Fries om utens (liet)

Ut Wikipedy

'Fries om utens' is in liet fan Rolling Home, it folk- en shantykoar fan Snits. De liettekst giet oer de langstme fan Friezen om utens nei Fryslân. It is makke op de meldij fan it Skotske 'Caledonia' fan Dougie MacLean.

Yn 2007 waard it liet opnomd mei de Ingelske folkartyst John Wright, dy’t in jier letter ferstjerre soe.

It nûmer kaam yn 2001 binnen yn de Top 10 fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Tusken 2008 oant 2016 stie it alle kearen yn de top-10 fan dy list.

Te hearren op[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân 5 (desimber, 2014)
  • Fryske stjerre jûn (april 2010, DVD)
  • Fryske Stjerre jûn mei Gerbrand Westveen en it Nieuw Philharmonisch Orkest opnomd yn it Thialf Theater op it Hearrenfean (desimber 2007, CD)
  • Goin Celtic (2007, DVD)
  • Fries om útens / Caledonia (miny CD, 2007)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân (febrewaris 2006, CD)
  • Fryslân muzyklân 6 (2005)
  • Together with friends (juny 2000, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: