Fryske Miljeufederaasje

Ut Wikipedy

Stichting Fryske Miljeu Federaasje waard in 1972 oprjochte as gearwurkingsferbân fan natoerbeskermings- en miljeuorganisaasjes yn Fryslân en setelt yn Ljouwert. It is ien fan de 12 provinsjale miljeufederaasjes yn Nederlân. By de Fryske Miljeu Federaasje binne hast fjirtich lokale natoer- en miljeuorganisaasjes oansluten.

Doel en organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste doelstelling is it stypjen fan duorsume ûntwikkeling, miljeubeskerming en behâld en ûntwikkeling fan natoer en lânskip.

Taken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e mande mei de oansluten organsaasjes set de Fryske Miljeu Federaasje him mei aksje, advys en foarljochting yn foar natoer, miljeu, lânskip en duorsume ûntwikkeling yn de provinsje Fryslân. Fierders is de federaasje aktyf by it oplossen fan natoer- en miljeuproblemen en it krijen fan draachflak foar needsaaklik achte miljeumaatregels.

Oansluten organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Fryske Miljeu Federaasje bine ferskate organisaasjes oansluten, op it mêd fan fûgelstúdzje, foarljochting, natoerkampen, lûd en gemeentlik miljeu-, natoer-, lânskip- of romtlik belied. Oansluten binne ûnder oare:

  • IVN, ôfdieling It Hearrenfean e.o.; ôfdieling Eaststellingwerf; ôfdieling Súdwesthoeke; Noard-East Fryslân,
  • Beammestichting
  • Fryske Feriening foar Fjildbiology,
  • Iselmarferiening,
  • It Fryske Gea
  • Jeugd Natoer Club “The Nature Kids”
  • Keninklike Nederlânske Jagersferiening, regio Fryslân
  • Keninklike Nederlânske Natoerhistoaryske Feriening; ôfdieling Drachten; ôfdieling Ljouwert
  • Miljeu Aktyf Skarsterlân
  • Miljeuplatfoarm Ljouwert
  • Miljeuwurkgroep Skylge
  • Natoer- en Lânskipsferiening 'De Wâlden, De Marren'
  • St. Bomenridders
  • St. Gaasterlân Natuerlân
  • St. It Griene Erfgoed
  • St. Miljeuplatfoarm It Hearrenfean e.o.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: