Francesco Cetti
| Francesco Cetti | ||
![]() | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 9 augustus 1726 | |
| berteplak | Mannheim | |
| stoarn | 20 novimber 1778 (52 jier) | |
| stjerplak | Sassari, Keninkryk Sardynje | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | preester | |
| aktyf as | wiskundige, söolooch, natuerûndersiker | |
| bekendste wurk(en) | Storia Naturale di Sardegna (1774–1777) | |
Francesco Cetti (Mannheim, 9 augustus 1726 – Sassari, 20 novimber 1778) wie in Italjaanske roomsk-katolike pryster, natuerûndersiker (benammen soölooch) en wiskundige.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cetti waard berne yn Mannheim yn Dútslân, mar syn âlden kamen oarspronklik út Como. Hy waard oplaat yn Lombardije en oan it Jezuïtekolleezje yn Monza.

Yn 1765 waard er nei Sardinië stjoerd om dêr it ûnderwiisnivo op it eilân te ferheegjen. Yn 1766 waard er beneamd op de learstoel mei de learopdracht wiskunde oan de universiteit fan Sassari. Hy hie dy learstoel oant syn dea ta.
Cetti swalke faak yn 'e omkriten fan Sassari, wêrby't er sûchdieren, fûgels, fisken, ynsekten en fossilen ûndersocht en sammele. Syn ûntdekkingen en fynsten lei er fêst yn de Storia Naturale di Sardegna (de 'natuerlike histoarje fan Sardinië'), 1774 – 7, in wurk yn fjouwer dielen.
Cetti wurdt betocht yn 'e namme fan 'e Cettisjonger (Cettia cetti), [1]dy't op Sardynje sammele waard troch Alberto della Marmora.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Cetti, Francesco, Storia Naturale di Sardegna. G. Piattoli, Sassari (1774).
- Cetti, Francesco, Storia Naturale di Sardegna. G. Piattoli, Sassari (1776).
- Cetti, Francesco, Storia Naturale di Sardegna. G. Piattoli, Sassari (1777).
- Cetti, Francesco, Appendice alla storia naturale dei quadrupedi di Sardegna. G. Piattoli, Sassari (1777).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
