Frank Brownlee
Frank Brownlee | ||
akteur | ||
Frank Brownlee yn Tombstone Canyon | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 11 oktober 1874 | |
berteplak | Dallas | |
stoarn | 10 febrewaris 1948 | |
stjerplak | Los Angeles | |
jierren aktyf | 1911-1943 | |
offisjele webside | ||
Frank Brownlee yn de IMDb |
Frank Brownlee (Dallas, 11 oktober 1874 – Los Angeles, 10 febrewaris 1948) wie in Amerikaansk filmakteur. Hy wie te sjen yn 114 films tusken 1911 en 1943.[1].
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frank Brownlee waard beskôge as in all-round akteur yn syn filmkarriêre, dy't duorre fan 1911 oant 1943. Hy koe alles spylje, fan in earmoedige goudsiker oant in captain of yndustry. Hy wie it faakst te sjen yn westerns en aksjefilms. Yn it tiidrek fan de stomme film spile er faak minsken dy 't oan de ferkearde kant fan de wet stiene. Yn it tiidrek fan de lûdsfilm wiksele er, om samar te sizzen, fan kant en die faak militêren en plysjes, bewakers of oarderhanthaveners nei.
Brownlee hie syn earste grutte rol yn 1921 yn de stomme film The Whistle (mei William S. Hart yn 'e haadrol ). Hal Erickson [2] neamt Romance Land (1923, rezjy: Edward Sedgwick ), The Social Highwayman (1926, rezjy: William Beaudine) en Tombstone Canyon (1932, rezjy: Alan James) as hichtepunten yn Brownlee syn karriêre. Hy spile ek yn ferskate films fan Laurel en Hardy.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Sold for Marriage (1916)
- Mentioned in Confidence (1917)
- Her Moment (1918)
- Danger, Go Slow (1918)
- Shore Acres (1920)
- His Own Law (1920) (akteur en skriuwer)
- The Whistle (1921)
- Love Never Dies (1921)
- The Hole in the Wall (1921)
- One Exciting Night (1922)
- Be Your Age (1926)
- The Social Highwayman (1926)
- With Love and Hisses (1927)
- Sailors, Beware! (1927)
- The Second Hundred Years (1927)
- Call of the Cuckoo (1927)
- Do Detectives Think? (1927)
- Midnight Rose (1928)
- The Galloping Ghost (1931)
- The Lightning Warrior (1931)
- Pack Up Your Troubles (1932)
- Tombstone Canyon (1932)
- The Midnight Patrol (1933), mei Laurel en Hardy
- Man's Best Friend (1935)
- Gallant Lady (1942)
- Here Comes Kelly (1943)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|