Frits fan Grumbach

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frits fan Grombach)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Frits fan Grumbach, soan fan Carl en Amalia Fuchs fan Dornheim, (ferstoarn jannewaris 1541 ) wie mei de Saksyske hartoggen nei Fryslân komd. Frits wurdt ek gauris ‘ridder’ neamd. Lykas syn broer Hans fan Grombach hie hy it fertrouwen fan de regearing.

Ut it Sjarterboek kin ôflaat wurde dat yn 1509 Frits hofmaarskalk yn Ljouwert wie en dêr ek yn 1511 noch wenne. Hy is dêr net bleaun, omdat hy syn broer Hans nei dy syn dea opfolge is, neidat dy noch yn 1515 oan de meiers op Riniagoed opdracht jûn hie Frits, oan wa’t er syn goed oerdroegen hie, syn sin te dwaan. Yn datselde jier waard dizze beleind mei 40 moargen ‘Bildtland’ en waard hy dus mear en mear in hear fan kwizekwânsje, ek troch syn houlik mei Luts, de dochter fan de ynfloedrike Hessel Martena. Troch dat houlik waard hy nammentlik eigener fan Martenastate of Grut-Terherne yn Bitgum. Dit hûs, dat troch Grombach opknapt, alteast in skoftlang bewenne is, gie letter troch it houlik fan harren dochter Maria mei Johan Onuphrius baron thee Schwartzenberg oan dy syn laach oer. Ek goed yn Sweins komt, by akte fan 29 juny 1515, fan Hans yn it besit fan dy syn broer, doe kaptein yn Harns, ien fan de leste dieden fan earstneamde. Rillegau komt hy gauris foar as drost fan dat plak, wylst him al yn 1517 troch de Keizer de gritenij fan Barradiel opdroegen wie. Syn offisjele oanstelling as grytman wie op 17 febrewaris 1517, op deselde dei dat hy him yn it lien fam fan it guod fan de noch altiten rebelske famylje befêstige seach, wêrby’t fjirtjin dagen letter noch it yn beslach nomde guod fan Janke Ongema en Wybe Harinxma kamamen. Noch is fan 17 april 1518 in kommisje fan oanstelling ta drost fan Harns ‘omt goede rapport ende aenbrengen’ fan Grombach, Karel V dien. Dy hie yn 1515 hartoch George Fryslân opdroegen, sûnder dat Karelhim dêrtroch fuuort as hear beskôgje koe, omt de Geldersken him it besit ûntstriden. Yn ferbân mei dy syn striid komt George efkes op de foargrûn. Yn syn fijânskip foar de geldersken oer, al master fan de seekusten, fernearde hy net, dat se harren legerplak by him yn de buert opslaan soene, reden wêrom’t hy de tsjerkebuert yn Almenum by Harns yn de brân stekke liet. En doe’t de Frjentsjerters, wat fan it kleaster Lúntsjerk troch de eardere neamde Hessel Martena, (doe grytman fan Menameradiel) noch hiel litten wie, finaal ferwoaste hienen, liet de drost fan Harns de stien fan dat kleaster nei Harns ta bringe om dêrfan in swiere toer njonken it blokhûs te bouwen. Koart dêrnei krige er it yn beslach nommen guod fan de Galama's te Koudum. Inkele kearen komt de namme Frits dan noch foar, sûnt 1525 riedshear fan it Hof fan Fryslân. Sa hearde er ta de ûndertekenders fan it konformaasjebrief oan Karel V; sa komt syn namme foar yn in skriuwen, dat de gûvernante Margaretha fan Eastenryk de hear Jan fan Duvoirde, ried fan Hollân, meijout oan biskop Hindrik fan Beieren, wêrby’t syn soldij regele, mar omdat it gefaar foarby wie, it oantal fan syn soldeniers op it blokhûs fermindere wurdt (1525); en alle kearen wer by lienbrieven fan stikken lân op it Bilt, oant op 16 july 1541 ynienen de namme fan syn soan Sixtus yn 't plak fan sinent oantroffen waard.

Fertsjinsten hat Frits fan Grombach ek hân as oerste dykgraaf fan Westergoa (1525), in post dy’t er mooglik noch yn de jierren 1533 en 1544 beklaaide, doe’t de swierrichheden oer it ûnderhâld fan de diken yn dat kertier einliks oplost waarden. Mei de steedhâlder George Schenk, dy’t de eare fan beëinigjen fan it skeel foar in goed diel takaam, siet er yn de kommisje foar it opmeitsjen fan in reglemint foar it op te rjochtsjen korps fan de tredde man út Fryslân (1535). Fjouwer jier letter is hy ien fan de deputearden fan dat gewest. Hy is ferstoarn ynjannewaris 1541, wylst syn frou noch oant 1548 libbe hat. Syn stoflik omskot waard bysetten yn de Martinytsjerke yn Frjentsjer. Bûten de al neamde Sixtus en Maria kamen út it houlik fan Frits en Luts noch twa soannen, Karel en Hessel, en trije dochters, Amalia ( toud mei Jan fan Egmond fvan Meresteyn), Barbara en Emerantia.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Kroaniken fan Worp van Thabor, Douwama, Winsemius, Schotanus, it Sjarterboek fan Fryslân.
  • Eekhoff, Geschiedenis van Friesland;
  • de Crane in Vrije Fries I, 93;
  • Van Asch van Wijck, Archief v.K. en W.G. III (1853) 166
  • Baerdt van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen (Ljouwert 1837), en de Neilêzing dêrop fan Andreae (Ljouwert 1893);
  • Algemeen Nederlandch Familieblad V (1888) 154-157, 196;
  • Andreae yn de Friesche Adelaar VIII (1891) 57-59;
  • D.G. van Epen, De Ridderschap van Holland (hs.).