Franz Ferdinand (band)

Ut Wikipedy
Franz Ferdinand yn 2004, mei Nick McCarthy op de foargrûn

Franz Ferdinand is in Skotske rockband, oprjochte yn 2001 yn Glasgow. Nei in pear wikselingen hat de band in oantal jierren bestien út Alex Kapranos, (sjonger/gitarist), Nick McCarthy (gitarist), Bob Hardy (bassist) en Paul Thomson (drummer). Franz Ferdinand makket melodieuze, enerzjike gitaarrock dêr’t je goed op dûnsje kinne en is neamd nei de kroanprins fan Eastenryk-Hongarije dy’t yn 1914 fermoarde is. Dat wie eartiids de oanlieding foar de Earste Wrâldoarloch.

Yn 2004 brocht de band de earste single “Darts of Pleasure” út, mar dy wie net sa suksesfol. De twadde single “Take me out” fan it debútalbum Franz Ferdinand soarge foar in trochbraak. Der binne noch in tal oare singles fan dat album útbrocht: “The Dark of the Matiné”, “This Fire” en “Michael”. Dizze singles binne noch gau ris op de radio te hearren. Fan it twadde album You Could Have It So Much Better kamen de singles “Do you want to” en “Walk away”. De band jout in soad konserten, sawol yn eigen lân as yn it bûtenlân. Se hawwe ek op grutte festivals spile sa as Lowlands, Rock Werchter, Glastonbury, Pinkpop en Pukkelpop.

De band hat yn 2015 in album opnaam mei de Sparks, dy’t bekend binne fan de jierren santich hit “This town ain’t big enough fort the both of us”. It album waard FFS neamd wat stiet foar “Franz Ferdinand Sparks”. Yn 2016 hat gitarist Nick McCarthy de band ferlitten, om’t er mear tiid hawwe wol foar syn frou en bern. Hy is opfolge troch Dino Bardot (gitaar) en Julian Corrie (keyboards en gitaar). It nije album “Always Ascending” sil útbrocht wurde op 9 febrewaris 2018.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Franz Ferdinand (2004)
  • You Could Have it So Much Better (2005)
  • Tonight: Franz Ferdinand (2009)
  • Right Thoughts, Right Words, Right Action (2013)
  • Franz Ferdinand and the Sparks: FFS (2015)

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Take Me Out (2004)
  • The Dark of the Matinée (2004)
  • This Fire (2004)
  • Do You Want To (2005)
  • Walk Away (2005)
  • The Fallen (2006)
  • Ulysses (2009)
  • No You Girls (2009)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]