Fredestsjerken
| Fredestsjerken yn Jawor en Świdnica | ||
| Fredestsjerke fan Świdnica. | ||
| Algemiene ynformaasje | ||
| lân | Poalen | |
| Woiwodskip | Neder-Sileezje | |
| plak | Jawor, Świdnica | |
| UNESCO-regio | Europa | |
| UNESCO-folchnûmer | 1054 | |
| kritearia | iii, iv, vi | |
| ynskriuwing | 2001 | |
| Lokaasje en omfang | ||
| gebiet | 0,23 ha | |
| buffersône | 11,8 ha | |
| bedrige | Nee | |
| Webside | ||
| whc.unesco.org | ||
| UNESCO-wrâlderfgoedlist | ||
De Fredestsjerken (Poalsk: Kościoły Pokoju; Dútsk: Friedenskirchen) yn Jawor (eartiids Jauer) en Świdnica (Schweidnitz) yn Neder-Sileezje (Poalen) binne 17e-iuwske tsjerken dy't neamd binne nei de Frede fan Westfalen fan 1648.

By dat ferdrach krigen de lutheranen yn it roomske Sileezje tastimming om trije tsjerken te bouwen fan hout, liem en strie, bûten de stedsmuorren, sûnder tuorren mei tsjerkeklokken. In betingst wie dat de boutiid net langer as ien jier wie. De tredde Fredestsjerke, dy't yn Głogów (eartiids Glogau) stie, baarnde yn 1758 folslein ôf. Fan bûten sjogge de tsjerken der troch de religieuze beheiningen fan dy tiid net foarnaam út, mar de ynterieurs binne oerweldigjend ryk fersierd yn 'e barokstyl. De tsjerke fan Jawor is fersierd mei likernôch 200 skilderijen mei bibelske sênes út it Alde en it Nije Testamint, wylst de tsjerke yn Świdnica apokalyptyske fizioenen en in panorama fan 'e omjouwing sjen lit.
Yn 1945, waarden de stêden Poalsk as gefolch fan 'e Konferinsje fan Potsdam. Hoewol't de measte protestantske tsjerken dy't yn 1945 troch Poalen oernommen waarden katolyk waarden, binne de twa Fredestsjerken luthersk bleaun. Sûnt 2001 steane de twa oerbliuwende tsjerken op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de fysike en politike beheiningen waarden de trije tsjerken de grutste fakwurktsjerken fan Europa, tanksij pionjearjende boukundige en arsjitektoanyske oplossingen.
De Fredestsjerke fan Jawor
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oan 'e Hillige Geast wijde tsjerke yn Jawor is 43,5 meter lang, 14 meter breed en 15,7 meter heech. Der is plak foar 5.500 minsken. De tsjerke waard ûntwurpen troch de arsjitekt Albrecht von Saebisch (1610–1688) út Wrocław (doe Breslau) en waard in jier letter, yn 1655, foltôge. De 200 skilderijen yn 'e tsjerke binne makke troch Georg Flegel yn 'e perioade 1671–1681. It ryk fersierde alter, fan 'e hân fan Martin Schneider, datearret fan 1672. It oarspronklike oargel fan J. Hoferichter út Legnica (1664) waard yn 1855–1856 ferfongen troch in oargel fan Adolf Alexander Lummert.
Tsjin dy tiid hie de stêd al sa'n iuw diel útmakke fan it protestantske Keninkryk Prusen.
De Fredestsjerke fan Świdnica
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferlykbere oan 'e Hillige Trije-ienheid wijde tsjerke yn Świdnica oerlibbe de tiid krekt as dy fan Jawor. De Fredestsjerke fan Świdnica is it grutste houten religieuze gebou yn Europa. Mei in kapasiteit fan 7.500 minsken en in tige ryk barok ynterieur, wurdt it faak it 'Teäter fan God' neamd. Benammen de Hochberg-lôzje en de plafonskilderingen mei apokalyptyske fizioenen meitsje fan 'e tsjerke in hichtepunt fan lânskiplike en religieuze arsjitektuer.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fredestsjerken yn Poalen fan Wikimedia Commons. |