Springe nei ynhâld

Froukje Wartena

Ut Wikipedy
Froukje Wartena
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrouwkje Wartena
nasjonaliteit Nederlânsk
berne28 july 1855
berteplakAkkrum
stoarn14 april 1933
stjerplakLaren (Noard-Hollân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum asskilderesse, tekener en etser
offisjele webside
RKD-profyl

Froukje Wartena, eins Frouwkje Wartena (Akkrum, 28 july 1855 - Laren (Noard-Hollân), 14 april 1933) wie in Nederlânske skilderesse, tekener en etser.

Froukje Wartena wie in dochter fan dr. Auke Herres Wartena (1823-1882) en Joukje Luitzens van der Sluis (1829-1914). Har heit wie dokter yn Akkrum en Huzum. Nei syn ferstjerren ferhuze de húshâlding nei Grins; se krige dêr les fan J.H. Egenberger.

Yn 1883 ferhuze Warten nei Amsterdam, dêr't se studearre oan de Rijksnormaalschool voor Teekenonderwijzers (1883 -1890) by J.R. de Kruijff en Georg Sturm [1]. Paul Bodifée, Suze Fokker en A.M. Gorter sieten by har yn de klasse. Warten folge dêrnjonken tegearre mei ûnder oaren Augustine Obreen de jûnskursus oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten (1888-1889) by Ferdinand Oldewelt. [2] Se wurke in skoft as ûnderwizeres om troch de tiid te kommen ear't hja har folslein oan de keunst wije koe. [3]

Warten skildere, tekene en etste ynterieurs, sjenrestikken, stedsgesichten en lânskippen.[4] Se wie lid fan Arti et Amicitiae, Sint Lucas, de Pulchri Studio en it genoatskip Kunstliefde en eksposearre meardere kearen, ûnder oare by de tentoanstellingen fan Levende Meesters, op de ynternasjonale tentoanstelling yn Berlyn (1905) en op De Vrouw 1813-1913.

Froukje Wartena ferstoar yn'e âldens fan 77 jier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter A. Scheen (1969) Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950. De Haach: Kunsthandel Pieter A. Scheen N.V. Volume 2, s. 565.
  2. A.J. der Kinderen (1908) "Naamlijst der leerlingen" yn De Rijks-Academie van Beeldende Kunsten te Amsterdam : Stads Teeken-Academie tot 1817, Koninklijke Academie 1817-1870, Rijks-Academie 1870-heden. Haarlim: Joh. Enschedé en Zonen.
  3. Hanna Klarenbeek (2012) Penseelprinsessen & broodschilderessen: vrouwen in de beeldende kunst 1808-1913 - Uitgeverij Thoth, Bussum. s. 160-161.
  4. A.J.D. van Oosten, "Fraukje Wartena", Elsevier's Geïllustreerd Maandschrift, 25 (1915) dl. 50, s. 475-477. Argivearre op 12 july 2023.