Springe nei ynhâld

François Marie Daudin

Ut Wikipedy
Berte-akte François Marie Daudin 29 augustus 1776
Dea-akte François-Marie Daudin yn Parys 8 Frimaire XII (30 novimber 1803)

François Marie Daudin (Parys, 25 maart 1776 - dêre, 30 novimber 1803) wie in Frânske soölooch spesjalisearre yn de ornitology en de herpetology.

Hy wie in telch út in aadlike famylje, soan fan François Daudin (seigneur de Pouilly, 1746-1811) dy't in funksje hie by it Rekkenhôf fan Parys. Syn mem hjitte Marie Madeleine Louise Escallard de la Bellengerie (1754-1790).
Daudin wie fan jongs ôf fierhinne ferlamme. [1] Dochs gied er it fjild yn om waarnimmingen te dwaan en bisten te sammeljen. Hy folge stúdzjes yn'e fysiology en de natuerlike histoarje, mar it lêste ynteressearre him it measte.

Daudin skreau Traité élémentaire et complet d'Ornithologie ('Folsleine en elemintêre ferhanneling oer ornitology') yn 1799–1800. It wie ien fan 'e earste moderne hânboeken oer ornitology, en kombinearre de binomiale nomenklatuer fan Carl Linnaeus mei de anatomyske en fysiologyske beskriuwingen fan Buffon. Hoewol it in poerbêst begjin wie, waard it nea foltôge.

Yn 1800 publisearre er ek Recueil de mémoires et de notes sur des espèces inédites ou peu connues de mollusques, de vers et de zoophytes. Daudin fûn syn grutste súkses yn 'e herpetology. Hy publisearre Histoire naturelle des reinettes, des grenouilles et des crapauds ('Natuerlike skiednis fan beamkikkerts, kikkerts en podden') yn 1802, en Histoire naturelle, générale et particulière des reptiles ('Natuerlike skiednis fan reptilen') (8 dielen) yn 1802–1803. Dat lêste wurk befette beskriuwingen fan 517 soarten, in protte foar it earst, basearre op it ûndersykjen fan mear as 1100 eksimplaren.

Hy waard holpen troch syn frou "Adèle" (Adélaïde Geneviève de Grégoire de Saint-Sauveur, berne yn 1774), dy't de yllustraasjes by syn wurk tekene. Hoewol't syn boeken kommersjele mislearrings wiene, libbe it pear net yn earmoede, fanwegen it famyljefortún. [2] Sy stoar ein 1803 oan tuberkuloaze, en hy stoar koart dêrnei, ek oan tuberkuloaze, noch gjin 30 jiier âld. It pear liet in bern (François Louis Hyacinthe Daudin, 1802-1889) fan 1,5 jier âld efter dat grutbrocht waard op it famyljekastiel fan Pouilly.

Nettsjinsteande syn koarte libben levere Daudin in bliuwende bydrage oan 'e taksonomy.

  • Recueil de mémoires et de notes sur des espèces inédites ou peu connues de mollusques, de vers et de zoophytes. Fuchs, Treuttel & Wurtz, Parys 1800.
  • Traité élémentaire et complet d'ornithologie  ou  Histoire naturelle des oiseaux. Bertrandet, Parys 1800.
  • Histoire naturelle des rainettes, des grenouilles et des crapauds. Bertrandet & Levrault, Parys 1802/03.
  • Histoire naturelle, générale et particulière, des reptiles. Dufart, Parys 1802–05 p.m.
  • Recueil de memoires ... sur les Mollusques, de Vers et les Zoophytes. Parys 1806 p.m.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beoens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 pp. ISBN 978-1-4214-0135-5. ("Daudin, F. M.", p.66).
  2. Bour, Roger (2011). "François Marie Daudin (29 août 1776-30 novembre 1803), auteur de l’Histoire naturelle, générale et particulière, des Reptiles". Alytes 28 (1-2): 1-76.