Fritz Bleyl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Promoasjeposter fan Fritz Bleyl foar de earste Die Brücke-útstalling yn 1906

Fritz Bleyl, wiere namme Hilmar Friedrich Wilhelm Bleyl, (Zwickau, 8 oktober 1880 - Bad Iburg, 19 augustus 1966) wie in Dútsk arsjitekt.

Tagelyk mei Ernst Ludwig Kirchner studearre Bleyl arsjitektuer oan de technyske universiteit yn Dresden fan 1901 ôf oan. Fan 1905 oant 1907 wie er by de ekspresjonistyske keunstnersbeweging Die Brücke. dêr't er ien fan de oprjochters fan wie. Hy wie grafysk ûnwerper by dy groep, foar de earste útstalling makke er in poster dy't troch de plysje ferbean waard. Twa jier letter troude er, ferliet er de groep en wurke er foar in arsjitekteburo yn Dresden. Dêrnei wie er ûnder mear learaar yn Berlyn.

Hy hat nei it ferlitten fan Die Brücke nea wer eksposearre.