Freark fan Sminia

Ut Wikipedy

Freark fan Sminia (1 desimber 1664 - Akkrum, 28 july 1751) wie grytman fan Utingeradiel.

Freark wie de soan fan Yetse fan Sminia. Yn 1685 wie hy kapitein, letter ritmaster en sûnt 21 maart 1689 grytman fan Utingeradiel, in post dy't hy mear as 62 jierren beklaaid hat. Yn 1695 wie hy lid fan it kolleezje fan deputearren en yn 1748 fan de steaten fan Fryslân. Hy wenne yn Akkrum en waard dêr yn de tsjerke begroeven. Hy bleau net-troud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • DBNL
  • Wapenboek Sminia;
  • Baerdt van Sminia-, t.a.p. side 333.