Springe nei ynhâld

Fridhuistra

Ut Wikipedy
It terpke yn 2010

Fridhuistra is in (hûs)terp sa'n 400 meter noardeastlik fan Mitselwier, mar dy't ta de himrik fan Moarre heart. It perseel is pleatslik bekend as it ‘âld heech’. Der is suggerearre dat op dat plak in stins stien hawwe kin.

Yn 1511 wurdt sprutsen fan in Aeltie to Frijtze Hustma dy’t lân yn gebrûk hat dat fan Kleaster Weert (ûnder Moarre) wie. Reijmer to Fridshuijs, wiere namme Entshuys, is pachter yn 1578 neffens it Register Personele impositie. Hy wie troud mei in Barbara fan Scheltema. Yn de boedelbeskriuwing fan it spantsje wurdt sprutsen fan ‘een eecken kast’ dy’t nei’t Barbara seit ‘van de convente Weert van de Priorinne geschoncken is’. Der wurdt wol tocht dat Fridhuistra op seker stuit oan kleaster Weert skonken is.

De Schotanuskaart lit bebouwing sjen, sûnder in greft, en in reed nei Mitselwier. Fridhuistra sate wurdt wer neamd yn 1738, 1782, 1798 en yn de earste helte 19e iuw is it in sate fan 137 pûnsmiet. Yn 1885 is de sate der net mear en is it perseel greide wurden.

Yn de jierren 1970 wie de hichte mei in greft rûnom dúdlik yn it lânskip werom te finen. Anno 2010 is de grêft fierhinne ticht en liket it terrein wat oersljochte. Ein 90er jierren hat Archeologysk Advysburo RAAP it terrein troch middel fan proefboarrings ûndersocht. It boarsel befette houtskoal, pún, ferbaarnde liem en fosfaatplakken, allegear oanwizings foar (midsiuwske) bewenning. It terpke wurdt fan grutte archeologyske bestjutting achte en hat de status fan beskerme terrein.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • FAMKE: Friese Archeologische Monumentenkaart Extra
  • F. B. Postma-Saan, Steekproefrapport 2009-04-03 ISSN 1871-269X Metslawier, kassenkompleks Ropta, gemeente Dongeradiel. Buro 'De Steekproef' bv, Súdhorn
  • Herma M. van den Berg Noordelijk Oostergo/De Dongeradielen, 1983. Haadstik Moarre.