Springe nei ynhâld

Fredensborg (gemeente)

Ut Wikipedy
Fredensborg
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Thomas Lykke Pedersen
sifers en geografy
haadplak Kokkedal
ynwennertal 40.779 (2018)
oerflak 112,13 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.fredensborg.dk

Fredensborg is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente hat in oerflak fan 112,13 km² en in befolking fan likernôch 41.000 (2018) ynwenners.

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling troch gearfoeging fan:

  • de eardere gemeente Karlebo;
  • de eardere gemeente Fredensborg-Humlebæk.

Yn de gemeente leit it Slot Fredensborg, de maaitiid- en hjerstresidinsje fan de Deenske keninklike famylje. Yn de gemeente stiet it Louisiana Museum of Modern Art, it meast bekende museum foar hjoeddeiske keunst yn Denemark.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: