Springe nei ynhâld

Free Guy

Ut Wikipedy
Free Guy
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurShawn Levy
produsintRyan Reynolds
Shawn Levy
Sarah Schechter
Greg Berlanti
Adam Kolbrenner
senarioMatt Lieberman
Zak Penn
kamerarezjyGeorge Richmond
muzykChristophe Beck
filmstudio20th Century Studios
TSG Entertainment
21 Laps Entertainment
Berlanti Productions
Maximum Effort
Lit Entertainment Group
distribúsje20th Century Studios
spilers
haadrollenRyan Reynolds
Jodie Comer
byrollenJoe Keery
Taika Waititi
Utkarsh Ambudkar
Lil Rel Howery
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre13 augustus 2021
foarmlangspylfilm
sjenrescience fiction-aksjekomeedzje
taalIngelsk
spyltiid115 minuten
budget en resultaten
budget$100–125 miljoen
opbringst$331,5 miljoen

Free Guy is in Amerikaanske science fiction-aksjekomeedzje út 2021 ûnder rezjy fan Shawn Levy, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds en Jodie Comer. De titel is dûbelsinnich, en kin sawol "Frije Jonge" as "Befrij Guy" betsjutte. It ferhaal giet oer Guy, in bankbetsjinde dy't ûntdekt dat er in non-player character yn in online-fideospultsje is. De direkteur fan it bedriuw dat it fideospultsje op 'e merk brocht hat, blykt it stellen te hawwen fan in pear ideälistyske fideospultsje-ûntwikkelers. Om syn geheim te bewarjen, is er fan doel om it spultsje te wiskjen en te ferfangen troch in folslein nije ferzje. Guy en de ûntwikkelers fan it spultsje moatte gearwurkje om dat foar te kommen. It útbringen fan Free Guy waard trijeris fertrage troch de koroanapandemy. De film waard úteinlik foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno fan 2021. Fan 'e filmkritisy krige Free Guy oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskoop wie de film kommersjeel súksesfol.

Free City is in online fideospultsje dat ûntwikkele is troch troch de Soonami Studios. De avatars (personaazjes) fan 'e spilers drage sinnebrillen en bringe de tiid troch mei ûnderling te fjochtsjen en de boel yn algemiene sin op stelten te setten. De non-player characters (npc's), de eftergrûnpersonaazjes dy't gjin avatars fan spilers binne mar yn it spultsje ynprogrammearre sitte, binne har der alhiel ûnbewust fan dat se diel útmeitsje fan in fideospultsje. Se miene dat dit de gewoane wrâld is en akseptearje de gaos en opskuor dy't troch de spilers feroarsake wurdt as in normaal ûnderdiel fan it deistich libben.

In npc dy't Guy hjit, hat in baan as betsjinde by in bank dy't eltse dei wol in pear kear oerfallen wurdt troch spilers. Syn bêste freon is Buddy, dy't as befeiligingsman by deselde bank wurket. Krekt as Buddy en alle oare npc's is Guy folslein tefreden en gelokkich mei syn fan rûtines oaninoar hingjende bestean. Mar yn ien ding ferskilt er fan 'e oare npc's: hy langet nei it finen fan 'e wiere leafde mei de frou fan syn dreamen.

Yn 'e echte wrâld is de wurkleaze softwareûntwikkelster Millie Rusk derfan oertsjûge dat Antwan Hovachelik, de ûnsympatike en arrogante eigner en algemien direkteur fan Soonami Studios, de koade foar Free City stellen hat fan Life Itself. Dat wie in fideospultsje dêr't nije techniken oangeande keunstmjittige yntelliginsje yn ferwurke sieten. Millie ûntwikkele it tegearre mei har goede freon Walter McKey, byneamd "Keys" ("Toetsen"), en neitiid ferkochten se it oan Soonami. Antwan besleat Life Itself lykwols net út te bringen, ta frustraasje fan Millie, mar kaam koarte tiid letter mei it ordinêre pyf-paf-poefspultsje Free City op 'e lapen. Keys hat him by de saak dellein en in baan oannommen by Soonami, mar Millie wegeret op te jaan en besiket troch Free City te spyljen bewiis te finen dat Antwan de boel bedonderet.

As Guy op in dei op 'e strjitte MolotovGirl tsjinkomt, de avatar fan Millie, lûkt hja syn oandacht troch syn favorite liet te sjongen: Fantasy fan Mariah Carey. Guy is op slach ferkocht en wit dat er einlings de frou fan syn dreamen fûn hat. Fan dat stuit ôf begjint er ûnder ynfloed fan dat gegeven fan syn programmatuer ôf te wiken. Hy folget MolotovGirl om kontakt mei har te meitsjen, mar wurdt deariden troch in foarbydinderjende trein as er in spoar oerstekt. Sa't dat giet mei npc's, wurdt er de oare moarns gewoan wer wekker yn syn bêd.

Wannear't er dy deis MolotovGirl by syn bank foarby kommen sjocht, krekt wannear't der in oerfal oan 'e gong is, besiket Guy it normale ferrin fan 'e oerfal yn te koartsjen om't er gjin tiid te ferliezen hat as er efter MolotovGirl oan wol. Dêrby sjit er by fersin de bankberôver (de avatar fan in spiler) dea. As er dêrnei de sinnebril fan 'e deade oerfaller op set, giet der in hiele nije wrâld foar him iepen, dy't inkeld sichtber is foar spilers, mei punten dy't scoret en foardieltsjes dy't behelle wurde kinne. De spiler wa har avatar troch Guy fermoarde is, tsjinnet in klacht yn by Soonami. Om't npc's simpelwei de programmatuer net hawwe om spileravatars te deadzjen, nimt sy oan dat Guy in spiler is dy't syn avatar de momkape fan in npc jûn hat, wat tsjin 'e regels fan Free City is. Keys en syn kollega Mouser sette har eigen avatars yn om 'e falskspiler op te spoaren. Se efterfolgje Guy en twinge him sa om mear oer it gebrûk fan 'e sinnebril en it spyljen fan it spultsje te learen, foar't se him úteinlik deameitsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns wurdt Guy wer wekker yn syn bêd. Dy deis set er efter MolotovGirl oan en wit er har einlings en te'n lêsten by te heljen wylst se it skûlplak fan 'e gangster Revenjamin Buttons observearret. Se wurde ûntdutsen, mar witte tanksij de fermogens fan MolotovGirl te ûntkommen. Millie mient dat se mei in nije spiler te krijen hat, dy't noch leare moat hoe't it spultsje spile wurde moat. Se jout him dêrom datoangeande wat goerie. Mei't se sels level 195 berikt hat en Guy noch mar op level 1 sit, seit se dat er mar wer kontakt mei har opnimme moat as er level 100 berikt hat. Dat is foar Guy de oantrún om as in pylk troch de ûnderskate levels fan it spultsje omheech te sjitten. Dat docht er net troch oaren dea te meitsjen en trelit te feroarsaakjen, mar troch npc's te rêden fan spileravatars en yn it algemien goede dingen te dwaan. Syn goedaardige hâlden en dragen falt sa op dat er mank oare spilers fan Free City al rillegau in wrâldwide sensaasje wurdt ûnder de namme "Blue Shirt Guy", nei de ljochtblauwe shirts dy't er altyd draacht.

Underwilens begjinne oare npc's, dêr't Guy kontakt mei hat, ek fan har programmatuer ôf te wiken. Missy, de barista yn 'e kofjesaak dêr't er moarns foar it wurk altyd oanstekt en dy't noch nea wat oars as gewoane kofje makke hat, begjint ynienen cappucino's te meitsjen nei't Guy har frege hat wêrom't er yn in kofjesaak eins gjin cappucino krije kin. En de seksbom dy't altyd oan 'e earm hinget fan 'e meast gewelddiedige winners fan it spul, skriuwt in boek oer maatskiplike ferwachtingspatroanen oangeande geslachtsrollen nei't Guy tsjin har sein hat dat se bettere manlju fine moat. Keys kriget lucht fan dy ûntwikkeling en ûntdekt dat Guy echt in npc is. Mei't er him ôffreget oft Millie dochs net gelyk hat oer de koade fan Free City, hâldt er dy ûntdekking stil foar Antwan.

Oan Millie fertelt er it wol, en foar har komt it as in ûnoangename ferrassing. Guy hat nammentlik koartby level 100 berikt, wêrnei't er wer kontakt mei har socht hat. It hat bliken dien dat hy krekt fan deselde dingen hâldt as sy, dat se hawwe in bân foarme en Millie hat MolotovGirl sels in ynlike tút mei Guy útwikselje litten. Dan makket Antwan bekend dat er mei 48 oeren it nije fideospultsje Free City 2 útbringe sil, dat Free City folslein ferfange moat. Dat betsjut dat de hiele koade fan Free City, ynkl. Guy en alle oare npc's, wiske wurde sil. Keys jout dat troch oan Millie, dy't it wer trochbriefket oan Guy. Om him de bedriging foar syn fuortbestean dúdlik te meitsjen, moat se him earst lykwols oan it ferstân bringe dat er mar in personaazje yn in fideospultsje is. Guy rekket dêrfan sa yn 'e put, dat er alle kontakten mei har ferbrekt.

Syn maat Buddy helpt him der lykwols wer boppe-op troch derop te wizen dat sy dan miskien personaazjes yn in spultsje wêze meie, mar dat de freonskip dy't er foar Guy fielt, wol deeglik echt is. Tegearre brekke se yn it skûlplak fan Revenjamin Buttons yn, dy't by fersin troch de râne fan Free City hinne glitcht is en dêr de âldere build fan Life Itself ûntdutsen hat. Hy hat dêr bewiismateriaal fan meinommen, dat Guy en Buddy besykje te stellen. Se wurde trappearre, mar Keith, de spiler waans avatar Revenjamin Buttons is, rekket sa ûnder de yndruk dat er de ferneamde "Blue Shirt Guy" moetet, dat er er Guy en Buddy it bewiis dêr't se om kommen binne frijwillich oerlanget.

Underwilens sjocht Antwan de populariteit fan "Blue Shirt Guy" as in bedriging foar Free City 2. As er oan 'e weet komt dat "Blue Shirt Guy" mar in npc is, beslút er de servers fan Free City te rebooten om Guy te resetten, sadat er wer syn oarspronklike programmatuer weromkriget. Wannear't Guy dêrnei MolotovGirl net mear weromken, wanhopet Millie oer it rêden fan sawol him as Free City as gehiel. Mar Keys seit dat de oantinkens fan Guy noch bestean moatte, om't de servers alhiel ferneatige wurde moatte soene om dy oantinkens te ferneatigjen. Hy oertsjûget Millie derfan dat sy Guy syn oantinkens weromjaan kin. Millie kiest derfoar dat te dwaan troch MolotovGirl Guy jitris tútsje te litten. Net wanlyk oan 'e mearkes fan Sniewytsje en Toarnroaske wurket dat yndie, en Guy wint syn oantinkens werom.

As er foar it ferstân kriget wêr't Millie no eins om siket, nimt er MolotovGirl mei nei syn appartemint yn in flatgebou dat útsjocht oer legere gebouwen en dêrefter oer iepen see. De see is leech, mar yn 'e reflektearring fan it ljocht yn 'e metalen stripen fan syn lúksafleks is yn 'e see in mei tropysk reinwâld begroeid eilân te sjen. Millie konkludearret dat it eilân, dat ûnderdiel is fan 'e build fan Life Itself, dêr noch altyd is. Antwan hat it útsicht dêrop yn Free City útwiske, mar is fergetten ek de refleksje út te wiskjen. As MolotovGirl en Guy it eilân witte te berikken, kinne se bewize dat Antwan de hiele opset fan Life Itself stellen hat foar Free City.

Antwan besiket dat op alle mooglike manearen foar te kommen. As er foar it ferstân kriget dat Millie en Guy holpen wurde troch Keys, ûntslacht er dy. Dêrop lit Keys de software fan Free City in yn 't foar troch him programmearre opdracht útfiere wêrby't der in brêge boud wurdt tusken de stêd Free City en it tropyske eilân út Life Itself. Antwan lit alle spilers út Free City ferwiderje, wêrmei't er Millie bûtenspul set. Wannear't Guy trochgiet mei te besykjen de brêge te berikken, lit Antwan om him tsjin te hâlden it personaazje Dude yn it spul yntrodusearje, in heal foltôge superspierde mar ek superdomme ferzje fan Guy. De striid liket ûngelikens, mar Guy brûkt it skyld fan Captain America, de fûst fan 'e Hulk en in ljochtsabel út Star Wars om him Dude fan it liif te hâlden. As de striid úteinlings dochs yn it foardiel fan Dude besljochte liket te wurden, set Guy him syn sinnebril op, mei as gefolch dat de bernige Dude folslein ôflaat wurdt en fuortswalket.

Guy begjint mei de oerstek fan 'e brêge, mar Antwan, dy't alhiel trochdraait, begjint mei in heksebile de servers fan Free City stikken te slaan. Dêrtroch wurde hieltyd mear dielen fan it fideospultsje wiske. Wannear't Mouser Antwan net fertelle wol hokker server de gegevens fan Guy befettet, ûntslacht er Mouser ek. Mar ear't Antwan alle servers ferrinnewearje kin, kringt Millie de serverromte binnen en biedt him in oerienkomst oan wêrby't sy him net foar de rjochter slepe sil foar plagiaat en him boppedat alle winst fan en rjochten op Free City hâlde litte sil, yn ruil foar alle rjochten op Life Itself. Antwan begrypt net hoe't se sa dom wêze kin, mar it is in oanbod dat er net ôfslaan kin.

In ûnbeskate tiid letter sakje de ferkeapsifers fan Free City 2 nei in djiptepunt omreden fan bugs yn 'e programmatuer en lagging yn it spultsje. Antwan Hovachelik stiet bleat oan in stoarm fan krityk, mar hy hâldt út dat er it slachtoffer fan in gearrin fan omstannichheden is. Underwilens hawwe Millie en Keys, holpen troch harren nije partner Mouser, de koade fan Life Itself en Free City rêden, en útbrocht as in nij spultsje ûnder de namme Free Life. Dêryn komme Guy, Buddy, Dude en alle oare npc's út Free City foar as npc's dy't harsels nei beleavjen ûntjaan kinne. It spultsje is in grut súkses, ta ferrassing fan eltsenien útsein Millie en Keys.

It docht bliken dat Keys al jierrenlang smoarfereale is op Millie, en Mouser fiteret him oan om no einlings ris wurk fan har te meitsjen. In healslachtich besykjen dêrta fan Keys wurdt troch Millie net iens werkend as in besykjen om har te fersieren. Sy hat ek wol oare dingen oan 'e holle, want se moat in manear sjen te finen om har non-relaasje mei Guy te ferbrekken. Mar Guy is har foar, want hy begrypt dat Millie net har hiele libben trochbringe kin mei it spyljen fan in fideospultsje, en ek dat se nea wier fysyk by Guy oanwêzich wêze kin. Hy seit dat se net oer him yn hoecht te sitten mei't hy syn eigen wei wol fine sil. Mar hy wiist har derop dat syn leafde op it earste gesicht foar har dochs earne wei komme moat. En om't er in programmearre personaazje is, sil dy boarne perfoarst syn programmeur wêze moatte, net? Dan giet by Millie ynienen in ljocht oan: se set efter Keys oan en as se him ynhelle hat, tútsje se inoar.

Ryan Reynolds.
Jodie Comer.
Joe Keery.
Taika Waititi.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise              
Guy Ryan Reynolds
Millie Rusk / MolotovGirl Jodie Comer


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Walter "Keys" McKey Joe Keery
Antwan Hovachelik Taika Waititi
Mouser Utkarsh Ambudkar
Buddy Lil Rel Howery
Revenjamin Buttons Channing Tatum
spiler Keith Matty Cardarople
Dude Ryan Reynolds (stim)
Aaron W. Reed (motion-capture)
barista Missy Britne Oldford
seksbom Camille Kostek
man mei de hannen omheech Mark Lainer
plysjeman Johnny Mike Devine
famke nij yn 'e grutte stêd Sophie Levy
bankdirekteur Vernon Scott
winkelman Joe Naheem García
kattewyfke Phyllis Anabel Graetz
iiskoferkeaper Ric Plamenco
sakeman Kenneth Israel
kioskhâlder Michael Malvesti
nijslêzer fan FCNN Bob Gilliam
assistint fan Antwan Jonathan De Azevedo
haadûntwerpster Destiny Claymore
himsels Ninja (cameo)
harsels Pokimane (cameo)
himsels DanTDM (cameo)
himsels LazarBeam (cameo)
himsels Chris Evans (cameo)
himsels Alex Trebek (cameo)
harsels Lara Spencer (cameo)
maskearre avatar Hugh Jackman (stim)
bankrôver #2 Dwayne Johnson (stim)
mem fan Keith Tina Fey (stim)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Free Guy waard regissearre troch Shawn Levy nei in senario fan Matt Lieberman en Zak Penn. As produsinten wiene Levy, haadrolspiler Ryan Reynolds, Sarah Schechter, Greg Berlanti en Adam Kolbrenner by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Studios, TSG Entertainment, 21 Laps Entertainment, Berlanti Productions, Maximum Effort en Lit Entertainment Group. Foar de film wie in budget beskikber fan $100–125 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan George Richmond, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck.

Regisseur Shawn Levy.

De opnamen foar Free Guy setten op 14 maaie 2019 útein en duorren oant en mei 31 july fan dat jier. Der waard benammen filme op lokaasjes yn en om Boston hinne, wêrûnder it Finansjeel Distrikt yn 'e binnenstêd en it strân Revere Beach by de foarstêd Revere. De sênes yn 'e bank dêr't Guy en Buddie wurkje, waarden opnommen yn 'e eardere Framingham Savings Bank yn Framingham. Fierders waard der ek filme yn Worcester (Massachusetts) en op it eardere Marineloftfeartstasjon South Weymouth yn Weymouth (Massachusetts). In diel fan 'e film waard, ta ein beslút, filme yn 'e filmstudio fan it haadkertier fan Paramount Pictures yn Los Angeles.

De distribúsje fan Free Guy waard fersoarge troch 20th Century Studios. De film soe oarspronklik útkomme op 3 july 2020, mar dat waard him net omreden fan 'e doe hearskjende koroanapandemy, dy't mank gie mei lockdowns en oare beheinings dy't fan oerheidswegen oan bioskoopbesyk oplein waarden. De nije premiêredatum wie 11 desimber 2020, mar tsjin novimber fan dat jier wie it dúdlik dat de pandemy dan noch net foarby wêze soe, en dêrom waard ek dy datum skrast. De trêde datum dy't prikt waard, wie 21 maaie 2021, mar ek dat koe net trochgean.

Uteinlik waard Free Guy op 10 augustus 2021 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno yn Switserlân. De film iepene dêrnei op 13 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 11 augustus by platemaatskippij Hollywood Records. Free Guy kaam op 28 septimber 2021 beskikber as digitale download en waard op 12 oktober fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

It eardere Marineloftfeartstasjon South Weymouth by Weymouth wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Free Guy.

Fan 'e filmkritisy krige Free Guy oer it algemien positive resinsjes. Sa love Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film om't dy neffens him "perfekt cast" wie. Hy parte Free Guy 3 fan 4 stjerren ta en skreau it súkses fan 'e film grutdiels ta oan haadrolspilers Ryan Reynolds en Jodie Comer. In protte resinsinten ferlieken Free Guy mei oare films oer ûnechte sitewaasjes, lykas Ready Player One, The Truman Show en The Matrix. Neffens Peter Debruge fan it tydskrift Variety ûntliende Free Guy wat tefolle oan sokke films, mar waard der mei sokke ûnorizjinele boustiennen wol in tige ûnderhâldend ferhaal kreëarre.

A.A. Dowd fan The A.V. Club joech Free Guy in 71/2 op in skaal fan 1 oant 10. Neffens him wie de film, nettsjinsteande alle gaos en trelit, eins "in frij knuffelige publyksleafling". Yn it Britske blêd Empire hie Nick de Semlyen krityk op 'e film, dy't neffens him ûngeunstich ôfstiek njonken Ready Player One en "as los sân oaninoar hinget, sels as je der nei sjogge [en noch net oer de gatten yn it ferhaal neitocht hawwe]."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Free Guy in heech goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 297 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in kombinaasje fan in fernimstich útgongspunt, leave selsbewuste humor en in sjarmante cast sit [dizze film] fol mei healwize wille." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Free Guy in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 51 resinsjes.

Free Guy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $121,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $209,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $331,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100–125 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $181,5 miljoen en mooglik wol $206,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Revere Beach by Revere, in foarstêd fan Boston, wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Free Guy.

Free Guy waard yn 2022 by de Oscars nominearre yn 'e kategory foar bêste fisuele effekten. Yn deselde kategory waard de film ek nominearre foar in BAFTA. By de Saturn Awards wiene der nominaasjes foar de prizen foar bêste science fiction-film en bêste byrol fan in aktrise (Jodie Comer). De film waard fierders nominearre foar de Critics' Choice Movie Award foar bêste komeedzjefilm, de People's Choice Awards foar bêste komeedzjefilm en bêste komeedzjestjer (Ryan Reynolds), de MTV Movie Award foar bêste gefjocht (Guy tsjin Dude) en de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite filmakteur (Ryan Reynolds). Free Guy wûn de People's Choice Award foar bêste komeedzjefilm en de MTV Movie Award foar bêste komyske aktearprestaasje (Ryan Reynolds).

Mooglike ferfolchfilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 2021 makke haadrolspiler en produsint Ryan Reynolds buorkundich dat Disney, de memme-ûndernimming fan 20th Century Studios, in ferfolch op Free Guy meitsje woe. Steve Asbell, de direkteur fan 20th Century Studios, befêstige yn maart 2022 dat der oan in senario foar in ferfolchfilm wurke waard. Regisseur Shawn Levy sei yn septimber 2023 dat it ferhaal foar in eventuele ferfolchfilm op 'e nij besjoen waard yn it ljocht fan 'e film Barbie, dy't ek giet oer in personaazje yn in fiktive wrâld dy't ta selsbewustwêzen komt. Hy konkludearre: "Dus we meitsje Free Guy 2 allinnich mar as [dy film] ferskilt fan 'e [orizjinele] film en fan oare films."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.