Springe nei ynhâld

Frederik van Os

Ut Wikipedy

Frederik Hendrik Lucas van Os (Barneveld, 15 july 1907 - Grins, 3 desimber 2001) wie in Nederlânske farmakolooch en heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins.

Van Os studearre oan de Ryksuniversiteit Utert dêr't er ein 1942 promovearre op it proefskrift De absorptie in het ultraviolet door glucose en haar ontledingsproducten in alkalische oplossing. Efkes dêrfoar wie er oan de Grinzer fakulteit fan wis - en natuerwittenskippen beneamd ta lektor mei as learopdracht de farmakognozy.

Yn 1946 waard Van Os befoardere ta gewoan heechlearaar, wêrby't syn learopdracht útwreide waard mei de galyske farmasy en reseptuer. Hy oanfurdige dat amt op 23 maart fan dat jier mei it útsprekken fan de rede Het geneeskruid. Verouderde of waardevolle artsenij?.

Van Os wie twa perioades rektor magnifikus fan de Grinzer universiteit fan 1957 oant 1958 en fan 1961 oant 1965. Yn 1966 mocht er in earedoktoraat yn ûntfangst nimme fan de Universiteit fan Straatsburch.

Hy wie de heit fan keunsthistoarikus en direkteur fan it Ryksmuseum Amsterdam, Henk van Os en de pake fan de skriuwer en sjoernalist Pieter van Os.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: