Frida Vogels
| Frida Vogels | ||
| Frida Vogels yn 2026 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Frederika Christina Matthia Vogels | |
| berne | 9 jannewaris 1930 | |
| berteplak | Soest | |
| stoarn | 6 july 2026 (96 jier) | |
| stjerplak | Bologna, Itaalje | |
| wurk | ||
| taal | Nederlânsk | |
| sjenre | Romans, poëzy, deiboeken, oersettingen | |
| bekendste wurk(en) | De harde kern, trilogy | |
| útjouwer | Van Oorschot | |
| prizen | Libris Literatuer Priis (De harde kern 2; 1994) | |
Frida Vogels (Soest, 9 jannewaris 1930 – Bologna, 6 july 2026 [1]) wie in Nederlânske skriuwster, dichter en oersetter. Se sette wurk oer fan Italiaanske auteurs, bygelyks Salvatore Satta, Primo Levi, Giééo Debenedetti en Cesare Pavese.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vogels wie in dochter fan ir. Frederik Christiaan Matthias Vogels (1903-1971), ûnder oaren direkteur fan de Telefoantsjinst te Amsterdam, en syn earste frou Cornelia Adriana Johanna Druyvesteyn (1907-1957), lid fan de Haarlimske regintefamylje Druyvesteyn, mei wa't er tusken 1928 en 1935 troud wie en hokker houlik troch skieding ûntbûn waard. Vogels wie troud mei in Italiaan en wenne, wurke en ferstoar yn de Italiaanske stêd Bologna. [1][2]
Letterkundige karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vogels is de auteur fan it trijedielige boek De hurde kern, wêrfan't it tredde diel út poëzy bestiet. Yn 1994 waard har foar it twadde part fan dat wurk de Libris Literatuer Priis takend. Har wurk hat in sterk autobiografysk karakter. Yn maaie 2005 publisearre se it earste part fan har Dagboeken, dêr't alve dielen fan ferskynd binne. Se hold sûnt de jierren 1950 in deiboek by. De skriuwster ferskynde net yn de media en ferkeas de Libris Literatuer Priis net sels yn ûntfangst te nimmen. Der waarden komselden ôfbyldingen fan har publisearre. Al har eigen wurk ferskynde by útjouwerij Van Oorschot.
Vogels wie in freon fan ûnder oaren kollega-skriuwer J.J. Voskuil, dy't model stie foar it personaazje fan har âlde freon Jacob yn De harde kern. Oarsom spilet Vogels ek in rol yn it wurk fan Voskuil: se wie de ynspiraasje foar it personaazje Henriëtte Fagel yn Voskuil syn wurken Bij nader inzien, Het Bureau en Binnen de huid.
Fan de skriuwer Bert Weijde publisearre sy in kar fan syn neilitten wurk, mei as titel Onder het ijs. Ek Weijde figurearret yn De harde kern, as Frans. Voskuil en Weijde komme beiden foar yn de publisearre dielen fan Frida Vogels' Dagboek.
Har Dagboek 1977-1978 is it lêste part fan har deiboeken dat yn har libben ferskynd is. [3]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1992 - De harde kern 1 (befettet: Kanker en De naakte waarheid)
- 1993 - De harde kern 2 (befettet: Met zijn drieën)
- 1994 - De harde kern 3 (befettet: Gedichten)
- 2005 - Dagboek 1954 - 1957
- 2006 - Dagboek 1958 - 1959
- 2006 - Dagboek 1960 - 1961
- 2007 - Dagboek 1962 - 1963
- 2008 - Dagboek 1964 - 1965
- 2009 - Dagboek 1966 - 1967
- 2010 - Dagboek 1968 - 1969
- 2011 - Tante Lucietta
- 2011 - Dagboek 1970 - 1971
- 2012 - Dagboek 1972 - 1973
- 2013 - Dagboek 1974 - 1976
- 2014 - Dagboek 1977 - 1978
- 2015 - San Pietro in Montorio (gedicht, bibliofile útjefte)
- 2020 - De vader van Artenio
- 2024 - In den Vreemde. Kronieken
Eksterne keppeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frida Vogels by Utjouwerij Van Oorschot
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|