Springe nei ynhâld

Frans Weisz

Ut Wikipedy
Frans Weisz
regisseur en/of produsint
Frans Weisz (2018)
Frans Weisz (2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne23 july 1938
berteplakAmsterdam
stoarn7 desimber 2025
stjerplakAmsterdam
wurkpaad
wurksum asFilm- en telefyzjeregisseur
jierren aktyf1964–2020
offisjele webside
IMDb-profyl
Moviemeter-profyl
TMDB-profyl

Frans Andor Benjamin Weisz (Amsterdam, 23 july 1938 - dêre, 7 desimber 2025) wie in Nederlânske film- en telefyzjeregisseur. Bekende wurken fan him binne de films De Inbreker" (1972), Rooie Sien" (1975), Charlotte (1981), de trilogy Leedvermaak (1989), Quvive (2002), Happy End (2009), Hoogste Tijd (1995) en de telefyzjerige Bij nader inzien (1991).

Frans Weisz wie de soan fan it Joadske pear Géza Weisz (1904-1944) en Sara Drielsma (1904-1979). Syn heit kaam om yn it ferneatigingskamp Auschwitz.

Weisz begûn mei in stúdzje oan de toanielskoalle, mar joech dy nei in jier op om nei de Amsterdamske Filmakademy te gean. Hy krige in stúdzjebeurs foar de Italiaanske filmskoalle Centro Sperimentale di Cinematografia yn Rome.

Weisz wie troud en wie heit fan akteur Géza Weisz (1986). Weisz wie oanhelle mei de sykte fan Alzheimer en ferstoar op 7 desimber 2025 yn de âldens fan 87 jier.

Nominaasjes en prizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weisz krige Gouden Kalveren foar bêste regy foar Leedvermaak en Bij nader inzien. Foar Een zondag op het eiland van de Grande Jatte krige er in Sulveren Bear.

  • 2019 – Shortcutz Amsterdam Career Award
  • 2021 – Career Achievement Award fan Film by the Sea

Weisz waard yn 2018 by syn 50-jierige karriêre yn tsjinst fan de Nederlânske film riddere ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau fanwegen syn fertsjinsten foar de Nederlânske film.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: