Friedrich Merz
| Friedrich Merz | ||
| echte namme | Joachim-Friedrich Martin Josef Merz | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 11 novimber 1955 | |
| berteplak | Brilon (Noardryn-Westfalen, West-Dútslân) | |
| etnisiteit | ||
| partij | CDU | |
| Bûnskânselier fan Dútslân | ||
| amtsperioade | 1925-no | |
| foargonger | Olaf Scholz | |
| Partijlieder fan de CDU | ||
| amtsperioade | 2022-no | |
| foargonger | Armin Laschet | |
| Lid fan de Bûnsdei foar Hochsauerlandkreis | ||
| amtsperioade | 1994-2009 2021-no | |
| Lid fan it Jeropeesk Parlemint foar Noardryn-Westfalen | ||
| amtsperioade | 1989-1994 | |
| amtsperioade | (1989-1994), | |
| offisjele webside | ||
| friedrich-merz.de | ||
Joachim-Friedrich Martin Josef Merz (Brilon, 11 novimber 1955) is in Dútsk politikus en jurist. Hy is partijlieder fan de CDU en is sûnt 6 maaie 2025 bûnskânselier fan Dútslân. Earder wie er ûnder oaren lid fan it Jeropeesk Parlemint, lid fan 'e Bûnsdei (1994-2009) en fraksjefoarsitter yn 'e Bûnsdei (2000-2002, 2021-2025).
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Friedrich Merz waard yn Brilon, in stêd yn it Sauerlân yn Noardryn-Westfalen. Nei it heljen fan syn Abitur yn 1975 gie er yn militêre tsjinst. Fan 1976 ôf studearre er rjochten mei in stúdzjebeurs fan de Konrad Adenauer Stifting, earst oan 'e Universiteit fan Bonn en letter oan 'e Universiteit fan Marburg. Dêrnei wie er foar in koart skoftke warber as rjochter yn Saarbrücken, dêr't er as bedriuwsjurist oan it wurk gie by it Verband der Chemischen Industrie (VCI).
Jeropeesk Parlemintslid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Merz waard lid fan de kristendemokratyske CDU doe't er as 18-jierrige him oansleat by de jongereinferiening fan dy partij. Yn 1989 stelde er him ferkiesber by de Jeropeeske parlemintsferkiezings fan dat jier, dêr't er nei keazen waard yn it Jeropeesk Parlemint. Hy tsjinne ien termyn, fan july 1989 oant july 1994.
Bûnsdeilid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Bûnsdeiferkiezings fan 1994 naam er sitting yn 'e Bûnsdei út namme fan 'e Hochsauerlandkreis, in funksje dy't er hast fyftjin jier ferfolje soe. Hy waard yn oktober 1998 oantsjut as fisefoarsitter fan 'e parlemintêre fraksje fan de uny fan CDU/CSU en yn febrewaris 2000 waard er fraksjefoarsitter, as opfolger fan Wolfgang Schäuble. Yn dy snuorje wie Merz opposysjelieder yn 'e Bûnsdei yn 'e earste termyn fan bûnskânselier Gerhard Scröder (SPD).
By de ferkiezings fan 2002 wie Merz advisuer fan kânselierskandidaat Edmund Stoiber. De CDU/CSU late in nederlaach, dêr't de lieding fan de Bûnsdeifraksje nei oernommen waard troch CDU-partijlieder Angela Merkel. Merz wie oant 2004 fannijs fisefoarsitter en tagelyk ek lid fan 'e ried fan bestjoer fan 'e CDU, ek wer ûnder Merkel. Yn 2009 stelde er him net mear ferkiesber foar de Bûnsdei en begûn er him te konsentrearjen op syn wurk as bedriuwsjurist. Dêr waard er presidint fan 'e Dútske ôfdieling fan BlackRock, de grutste Amerikaanske fermogensbehearder.
Partijlieder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûnskânselier Merkel makke yn it neijier fan 2018 har beslút buorkundich om ôf te gean as partijlieder. De ferkiezings foar har opfolger waarden yn desimber 2018 holden en Merz stelde him oan as gadingmakker. Hy hie twa tsjinstanners: Annegret Kramp-Karrenbauer en Jens Spahn. Yn 'e earste omgong foel Spahn ôf, dêr't Merz yn 'e twadde omgong krekt ferslein waard troch Kramp-Karrenbauer. Nei teloarstellende resultaten by de Jeropeeske parlemintsferkiezings yn 2019 en de belutsenens fan 'e CDU by in politike krisis yn Tueringen yn 2020 besleat Kramp-Karrenbauer har liederskip, en dêrmei ek it mooglike gadingmakkersskip foar de Bûnsdeiferkiezings fan 2021, lykwols op te jaan. Nije partijferkiezings waarden yn jannewaris 2021 organisearre. Merz stelde him fannijs oan as gadingmakker en moast it dêrby opnimmer tsjin Armin Laschet en Norbert Röttgen. Merz, dy't as meast konservative fan de trije, ferlear yn 'e earste omgong krekt tsjin Laschet en waard yn 'e twadde omgong foargoed ferslein. Hy krige 466 stimmen, foar 521 foar Laschet oer. Nei it ferlies fan septimber 2021 loek Laschet him werom en stelde Merz him foar in tredee kear kandidaat. De foargeande ferkiezings waarden yn it partijramt holden, yn desimber 2021 koene alle 400.000 partijleden stimme. Ditkear kaam Merz mei 60% fan 'e stimmen dúdlik as winner út 'e bus. Yn jannewaris 2022 waard er offisjeel ta partijfoarsitter keazen mei in stimpersintaazje fan 94,62% op in digitaal partijkongres en 95,33% by in oanslutende stimming oer de post.
Njonken syn partijliederskip sit Merz fannijs yn 'e Bûnsdei. Dêr tsjinnet er tagelyk ek, lykas yn 'e jierren 2000-2002, as fraksjelieder ennopposysjelieder. Ta ferliking mei syn foargongers Laschet en Merkel waard de koers fan 'e CDU nei rjochts ta skood. Hy pleitet ûnder oaren foar in tydlik hohâlden fan asylsikers en permaninte grinskontrôles.
Kânselierskandidaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kabinet-Scholz, dêr't Merz oppossysje tsjin fierde, foel ein 2024, dêr't er eardere Bûnsdeiferkiezings nei oankundige waarden. Merz waard út namme fan CDU/CSU beneamd ta kânselierskandidaat, nei't CSU-lieder Markus Schröder syn gadingmakkerskip ynlutsen hie. Neffens peilings hie de CDU/CSU in grutte foarsprong en waard Merz sjoen as de folgjende bûnskânselier. By de ferkiezingskampanje krige er in soad krityk foar in troch him yntsjinne moasje foar in stranger migraasjebelied. De moasje waard oannommen mei stipe fan 'e rjochts-radikale Alternative für Deutschland (AfD). Dêr waard it útsluten fan 'e AfD mei trochbrutsen. Yn ferskate Dútske stêden, lykas by it CDU-haadkantoar yn Berlyn, waard tsjin Merz protestearre. Ek guon út syn eigen partij leveren krityk. Lang om let helle it útstel gjin mearderheid en bleau de útsluting stean.
By de ferkiezings fan 23 febrewaris 2025 helle de CDU/CSU 28,52% fan de stimmen en waard dêr de grutste partij mei fan Dútslân. Hy bleau de AfD in ein foar, dy't 20,8% helle. Al rillegau waard dúdlik dat Merz in koälysje meid e SPD op it each hie en noch foar Peaske in kabinet foarmje woe. Dat slagge ek, want op 9 april stelde Merz tegearre mei Söder en SPD-leden Lars Klingbeil en Saskia Esken it regearakkoart foar dat de CDU/CSU en de SPD oerienkamen. Dêr lei de neidruk benammen yn op ekonomysk ophelpen, in stranger migraasjebelied en gruttere ynvestearrings yn definsje. Foar dy lêste waard sls de Schuldbremse loslitten, de grûnwetlike regeling dy't stelt dat de oerheid net mear as 0,35% fan syn BBP oan skulden meitsje mei.
Bûnskânselier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 6 maaie 2025 soe Merz offisjeel ta bûnskânselier beneamd wurde. By in earste stimomgong yn 'e Bûnsdei helle er lykwols tsjin 'e ferwachting yn net genôch stimmen. In twadde stimomgong letter dy deis levere al genôch stimmen op, dêr't er offisjeel troch bûnskânselier waard. De mislearre earste stimomgong wie in unikum yn 'e Dútske politike skiednis en lei de spannings yn 'e krappe mearderheid (328 fan 'e 60 sitten) bleat.
De earste moannen fan Merz syn kânselierskip waard benammen skaaimerke troch bûtenlânsk belied. Yn 'e kontekst fan 'e Russyske ynvaazje fan Oekraïne brocht er guon dagen nei syn beëdiging mei de Frânske presidint Emmanuel Macron en de Britske premier Keir Starmer in besite oan 'e Oekraïne. Ta tsjinstelling fan syn foargonger Olaf Scholz wie Merz in grutter foarstanner fan militêre stipe oan 'e Oekraïne. Begjin juny brocht Merz in besite oan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump. Foar dy gelegenheid oerhannige er Trump it bertesertifikaat fan syn pake Friedrich Trump, dy't yn Dútslân berne wie en ein 19e iuw nei de Feriene Steaten emigrearre.
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Friedrich Merz is boaske mei rjochter Charlotte Gass. Hja hawwe trije bern mei-inoar en wenje yn Arnsberg yn it Sauerlân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch de:Friedrich Merz |