Fryslân 649 Listfolchoarder
PVV 2 Harrie Graansma Boelensloane Achtkarspelen 643 Listfolchoarder
VVD 3 Martijn Brands Ljouwert Ljouwert 578 Listfolchoarder
CDA 4 Martin Kruis Snits Súdwest-Fryslân 546 Listfolchoarder
PvdA 5 Daan Olivier It Hearrenfean It Hearrenfean 420 Listfolchoarder
BBB 11 Jan Porsius Haskerdiken It Hearrenfean 399 Listfolchoarder
BBB 13 Debora Helfferich-Zijlstra Jelsum Ljouwert 354 Listfolchoarder

Keazen leden de regio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens lokale gegevens binne de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Ljouwert en Opsterlân yn ferhâlding relatyf sterk fertsjintwurdige yn it Frysk Parlemint.[7] Oan de oare kant binne der gjin fertsjintwurdigers fanút Eastellingwerf, Weststellingwerf en Harns yn de Steaten te finen.

Gemeente Stimmen (E.O.) Mandaten Ratio Mandaatferdieling
Ljouwert 59.326 7,52 11 1,46
2 2 1 1 2 2 1
Súdwest-Fryslân 47.241 5,99 4 0,67
1 1 1 1
De Fryske Marren 28.658 3,63 3 0,83
3
Smellingerlân 27.625 3,50 4 1,14
1 1 1 1
It Hearrenfean 26.210 3,32 4 1,20
2 2
Noardeast-Fryslân 24.259 3,08 3 0,98
1 1 1
Waadhoeke 24.183 3,07 4 1,30
1 3
Tytsjerksteradiel 17.829 2,26 1 0,44
1
Opsterlân 16.554 2,10 3 1,43
1 1 1
Achtkarspelen 14.629 1,86 3 1,62
1 1 1
Weststellingwerf 14.208 1,80 0 0,00
Eaststellingwerf 14.006 1,78 0 0,00
Dantumadiel 10.309 1,31 2 1,53
1 1
Harns 7.926 1,01 0 0,00
Waadeilannen 6.117 0,78 1 1,29
1
Meïnoar 339.080 (43) 43 1

██ PvdD (1)

██ SP (1)

██ GL (3)

██ PvdA (5)

██ D66 (1)

██ PBF (1)

██ FNP (4)

██ CU (2)

██ CDA (4)

██ BBB (14)

██ VVD (3)

██ JA21 (1)

██ PVV (2)

██ FVD (1)

De ferkenner wie Chris Stoffer fan de SGP dy't op 22 maart begûn.[8] De partijleaze boargemaster fan Achterkarspelen Oebele Brouwer waard dêrnei op 5 april foardroegen as formateur.[9] De formaasje fan in nij kolleezje fan Deputearre Steaten ferrûn dêrnei net sûnder swierrichheden. Yn earste ynstânsje waard de Partij fan de Arbeid by de ûnderhannelings behelle, mar dy partij luts har op 20 juni werom út de beëage koälysje.[10] De reden hjirfoar wiene de soargen oer foarnommen besunigings op natuer en kultuer.[11] Op 23 juni waard oanjûn dat de PvdA ferfongen waard troch de FNP.[12]

Nei in formaasje fan rom fjouwer moannen waard der in nij Kolleezje fan Deputearre Steaten foarme besteande út de BoerBurgerBeweging, it CDA, de Fryske Nasjonale Partij en de KristenUny. Dizze koälysje hie meïnoar in mearderheid fan 24 fan de 43 sitten yn de Fryske Steaten. It koalysje-akkoart mei de titel 'Oparbeidzje foar Fryslân' waard op 19 july 2023 presintearre.[13]

  1. Fryslân.frl - Provinsjale Steaten
  2. Proces-verbaal uitslag verkiezing Provinciale Staten Fryslân 2023
  3. De kiesdrompel folget de 43e sit neffens de D'Hondt-metoade dy't útkomt op de 14e sit fan de BBB. De kiesdrompel wurdt dus fêststeld op 94.458 / 14 = 6.747.
  4. De kiesdieler wurdt bepaald troch it oantal jildige stimmen te dielen troch it totale oantal fan 43 sitten.
  5. De foarkarsdrompel wurdt bepaald troch 25% fan de kiesdieler te nimmen.
  6. Omrop Fryslân - Fryske Steateleden ynstallearre: "Harkje nei-inoar en meitsje ferbining"
  7. Overheid.nl - Dataset Verkiezingsuitslagen Provinciale Staten 2023
  8. Omrop Fryslân - Alle Steatefraksjes akkoart mei foardracht Chris Stoffer as ferkenner
  9. Omrop Fryslân - Oebele Brouwer formateur foar nije provinsjale koälysje
  10. Omrop Fryslân - Formaasje nije provinsjebestoer rint fêst; PvdA stapt út ûnderhannelings
  11. Omrop Fryslân - PvdA-gewest Fryslân stipet beslút Hamstra om út koälysje te stappen
  12. Omrop Fryslân - FNP ferfangt PvdA by koälysje-ûnderhannelingen, VVD bot teloarsteld
  13. Omrop Fryslân - Romme mearderheid foar de fiif deputearren, mar ek grutte soargen oer provinsjale finânsjes