Frank Dragtenstein

Ut Wikipedy
Dragtenstein syn stúdzje oer Quassie fan Timotibo

Rudolf Franklin Dragtenstein (Paramaribo, 9 septimber 1949) is in Surinaamsk-Nederlânsk histoarikus en Surinamist.

Frank Dragtenstein studearre foar ûnderwizer oan de kweekskoalle fan Paramaribo en yn Amsterdam. Nei in stúdzje skiednis yn De Haach wurke hy as learaar skiednis by de Stichting Rotterdams Conservatorium. Dragtenstein studearre Skiednis fan de Oerseeske Ekspânsje/ Koloaniale Skiednis oan de Ryksuniversiteit Leien en de Universiteit fan Utert. Tusken 1990 en 1993 wie er bestjoerslid fan de Stifting Ynstitút ta Befoardering fan de Surinamistyk. Sûnt 2001 is er ûndersiker by it Nationaal Instituut Nederlands Slavernijverleden en erfenis (NiNsee) yn Amsterdam.

Dragtenstein hat him spesjaal talein op de skiednis fan de Surinaamske slavernij, de marronaazje en skiednis fan Afrikanen yn de diaspora. Hy promovearre yn 2002 oan de Universiteit Utrecht op it proefskrift “De ondraaglijke stoutheid der wegloopers”; Marronage en koloniaal beleid in Suriname, 1667-1768. Fierders skreau er tegearre mei Okke ten Hove it boek Manumissies in Suriname, 1832-1863 (1997).[1] Yn 2004 ferskynde “Trouw aan de blanken”, Quassie van Nieuw Timotibo, twist en strijd in de 18de eeuw in Suriname en yn 2009 "Alles voor de vrede", De brieven van Boston Band tussen 1757 en 1763.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Nasjonaal Argyf oer it boek