Springe nei ynhâld

Frauenkirche (München)

Ut Wikipedy
Frouwetsjerke
Frauenkirche
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak München
adres Frauenplatz 1
koördinaten 48° 8' N 11° 34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom München en Freising
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1468-1488
boustyl gotyk
Webside
www.muenchner-dom.de
Kaart
Frauenkirche (München)
Frauenkirche

De Frouwetsjerke (Dútsk: Frauenkirche) yn München is in oan Marije wijde domtsjerke fan it aartsbisdom München en Freising. It is ien fan 'e grutste halletsjerken fan 'e wrâld en ien fan 'e trije grutste bakstiennen tsjerken noardlik fan 'e Alpen.

Goatysk finster.

De bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke sette yn 1468 útein en wie nedich om't de âlde tsjerke út de 12e iuw troch it groeien fan 'e stêd te lyts woarn wie. Opdrachtjouwer ta de bou wie hartoch Sigismund fan Beieren. De tsjerke waard yn letgoatyske styl boud fan reade bakstien. De bou fan 'e tsjerke duorre twintich jier en waard ôfsletten mei de foltôging fan 'e twa tuorren yn 1488. Yn 1494 fûn de plechtige wijing fan 'e tsjerke plak.

De oarspronklike plannen fan 'e tuorren hiene spitsen, mar koene fanwegen jildbrek net trochgean. De renêssânse koepels waarden ynstee fan de spitsen yn 1525 foltôge.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de Frouwetsjerke troch loftoanfallen yn 1943 oant 1945 swier skansearre. It halleferwulft stoarte foar in part yn en dielen fan it ynterieur waarden ferneatige. It neogoatyske ynterieur waard yn 'e oarlochstiid net opslein, om't dy yn dy tiid minder weardefol fûn waard. Doe't de tsjerke foar it earst oarlochsskea oprûn, waard noch wol besocht om de panelen fan it neogoatyske heechalter fan Anselm Sickinger te bergjen, mar dy gyngen by in letter bombardemint dochs noch ferlern. Nei de ein fan 'e oarloch wie fan 'e neogoatyske ynrjochting noch in grut part fan 'e sydalters oanwêzich, mar by it opromjen fan 'e skea waarden se fersage en opromme. Dat barde ek mei it goatyske koerstuoltme, wêrfan't allinne it fykwurk fan Erasmus Grasser bewarre bleau en nei de oarloch op 'e nij tapast is.

Al gau nei de kriich waard de tsjerke restaurearre. De lêste faze fan 'e restauraasje waard yn 1994 foltôge.

De letgoatyske tsjerke is 109 m lang, 40 m breed en 99 m heech. Oars as de oerlevering dat de twa tuorren ien meter fan inoar yn hichte ferskille, binne beide tuorren hast like heech en is it hichteferskil mar 12 sm. Nei de Marijetsjerke yn Gdańsk is de Frouwetsjerke de grutste bakstientsjerke noardlik fan 'e Alpen.

Neffens in regeling dy't yn 2004 oannommen waard mei yn 'e binnenstêd gjin gebou heger wurde as de tuorren fan 'e Frouwetsjerke.

Ynterieur.

De tsjerke bestiet út trije skippen fan 'e selde hichte (22 m), dy't troch 22 pylders fan inoar skieden wurde. Yn 'e domtsjerke binne keunstwurken út de 14e oant de 18e iuw fan keunsters as Peter de Witte, Erasmus Grasser, Jan Polack, Hans Leinberger, Hans Krumpper en Ignaz Günther. Wichtige keunstwurken binne de goatyske brânskildere ramen mei dielen dy't noch makke binne foar de eardere tsjerke, en it monumint fan Loadewyk IV. It Marijebyld op 'e pylder yn it koer waard troch Roman Anton Boos yn 1780 makke foar it klankboerd fan 'e preekstoel. It eardere heechalterskilderij mei in foarstelling fan 'e himelfeart fan Marije waard yn 1620 troch Peter Candid skildere en ferhûze nei de noardlike muorre by de yngong fan 'e sakristy.

Teufelstritt.

Ek de saneamde Teufelstritt yn it yngongsportaal oerlibbe de bombardeminten. Dat is in swarte ôfdruk yn in tegel, dy't op in foet mei in sturtsje oan 'e hakke liket. Neffens in leginde soe de bouwer fanwegen it brek oan jild de help fan 'e duvel ynroppen ha. Dy hie dêr wol nocht oan op betingst dat de tsjerke gjin ramen krige. Doe't de tsjerke klear, mar noch net wijd wie woe de duvel út nijsgjirrigens de tsjerke wol eefkes besjen; hy glûpte nei binnen en seach op it plak dêr't er stie gjin ramen. Om 't sa'n tsjerke net te brûken wie moast de duvel fan kleare wille ferskriklik gnize en stampe er mei syn poat sa fûl, dat er ôfdruk op 'e tegel efterliet. Doe't er noch in stap fierder de tsjerke yngie, seach er tusken de pylders ynienen ek de ramen fan 'e sydskippen. Mei't er yn 'e rekken hie dat er te fiter nommen wie, feroare er himsels yn in twirre en hope er sa de tsjerke te fernielen, itjinge mislearre.

Yn 'e krypt binne de tombes fan 'e aartsbiskoppen en leden fan it Hûs Wittelsbach.

Haadoargel.

It grutte oargel op 'e westlike galerij hat 95 registers en 7.165 pipen. Fierder is der in koeroargel út 1993 op in kreake yn it rjochter sydskip mei 36 registers.

Yn 'e twa tuorren hingje klokken út de 14e, 15e, 17e en 21e iuw. De swierste klok Susanna is ien fan 'e grutste klokken yn Beieren. Dy klok waard yn 1490 troch Hans Ernst yn opdracht fan Albrecht IV getten.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:en:Frauenkirche, Munich]