Frânske Gatsje
It Frânske Gatsje is in ferbining oer it Waad dêr't in ûndjip skip súd fan It Gryn oerstekke kin tusken Flylân en Skylge.
Yn de 20e iuw hat dit in fêste ferbining west, fan de Flystream oan de eastkant nei de Flylander Balch oan de westkant. Om't It Gryn de ferbining beskerme, wie der net in protte golfslach, en om't it net in tijferbining wie, wie der net in protte streaming.
Sûnt hat it waad fan It Gryn him útwreide nei it suden, dat by heech wetter is der mar sa'n 80sm wetter, of krekt wat mear, mar by leech wetter kin it waad hielendal dreech komme te lizzen. Lykwols is der in rûte fan tonnen oanjûn fan de iene kant nei de oare; der is gjin grûn dy krekt bylâns te gean: it jout mar de rjochting fan it doel oan de oare kant fan it waad oan, mei de djipte oeral hast deselde.