Fransiskaansk kleaster (Megen)
| Minderbruorrenkleaster fan Megen | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Kleasterstrjitte 6 | |
| koördinaten | 51°49' N 5°33' E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| oarder | Fransiskanen | |
| Webside | ||
| www.minderbroedersfranciscanen.net | ||
| Kaart | ||
It Fransiskaansk kleaster of Minderbruorrenkleaster is in kleaster fan 'e Fransiskanen yn Megen, Noard-Brabân. It kleaster is wijd oan Sint-Antonius.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kapitulaasje fan it Spaansksinnige gesach yn De Bosk yn 1629, waarden de kleasterlingen út de stêd ferballe. De Fransiskanen gyngen nei Megen, dêr't godstsjinstfrijheid hearske. It kleaster waard boud yn 'e jierren 1648-1653 en de kapel waard yn 1670 foltôge.
Yn 1645 waard fanút it kleaster in Latynske Skoalle stifte, sûnt de 19e iuw it Sint-Anthonisgymnasium. It stie oan it Everardusplein. Ien fan 'e meast bekende learlingen op dy skoalle wie Titus Brandsma. Yn 1968 waard it gymnasium opheft en sûnt is it gebou as mienskipshûs Acropolis yn gebrûk.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kleasterkapel is in trijesidich sletten sealtsjerke mei in monumintaal barok 17e iuws ynterieur. It haalalter út likernôch 1680 hat ryk fykwurk mei de wapens fan Reinier van Stepraedt en Maria Johanna van Amstel van Mijnden. Njonken it haadalter steane oan wjerskanten de sydalters yn 'e styl. Yn 'e opsetstikken fan 'e sydalters binne skilderijen fan Everardus Witte ferwurke, ek wol it Heilig Bruurke neamd. It grêfmonumint fan dy yn 1950 ferstoarne muonts stiet yn 'e kapel njonken it kleaster. Yn 'e tsjerke stiet de preekstoel út 1696, fiif bychtstuollen út 1695 en in letgoatysk oargel.
Yn 'e keuken binne religieuze skilderijen oanbrocht.
Hof van Los
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hof van Lof is in liturgyske tún yn krúsfoarm. De fjouwer krúsearmen komme oerien mei de fjouwer seizoenen. De tún is tagonklik foar besikers.
Bynamme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om yn Megen in soad Fransiskaanske muontsen en susters wenje, hat Megen de bynamme "Assisy oan 'e Maas".
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fransiskaansk kleaster, Megen fan Wikimedia Commons. |