Frank Dane
| Frank Dane | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Frank Kjærby Jensen | |
| skûlnamme | Frank Dane | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 8 septimber 1981 | |
| berteplak | De Haach | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| wurksum as | Diskjockey Presintator | |
| medium | Telefyzje Radio | |
| wurksum by | Radio 538, RTL 4 Yorin FM Slam!FM BNN | |
| bekend fan | De 538 Ochtendshow met Frank Dane RTL Boulevard | |
| jierren aktyf | 2001-Hjoed-de-dei | |
Frank Kjærby Jensen (De Haach, 8 septimber 1981) better bekend ûnder it pseudonym Frank Dane, is in Nederlânske radio-dj en telefyzjepresintator.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dane is in soan fan Walther Kjærby, de vice-konsul fan de Deenske ambassade. Hy is in broer fan fan de yn 2026 ferstoarne presintator Robert Jensen, Frank brûkt namme Dane as pseudonym sadat it ferbân mei syn broer Robert minder gau lein wurdt. De namme Dane is in ferwizing nei harren Deenske eftergrûn.
Nei syn tiid by de lokale omrop stapte Dane oer nei Radio 538, dêr't er oant 16 jannewaris 2004 in nachtprogramma presintearre fan 00:00 oant 03:00 oere. Ek wie er fêste sidekick fan Niels Hoogland yn it begjin fan de jûn.
Begjin 2004 stapte Dane oer nei Yorin FM, yn jannewaris 2006 waard Yorin FM ferkocht oan SBS. Dêr stapte Dane op oer nei Slam!FM. Dêr presintearre er fan 3 april 2006 ôf op wurkdagen it moarnsprogramma. Fan 6 augustus 2007 ôf wie Dane werom by Radio 538, om dêrnei yn july 2010 oer te stappen nei 3FM. Hy presintearre dêr foar BNN yn it wykein it moarnsprogramma.
Op snein 10 juny 2012 presintearre hy syn radioprogramma op 3FM folslein yn it Deensk. Dat wie it gefolch fan in belofte dy't, as Denemarken winne soe fan Nederlân op it Europeesk Kampioenskip Fuotbal 2012, hy de oare moarns de moarnsshow folslein yn it Deensk presintearje soe. Denemarken wûn mei 0-1 fan Nederlân en sa presintearre er dy sneintemoarn fjouwer oeren lang yn de Deenske taal.
Mei yngong fan 1 augustus 2012 gie der wer nei Radio 538. Yn 2022 waard bekend dat Dane de middeishow op Radio 538 presintearje soe.
Op 18 maaie 2016 presintearre Dane foar it earst RTL Boulevard as ynfaller foar Winston Gerschtanosinen. Oant mids 2018 is Dane geregeld de ferfangende presintator, ferslachjouwer of entertainment-saakkundige of sidekick yn itselde programma. Yn it neijier fan 2024 wie Dane te sjen as ien fan de presintatoaren fan it SBS 6-programma De beste wensen. Dane is sûnt simmer 2016 de voice-over fan RTL 5 en SBS 6, mar ek foar reklameboadskippen en oare programma's.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|