Friesenmuseum
It Dr. Carl Haeberlin Friesen Museum yn Wyk auf Föhr (ek wol bekend as it Friesen Museum fan it Eilân Föhr, of gewoan it Friesen Museum]) is in natuerhistoarysk en etnology museum dat him ek rjochtet op 'e skiednis fan Noard-Fryslân en it eilân Föhr.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It museum waard boud yn 1908. Soks barde op inisjatyf fan 'e dokter Carl Haeberlin - de yn Yndia berne soan fan in protestantske misjonarisfamylje en foarsitter fan 'e Föhrer Naturwissenschaftlich-kulturhistorischen Vereins, oprjochte yn 1902[1]. Hy wie datselde jier oankaam op it Waadeilân Föhr. By it gearstallen fan 'e tentoanstellingen koe er gebrûk meitsje fan in kearnkolleksje dy't sammele wie troch de learaar Philippsen út Utersum.
Yn 2008 waard it hûndertjierrich bestean fan it museum fierd.
Nei it ferstjerren fan 'e oprjochter yn 1954 lei de ferantwurdlikens foar it museum oant 1981 allinnich by de museumferiening.
Om it gebou en de kolleksjes te beskermjen, waard it museum yn 1981 oerdroegen oan it Distrikt Noard-Fryslân. Sûnt dy tiid hat de Stichting Noard-Fryslân, fêstige yn Husum, it museum beheard.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nije museumgebou waard ûntwurpen troch de Hamburchske arsjitekt Heinrich Bomhoff. Hy ûntwurp it museum fan bakstien mei in tek fan reid, yn oerienstimming mei de tradisjonele arsjitektuerstyl fan Föhr. De twa yngongen nei it museumterrein wurde elk oerspand troch in bôge makke fan twa walfiskkaakbonken.
Utwreidingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren dy't folgen slagge it Haeberlin om de kolleksjes fan it museum sa út te wreidzjen dat it gebou ferskate kearen útwreide wurde moast. In museumferiening, oprjochte yn 'e tuskentiid, koe yn 1933, 1936 en 1951 strukturele útwreidings fan it museum útfiere. Yn 1927 wie it Haeberlin al slagge om it âldste hûs op Föhr - it Olesenhûs, boud yn 1617 - fan Alkersum nei Wyk te ferpleatsen en it op it museumterrein wer op te bouwen. Oant hjoed-de-dei herberget it in kolleksje meubels út in pleats dêr't minsken en bisten ticht byinoar wennen.
Yn 1967–68 waard in ekstra diel fan it gebou taheake om de útwreide bibleteek te húsfestjen.
De bou fan 'e Midlum-skuorre yn 2000 wie in fierdere ferriking. It lit de agraryske kant fan Föhr sjen - ynklusyf it terskjen en opslaan fan nôt - en toant lânbou-ark.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Konrad Grunsky: Das Friesen-Museum der Insel Föhr. Husum 1993, ISBN 3-88042-243-5.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Friesenmuseum Wyk auf Föhr fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
