Springe nei ynhâld

Friedrich Boie

Ut Wikipedy
Friedrich Boie
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne4 juny 1789
berteplakMeldorf
stoarn3 maart 1870 (80 jier)
stjerplakKiel
wurkpaad
berop/amtRjochter
aktyf asFûgelkundige, abbekaat, reptylkundige, rjochter, ynsektekundige

Friedrich Boie (Meldorf yn Holstein, 4 juny 1789Kiel, 3 maart 1870) wie in Dútske entomolooch, herpetolooch, ornitolooch en abbekaat. [1] Hy wie de broer fan Heinrich Boie, de soölooch dy't ûndersyk die yn Nederlânsk-Ynje foar it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien en dy't yn 1827 op Java oan malaria stoar.

Yn maart 1842 waard er lid fan de Entomologyske Feriening fan Stettin en yn 1860 waard Boie keazen ta lid fan de Dútske Akademy fan Wittenskippen Leopoldina.

Friedrich Boie wie de skriuwer fan Bemerkungen über Merrem sein Versuch eines Systems der Amphibien (Isis von Oken 1827) en Auszüge aus dem System der Ornithologie (Isis von Oken 1844).

Friedrich is de beskriuwer fan tsientallen skaainammen — lykas Spatula (slobeinen), Glaucis (kolibries), Progne (swellen), Chrysococcyx (koekoekfûgels) en Athene (stienûlen) — en fan ferskate fûgelsoarten, lykas de lytse kniksturtstern (Anous minutus). Hy wurke ek op mei syn broer, en tegearre beskreaune se likernôch 50 nije soarten reptilen. [2]

Eksterne keppeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • (dú) Möbius K. (1870). "Friedrich Boie. Nekrolog ". Journal für Ornithologie 1 (3): 231-233. online
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 ss. ISBN 978-1-4214-0135-5. ("Boie", s. 31).
  2. "Boie". The Reptile Database. www.reptile-database.org.