Springe nei ynhâld

Freark II fan it Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
Freark en syn falk. Ut syn boek De arte venandi cum avibus (De keunst fan 'e jacht mei fûgels). Fan in let 13e-iuwsk manuskript yn 'e Biblioteca Vaticana, Pal. lat 1071, fol. 1)

Freark II (Jesi, 26 desimber 1194 – Castel Fiorentino, Torremaggiore, 13 desimber 1250) wie sûnt 1198 kening fan Sisylje, sûnt 1215 Dútsk kening en fan 1220 oant 1250 keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Hy wy de soan fan Hindrik VI fan Hohenstaufen en Konstanse fan Sisylje. Fan syn memmekant wie Freark de pakesizzer fan Rogier II fan Sisylje. Fan syn heitekant wie hy pakesizzer fan Freark I fan Hohenstaufen, dy't fral bekend is as Freark Barbarossa.

Freark makke in Dútske wet, dy't foar it earst yn 'e folkstaal útjûn waard en de Wetten fan Melfi foar it Keninkryk Sisylje, dêr't er in modelsteat fan meitsje woe. Hy oermastere Jeruzalim freedsum op de Sechde Krústocht en fersloech syn tsjinstanner, de Lombardyske Liga. Hy hie ek in fûleindich machtsstriid mei de paus en waard lang om let troch de paus ôfset. Dochs brocht dat syn bewâld net echt yn gefaar.

Freark wie tige betûft en krige dêrfandinne de bynamme Stupor Mundi (fernuvering fan 'e wrâld). Hy prate ferskillende talen (Latyn, Sisyljaansk, Dútsk, Frânsk, Gryksk en Arabysk) en koe goed mei Al-Kamil, de sultan fan Egypte.

Freark ferstoar op 13 desimber 1250 yn 'e âldens fan 55 jier yn Castel Fiorentino, Apûlje. Syn oerskot waard mei in skip mei swarte silen fan Tarente nei Messina oerbrocht en dêr wei nei Palermo. Syn grêfmonumiunt is yn 'e katedraal fan Palermo, by syn pake Rogier II, syn heit en mem en syn earste frou Konstanse fan Aragon. Nei syn dea waard de sitewaasje yn it Ryk tige ûnwis en kaam der net fuort in algemien erkende opfolger. Syn soan Koenraad IV (1128-1254) waard yn 1237 ta Roomsk keizer keazen en folge him formeel op. Mar syn macht wie beheind en waard net troch al foarsten stipe. Nei syn iere dea yn 1254 rekke it ryk yn in tiid sûnder sintrale keizerlike autoriteit, it saneamde Grutte Interregnum (1254-1273)

Nei syn dea waard de situaasje yn it ryk tige ûnwis: der kaam gjin fuortendaliks erkende algemiene opfolger.

Hy wurdt betocht as in oantruner fan keunsten en wittenskippen. Freark II stie foar kulturele dialooch tusken latynske, byzantynske, joadske en islamityske kultueren. Hy wie in foarstanner fan tolerânsje fan ferskillende godstsjinsten en promoate wittenskiplik ûndersyk en kin as ien fan 'e tarieders fan 'e renêssânse beskôge wurde.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Freark II fan it Hillige Roomske Ryk fan Wikimedia Commons.