Springe nei ynhâld

Freark I fan it Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
Freark I fan it Hillige Roomske Ryk
aadlik persoan en/of hearsker
Búste fan Freark I Barbarossa (1160)
Búste fan Freark I Barbarossa (1160)
bynammeBarbarossa
bertedatumdesimber 1122
berteplakHagenau, Hillige Roomske Ryk
stjerdatum10 juny 1190
stjerplakrivier de Selef, Silisysk Armeenje
dynastyHohenstaufen
hartoch fan Swaben
amtsperioade1147 – 1152
foargongerFreark II
opfolgerFreark IV
roomsk kening
amtsperioade1152 – 1190
foargongerKoenraad III
opfolgerHindrik VI
greve fan Boergonje
amtsperioade1156 – 1190
foargongerWillem III
opfolgerOtto I
roomsk-dútsk keizer
amtsperioade1155 – 1190
foargongerLotharius III
opfolgerHindrik VI

Keizer Freark I wie ien fan 'e meast ferneamde midsiuwske hearskers fan it Hillige Roomske Ryk. Faak wurdt syn bynamme Barbarossa tafoege, itjinge 'readburd' yn it Italjaansk betsjut, in ferwizing nei syn opfallend reade burd.

Freark I waard yn desimber 1122 berne yn 'e omkriten fan Hagenau yn 'e Elzas (no Haguenau yn Frankryk yn in dynasty, dy't yn 'e 12e en 13e iuw in sintrale rol spile yn 'e Dútske en Italjaanske polityk. Syn heit wie Freark fan Swaben, dy't út it Staufen-skaai stamde, en syn mem wie Judith fan Beieren út it Welfen-skaai. Oer syn jongerein is hast neat bekend. Oan it hôf krige er praktysk ûnderwiis lykas hynsteriden, jeie en hoe't er mei wapens omgean moast, mar neffens syn biograaf Knut Görich koe er net lêze en skriuwe.

Nei it ferstjerren fan Freark II op 4 april 1147 folge er syn heit op as hartoch fan Swaben as Freark III. Op 4 maart 1152 waard Freark ta kening fan Dútslân keazen. Fiif dagen letter kroande de aartsbiskop fan Keulen, Arnold fan Wied, Freark ta kening fan Dútslân en dat wie it begjin fan 'e dynasty fan 'e Hohenstaufers. De namme Hohenstaufen ûntstie lykwols pas yn lettere ieuwen, om de dynasty te ûnderskieden fan oare famyljes dy’t ek mei de namme Staufen assosjearre waarden.

Houlik Freark I Barbarossa mei Beatriks I fan Boergonje.
(Giovanni Domenico Tiepolo)

Op 18 juny 1155 salve paus Adrianus IV Freark yn Rome ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk. In jier letter troude Freark yn juny 1156 mei grevinne Beatriks I fan Boergonje. Nei't har heit al earder yn 1148 ferstoarn wie, wie hja de iennige erfgenaam fan Frânsk-Boergonje (Franche-Comté). Mei it houlik krige Freark tagelyk de rjochten oer it hiele greefskip Boergonje, dat in wichtige ferbining foarm tusken Dútslân, Switserlân en it Italjaanske rykdiel.

Freark krewearre foar in sintraal en machtich bestjoerd ryk, lykas yn de tiid fan Karel de Grutte en besocht de regionale hartoggen en foarsten ûnder syn autoriteit te bringen. Dat slagge mar foar in part want de Dútske adel wie tige selsstannich. Ek woe Freark de macht yn Itaalje weromwinne. De stêden dêr wiene yn 'e 11e en 12e iuw ryk woarn en lutsen it besjoer nei harren sels ta. Yn teory erkenden hja de keizer, mar hja woenen langer gjin keizerlike belestingen mear betelje en fielden harren ek net mear bûn oan syn wetten.

Konflikt mei de paus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn dy tiid bestjoerde de paus net allinnich de Tsjerke, mar ek it Patrimonium Petri, de lannen yn Midden-Itaalje dy't ûnder de Hillige Stoel foelen (Rome, Latium, Umbrje en dielen fan Toskane). Keizer Freark leaude dat de keizer, as erfgenaam fan it Romeinske Ryk, boppe alle wrâldske machten stie en dus ek boppe dy fan 'e paus. De paus dêrfoar oer wie fan betinken dat de geastlike macht heger stie as de wrâldske macht. Al sûnt de tiid fan Hindrik IV en paus Gregoarius spile de ynvestituerstriid, it rjocht wa't de biskoppen beneamde mocht. Nei't paus Adrianus IV yn 1159 ferstoar koenen de kardinalen it net iens wurde oer de opfolging. De mearderheid keas Roland Bandinelli as paus Aleksander III, mar in lytsere fraksje dy't oan 'e kant fan 'e keizer stie keas Octavianus fan Monticelli, dy’t himsels Fiktor IV neamde. Freark woe in sterke ynfloed op 'e pauslike troan en erkende Aleksander III net, mar Fiktor IV. Dêrmei kearde Freark I him tsjin de mearderheid fan 'e kardinalen en in grut part fan Europa. Freark lei him der net by del en mong him yn tsjerklike saken troch in rykssynoade yn Pavia (1160) by inoar te roppen en hy liet dêr de biskoppen fan syn ryk de kar foar Fiktor IV befêstigje. Paus Aleksander III liet it der net by sitte en ekskommunisearre elkenien dy't Fiktor IV stipe en doe't Barbarossa net om lyk woe, ekskommunisearre er ek de keizer yn 1160/1161. De ekskommunikaasje hie grutte gefolgen no 't de keizer bûten de genede fan God foel en feroarsake twifel ûnder Freaks bûnsmaten. De Italjaanske stêden seagen dêryn in útsochte kâns om harren tsjin de keizer te warjen. Dat wie it begjin fan 'e Lombardyske Liga.

Lombardyske Liga

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Slach by Legnano
(Massimo Tapparelli d'Azeglio)

Doe't de keizer syn keizerlik gesach werstelle woe, setten de stêden it yn 'e kant en foarmen hja mei stipe fan 'e paus de saneamde Lombardyske Liga (mei ûnder oaren Milaan, Cremona, Parma en Bologna). Om't de stêden net om lyk woene besocht Freark syn macht ôf te twingen en dat late yn 1176 ta de Slach by Legnano. Doe fersloegen de stêden it keizerlik leger, itjinge in klap foar Barbarossa syn prestiizje betsjutte. It skeel einige mei de Frede fan Konstanz (1183), wêryn't de stêden de keizer formeel erkenden, mar mei behâld fan selsbestjoer, de eigen rjochtspraak en belestingheffing.

Frede fan Feneesje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keizer Freark Barbarossa ûnderwerpt him oan' e autoriteit fan 'e paus.

Nei't Freark Barbarossa by de Slach by Legnano (1176) troch de Lombardyske Liga ferslein waard, stie er militêr swak. De Italjaanske stêden hiene him ferslein en paus Aleksander III siet stevich op ’e troan. Freark wist dat er frede slute moast om syn ryk net te ferliezen en dêrom reizge er yn 1177 nei Feneesje, dêr't ûnderhannelingen plakfûnen tusken de keizer, de paus en de Italjaanske stêden. Freark toande berou en joech him wer del ûnder it pauslike gesach en de paus triomfearre as geastlike autoriteit oer de wrâldske keizer.

Lettere romantisearre boarnen wolle ha dat Barbarossa op bleate fuotten rinnend om de muorren fan 'e stêd gean moast om ferjouwing ôf te smeken, mar dat binne gjin eigentiidske boarnen en dêr bestiet gjin bewiis fan.

Tredde Krústocht (1189–1192)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rûte fan Freark Barbarossa (read) op 'e Tredde Krústocht.

Yn 1187 foel it kristlike keninkryk Jeruzalim yn hannen fan 'e islamityske lieder Saladin. Freark I wie doe al in âld man en yn 'e santich. Dochs gie er yn 1189 mei foarop yn in grut leger fan Dútske, Eastenrykse en Hongaarse troepen troch it easten fan Europa en de Byzantynske wrâld nei Anatoalje.

Op 10 juny 1190, by it plak Silifke (Seleucia) yn súdlik Anatoalje, ferdronk Freark Barbarossa yn 'e rivier de Salef (no: Göksu). De omstannichheden binne net dúdlik. Neffens guon boarnen besocht er te swimmen om him ôf te kuoljen en oaren skriuwe dat er mei it hynder de rivier oerstekke woe en weisûge waard troch de stream. Syn dea wie hoe dan ek in grut drama foar it kristlike leger. In part fan syn troepen sakke de moed yn 'e skuon en gong nei hûs, wylst de rest trochsette en ûnder Hindrik VI fierder gie.

Betinkingsmonumint lokaasje fan 'e dea fan keizer Barbarossa.

Wat der mei it lichem fan Barbarossa barde is net wis. Nei alle gedachten is it yngewant fan 'e keizer yn Tarsos begroeven. It fleis waard fan 'e bonken skaat troch it te sieden neffens de proseduere fan Mos teutonicus en waard begjin july yn Antiochje begroeven. Syn bonken hawwe mooglik it lêste rêstplak yn 'e katedraal fan Tyrus fûn, dy't hjoed-de-dei allinnich noch bestiet as in archeologysk opgravingsplak. Barbarossa is de iennige midsiuwske hearsker fan wa't it begraafplak noch ûnbekend is.

De oergong fan 'e macht fan Barbarossa nei Hindrik VI ferrûn soepel. Hindrik wie al keazen ta kening as trijejierrich bern. Foar it earst sûnt 1056 wie der in opfolger sûnder strideraasjes.

Nei syn dea yn 1190 ûntstie der fanwegen de ûnwisse lokaasje fan syn grêf al gau it leauwe dat Freark Barbarossa net echt stoarn wie, mar dat er him weromlutsen hie yn in berch en dêr yn djippe sliep lei. It idee wie dat er op in dei weromkomme soe om Dútslân te rêden en it wer ien te meitsjen.

De bekendste fariant fan 'e leginde wol ha dat Barbarossa yn 'e Kyffhäuserberch by Tueringen sit, oan in stiennen tafel, mei syn reade burd dat troch de tafel hinne groeit. As de raven langer net mear om de berch hinne fleane, sil er wekker wurde en wer opstean as keizer.

Barbarossa as ûnderdiel fan it Kyffhäusermonumint.

Yn 'e 19e iuw, yn 'e tiid fan it Romantysk nasjonalisme, waard Barbarossa wer in symboal fan 'e Dútske geast en ienheid. Dútske skriuwers en dichters brûkten him as nasjonale figuer en Friedrich Rückert skreau it gedicht "Der alte Barbarossa" (1817), dat tige populêr waard. Jacob Grimm (ien fan de bruorren Grimm) sammele ferskate ferzjes fan 'e leginde yn syn folksferhalen.

Tusken 1890 en 1896 waard it Kyffhäusermonumint boud. Dêr wurdt keizer Wilhelm I (de earste keizer fan it feriene Dútslân) ôfbylde boppe in stânbyld fan 'e sliepende Barbarossa.

Freark Barbarossa mei syn twa soannen Hindrik en Freark (12e iuw),
Weingartner Welfenchronik, Landesbibliothek Fulda

.

Freark en Beatriks I fan Boergonje krigen de folgjende bern:

  • De Dútske oanfal op 'e Sovjet-Uny op 22 juny 1941 waard nei keizer Freark de "Operaasje Barbarossa" neamd.
  • De 9. SS-Panzer-Division Hohenstaufen is ferneamd nei it skaai fan Barbarossa, de Hohenstaufen.
  • Freark Barbarossa komt as persoan foar yn 'e roman "Baudelino" fan Umberto Eco.[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: