Springe nei ynhâld

Fregatfûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fregatfûgels (famylje))
fregatfûgels
In briedpear grutte fregatfûgels (Fregata minor)
In briedpear grutte fregatfûgels (Fregata minor)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:wetterfûgels (Aequornithes)
skift:ginteftigen (Suliformes)
famylje:fregatfûgels (Fregatidae)
Degland & Gerbe, 1867
skaai:fregatfûgels (Fregata)
Lacépède, 1799

De fregatfûgels (wittenskiplike namme: Fregata) foarmje in skaai fan ginteftigen (Suliformes). It is it ienichste skaai de famylje fan 'e fregatfûgels (Fregatidae) yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). Fjouwer fan 'e fiif soarten fregatfûgels binne sawat in meter lang mei in spanwiidte fan mear as 2 meter en in gewicht fan mar 1-1,5 kg; allinnich de lytse fregatfûgel is flink lytser. Se glide oer de tropyske oseanen, mar kinne net swimme om't har fearren net wetterôfstjittend binne.

De noch libbene soarten binne: