Francis Hayman
| Francis Hayman | ||
| Portret fan Francis Hayman, troch Sir Joshua Reynolds | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1708 | |
| berteplak | Exeter, Devon | |
| stoarn | 2 febrewaris 1776 | |
| stjerplak | Londen | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | keunstskilder, yllustrator | |
| jierren aktyf | 1723-1776 | |
Francis Hayman (1708 – 2 febrewaris 1776) wie in Ingelske skilder en yllustrator dy't ien fan 'e oprjochters fan 'e Royal Academy yn 1768 waard, en letter de earste bibletekaris dêrfan.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hayman sette syn artistike karriêre útein as sêneskilder yn it Drury Lane-teäter yn Londen (dêr't er ek lytse rollen spile) foardat er in atelier oprjochte yn St Martin's Lane.
As mearsidich keunstner waard er beynfloede troch de Frânske Rokoko-styl. Yn 'e 1740-er jierren krige er wat bekendheid troch dekorative skilderijen dy'ter makke foar de jûnsmielkasten yn Vauxhall Pleasure Gardens yn Londen. Hayman wie ek in súksesfol portretskilder en skiednisskilder.
Troch guon fan dizze te kombinearjen, droech er 31 skilderijen by oan in edysje út 1744 fan Shakespeare syn toanielstikken fan Sir Thomas Hanmer, en letter portrettearre er in protte foaroansteande doetiidske akteurs yn Shakespeareaanske rollen, wêrûnder David Garrick as Richard III (1760). Hy yllustrearre ek Pamela, in roman fan Samuel Richardson, Milton's Paradise Lost en Paradise Regained, Tobias Smollett syn oersetting fan Don Quichot, en oare bekende wurken. Yn 'e jierren 1760 krige Hayman opdracht fan Jonathan Tyers, eigener fan Vauxhall Gardens en de bûtenpleats Denbies, om in searje grutskalige histoaryske skilderijen te skilderjen dy't Britske oerwinningen yn 'e Sânjierrige Oarloch ôfbylde.
Hy wie in betûft learaar. Syn learlingen wiene ûnder oaren Mason Chamberlin, Nathaniel Dance-Holland, Thomas Seton en Lemuel Francis Abbott, en hy hie ek in sterke ynfloed op Thomas Gainsborough.
Mei Joshua Reynolds wie Hayman aktyf belutsen by de oprjochting fan 'e Society of Artists, in foarrinner fan 'e Royal Academy of Arts, yn 'e iere 1760-er jierren.
Hayman stoar yn 1776 en waard beïerdige yn in ûnmarkearre grêf yn 'e St. Anne's Church, Soho, Londen. [1]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The play scene from Hamlet, ± 1745
- Dancing milkmaids, ± 1735.
- Print, 1742, V&A Museum nû. 26614:53
- Sir Edward Vernon ± 1755 (detail)
- Lord Clive meeting with Mir Jafar at the Battle of Plassey in 1757
- Don Quixote Disputing with the Mad Caredino, 1765 -70
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Francis Hayman online (ArtCyclopedia)
- Portrait of Hayman by Joshua Reynolds (Philip Mould Fine Paintings)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Francis Hayman fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
