Springe nei ynhâld

Frank Williams (Formule 1)

Ut Wikipedy
Frank Williams (Formule 1)
Frank Williams (2011)
Frank Williams (2011)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sir Francis Owen Garbett Williams
nasjonaliteit Britsk
berne 16 april 1942
berteplak South Shields
stoarn 28 novimber 2021
stjerplak Surrey
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
aktyf as Teambaas Williams
reden
  bekendheid
Wurksum yn de Formule 1

Sir Francis Owen Garbett (Frank) Williams OBE (South Shields Tyne and Wear, 16 april 1942 - Surrey, 28 novimber 2021) wie in Ingelsk autokoereur en oprjochter en mei-eigener fan it Williams Formule 1-team.

Nei't er in blaumoandei autokoereur en monteur west hie rjochte er op de ein fan de jierren 60 it Formule 1-team Frank Williams Racing Cars op, dat oan de slach gie yn de Formule 2 en de Formule 3 en fan 1969 ôf yn de Formule 1. Mei de Ingelske koereur Piers Courage boekte it team syn earste suksessen mei in kochte Brabham yn 1969. De jierren dy't folgen wiene dreech en Williams wie hieltyd op syk nei nije sponsoaren. Yn 1976 waard Walter Wolf haadsponsor. Williams wie dêrtroch gjin eigener fan it team mear en ferliet it team op de ein fan dat jier. It team soe noch in pear jier fuortbestean ûnder de namme Walter Wolf Racing.

Yn 1977 rjochte Williams tegearre mei Patrick Head it hjoeddeistige Williams Formule 1 team op. It waard ien fan de meast suksesfolle teams yn de Formule 1 mei sân wrâldtitels by de riders en njoggen titels by de konstrukteurs. Spitigernôch koe it team ek djiptepunten, lykas it deadlik ûngelok fan Ayrton Senna yn 1994, dêr't Williams him foar ferantwurdzje moast foar in Italjaanske rjochtbank en úteinlik nei in pear jier frijsprutsen waard fan alle skuld.

Yn maart 2012 kundige Williams oan dat hy him weromlûke soe út it bestjoer fan Williams F1 en ferfongen waard troch syn dochter Claire Williams, hoewol't er ienearsten noch hieltyd by it team bliuwe soe yn de rol fan offisjele teambaas. Frank Williams hie gjin belutsenheid mear by it Williams-team doe't it yn septimber 2020 ferkocht waard.

Frank Williams waard berne yn South Shields, Tyne and Wear, Ingelân, yn it Feriene Keninkryk, mar groeide nei de skieding fan syn âlden op by in muoike yn Jarrow. Fierder brocht er tiid troch op in kostskoalle yn it Skotske Dumfries. Williams wie boaske mei Virginia Berry en hie trije bêrn, werûnder plakferfangend teambaas Claire Williams.

Op 8 maart 1986 rekke er belutsen by in ûngelok, doe't er mei in hierde auto, fan it Frânske Circuit Paul Ricard nei de lofthaven fan Nice ried. De remmen fan de hierde auto diene it net en Williams bedarre mei de auto op it dak yn in ravyn, syn byrider iepene syn autogurdle. Williams rûn dêrby in hege dwerslesy op wêrtroch't er ferlamme rekke oan syn skonken en ek beheiningen hie oan syn hannen.

Williams ferstoar op 28 novimber 2021, yn 'e aldens fan 79 jier nei in koart siikbêd yn in sikehûs yn Surrey.