Springe nei ynhâld

Frânsk-Polyneezje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frânsk Polynezië)
Frânsk-Polyneezje
Polynésie française (Frânsk)
Pōrīnetia Farāni (Tahitiaansk)
flagge wapen
Tahitiaansk: Tahiti Nui Māre‘are‘a
("Grut Tahity fan 'e Goudene Dize")
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Frankryk
pol. status oerseeske kollektiviteit
haadstêd Papeete
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 278.786 (2022)
befolkingstichtens 79,2 / km²
oerflak 4.167 km² (ynkl. wetter)
3.521,2 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Pasifyske frank (₣) (XPF)
tiidsône UTC –10.00
Markesaseil.: UTC –9.30
Gambiereil.: UTC –9.00
tillefoan +689
ynternetekstinsje .pf
webside www.polynesie-francaise.pref.gouv.fr

Frânsk-Polyneezje, ek skreaun as Frânsk-Polynezië (Frânsk: Polynésie française, útspr.: [pɔlineˈzi fʁɔ̃ˈsɛːz], likernôch: "poh-ly-nee-zy fchông-sêz; Tahitiaansk: Pōrīnetia Farāni, útspr.: [poːriːnetia faraːni], likernôch: "poo-rii-nit-ty-ah fah-raa-ni") is in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele status fan in oerseeske kollektiviteit en fan in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk. Frânsk-Polyneezje leit yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan en makket diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje. It bestiet út fiif eilannegroepen, en hat in trochsneed fan mear as 2.400 km fan east nei west. De wichtichste arsjipel wurdt foarme troch de Genoatskipseilannen, mei Tahity as haadeilân. Dêr leit ek Papeete, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje. It op ien nei bekendste eilân is de eksoatyske fakânsjebestimming Bora Bora. Neffens de folkstelling fan 2022 hie Frânsk-Polyneezje doe krapoan 279.000 ynwenners. De iennichste offisjele taal is it Frânsk, mar de lânseigen Polynezyske talen genietsje in beskate erkenning as streektalen.

De eilannen fan Frânsk-Polyneezje waarden om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne foar it earst troch de minske kolonisearre yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren. De earste moeting fan 'e lânseigen befolking mei Jeropeeske seefarders wie yn 1521. Harren kristening troch Westerske sindelingen begûn oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw. Yn 1842 rôp Frankryk in protektoraat út oer it Keninkryk Tahity, en yn 'e folgjende krapoan sechstich jier waard de rest fan Frânsk-Polyneezje ta koloanje makke. Sûnt 1977 genietet it gebiet in beskate mjitte fan selsbestjoer. Frânsk-Polyneezje stiet noch altyd op 'e list fan 'e Feriene Naasjes fan gebieten dy't jit dekolonisearre wurde moatte.

Frânsk-Polyneezje leit yn it sintrale diel fan 'e Stille Oseaan, súdlik fan 'e Evener. It makket diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't û.o. ek Tonga, Samoä, Amerikaansk-Samoä, de Cookeilannen, Hawaï en Nij-Seelân ta hearre. Yn steatkundige sin grinzget Frânsk-Polyneezje yn it westen oan 'e Cookeilannen, in steat yn frije assosjaasje mei Nij-Seelân; yn it noardwesten oan Kiribaty, dat ta de regio Mikroneezje heart; en yn it súdeasten oan 'e Pitcairneilannen, in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Yn it noarden, noardeasten, easten, suden en súdwesten leit inkeld de iepen oseaan. Frânsk-Polyneezje leit 6.000 km bewesten Sily, 5.200 km beëasten Austraalje, en 15.700 km fan 'e Frânske haadstêd Parys ôf.

In lânkaart fan Frânsk-Polyneezje.

It totale oerflak oan lân fan Frânsk-Polyneezje is mar 3.521,2 km² (ta ferliking: Fryslân hat in lânoerflak fan 3.340 km²). Dat lân is tige by tige fragmintearre en leit yn lytse stikjes en brokjes fersille tusken 8° en 28° suderbreedte en tusken 134° en 155° westerlingte, oer in ôfstân fan rûchwei 2.400 km iepen oseaan fan east nei west en sa'n 2.750 km iepen oseaan fan noard nei súd. Yn totaal binne der 121 eilannen en atollen, dy't ferdield binne oer fiif grutte arsjipellen.

It fierst nei it westen ta lizze de Genoatskipseilannen (Frânsk: Îles de la Societé), mei in mienskiplik oerflak oan lân fan 1.598 km². Se binne op te dielen yn 'e Underwynske Eilannen (Îles Sous-le-Vent), dy't it westlikst lizze, en de Boppewynske Eilannen (Îles du Vent), mear nei it easten ta. De namme "Genoatskipseilannen" wie oarspronklik inkeld bedoeld foar de Underwynske Eilannen. It wie in betinksel fan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't fûn dat dy eilannen sa deun byinoar leine, dat se, yn it Ingelsk sein, in close society ("yn nei selskip") wiene. Mar it wurd society betsjut bûten dy kontekst ornaris "genoatskip", dat sadwaande.

De Underwynske Eilannen besteane út 5 hege, fulkanyske eilannen en 4 atollen, wylst de Boppewynske Eilannen 4 hege eilannen en 1 atol omfetsje. De Boppewynske Eilannen binne it tichtstbefolke part fan Frânsk-Polyneezje, mei as wichtichste eilân Tahity, dêr't de haadstêd Papeete leit, en ek it heechste punt fan Frânsk-Polyneezje, de berch de Orohena, mei in hichte fan 2.241 m boppe seenivo. In oar wichtich eilân út dy groep is Mo‘orea, fuort bewesten Tahity. It bekendste eilân fan 'e Underwynske Eilannen is de lúkse fakânsjebestimming Bora Bora. Oare wichtige eilannen yn dy groep binne Huahine en de twillingeilannen Ra‘iātea en Taha‘a.

De berch de Aorai, yn it noardwesten fan Tahity.

Eastlik fan 'e Genoatskipseilannen lizze de Tûamotû-eilannen (Îles Tuamotu), de grutste arsjipel, dy't ek ferspraat is oer it grutste oerflak oan see, mear as 1.500 km fan noardwest nei súdeast en mear as 500 km fan east nei west. De westlikste eilannen lizze op sa'n 300 km ôfstân fan Tahity, wylst de eastliksten dêr rûchwei 1.500 km fan ôf lizze. Der binne 80 atollen, dy't yn totaal besteane út mear as 3.100 eilannen en eilantsjes mei in mienskiplik oerflak fan lykwols mar 699 km². De wichtichste eilannen binne Rangiroa, Manihi en Ahē, mar it bekendste is nei alle gedachten Moruroa, dêr't Frankryk fan 1963 oant 1996 atoombommen teste.

De Gambiereilannen (Îles Gambier) binne in lyts arsjipeltsje fan 6 hege eilannen en 1 atol, mei in mienskiplik oerflak fan mar krapoan 28 km². Dizze groep slút yn it súdeasten fan 'e Tûamotû-eilannen as in soartemint taheakke oan op dy gruttere arsjipel. De Gambiereilannen binne de eastliksten fan alle eilannen fan Frânsk-Polyneezje, op likernôch 1.600 km fan Tahity. It grutste en wichtichste eilân yn 'e groep is Mangareva.

In loftfoto fan 'e bekende fakânsjebestim-ming Bora Bora, yn 'e Genoatskipseilannen.

Rjocht benoarden de Tûamotû-eilannen, oarekant in stik iepen oseaan sûnder eilannen, lizze de Markesaseilannen (ek: Marquesaseilannen of Markize-eilannen; Frânsk: Îles Marquises). Dy arsjipel, de noardlikste fan Frânsk-Polyneezje, leit op 1.400 km ôfstân fan Tahity, net fier ûnder de Evener. De Markesaseilannen besteane út 12 hege eilannen mei in mienskiplik oerflak fan 1.049 km². De arsjipel falt yn twa dielen útinoar, de Noardlike en de Súdlike Markesaseilannen. De wichtichste eilannen binne Nuku Hiva en ‘Ua Pou yn 'e noardlike groep, en Hiva ‘Oa yn 'e súdlike groep.

De lêste fan 'e fiif arsjipellen fan Frânsk-Polyneezje binne de Australeilannen (Îles Australes), dy't fier besuden de Genoatskipeilannen en de westlike Tûamotû-eilannen oerskrank oer de Stienbokskearkring hinne lizze. Dy groep bestiet út 5 hege eilannen en 1 atol mei in mienskiplik oerflak fan krapoan 148 km². Elts eilân leit fier fan alle oaren ôf, ferspraat oer in ôfstân fan 575 oant 1.275 km besuden Tahity. De wichtichste eilannen binne Rūrutu, Tupua‘i (Frânsk: Tubuai) en Ra‘ivavae. Dat lêste eilân leit al in hiel ein nei it súdeasten ta, noch fierder fan 'e oare eilannen ôf as dat dy faninoar ôf lizze.

It strân op it eilân Tupua‘i, yn 'e Australeilannen.

Mar it súdlikst, ôfhandichst en meast isolearre fan allegearre is Rapa, dat 500 km fan it neiste oare bewenne eilân, Ra‘ivavae, ôf leit, en mar kwealk noch as ûnderdiel fan 'e Australeilannen beskôge wurde kin. It foarmet syn eigen lytse arsjipel, de Basseilannen (Îles basses) yn 'e mande mei it ûnbewenne Marotiri, ek bekend as Bass Rocks (Îlots de Bass). Rapa stie histoarysk bekend as Rapa Iti ("Lyts Rapa") om it te ûnderskieden fan Rapa Nui ("Grut Rapa"), dat de Polynezyske namme is foar it troch Sily bestjoerde Peaske-eilân.

Hoewol't it nea ta Frânsk-Polyneezje heard hat, waard it ûnbewenne Frânske eilân Clipperton, dat súdwestlik fan Meksiko leit, oant 2007 út 'e Frânsk-Polynezyske haadstêd Papeete wei bestjoerd.

De tradisjonele fearretoai fan in Markezyske kriichshear.

Kolonisaasje troch de Polyneezjers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it Grutte Polynezyske Folkeferfarren, dat neffens antropologen en histoarisy om 1500 f.Kr. úteinsette, fearen Austronezyske folken út Súdeast-Aazje wei de iepen Stille Oseaan yn om nij lân te sykjen. Hja navigearren by de stjerren en setten har nei wenjen op 'e bewenbere eilannen dy't se tsjinkamen. Nei ferskate generaasjes setten dan groepkes fan 'e bewenners wer ôf, fierder nei it easten ta, op 'e siik nei nije eilannen. Dy stadige kolonisaasje fan 'e Stille Súdsee soe úteinlings syn fierste punt berikke op Peaske-eilân, dat 3.500 km út 'e kust fan Súd-Amearika leit, mar 14.600 km út 'e kust fan Aazje.

Saakkundigen ornearje dat de Markesaseilannen it earste part fan Frânsk-Polyneezje wiene dat kolonisearre waard, om 200 f.Kr. hinne. De oare eilannegroepen folgen letter, de Genoatskipseilannen omtrint 300 (n.Kr.). De iere Polynezyske bewenners fan Frânsk-Polyneezje lieten gjin skreaune boarnen nei, dat harren hiele skiednis en kultuer waard trochjûn troch mûnlinge oerlevering. Dêrfan gie gâns ferlern doe't letter Westerske sindelingen de lânseigen befolking it kristendom opkrongen.

De HMS Resolution en de HMS Discovery, twa skippen fan 'e ekspedysje fan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook, foar anker by it eilân Huahine, yn 'e Genoatskipseilannen.
(Skilderij fan John Cleveley de Jongere, te sjen yn it Nasjonaal Maritym Museum te Greenwich.)

Tiidrek fan 'e ûntdekkingsreizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ierste kontakt fan 'e Polynezyske befolking fan 'e eilannen mei Jeropeeske seefarders foel foar yn 1521, doe't de Portegeeske ûntdekkingsreizger Fernão de Magalhães, dy't yn 'e tsjinst fan 'e Spaanske Kroan in reis om 'e wrâld makke, it eilân Pukapuka, yn it noardeasten fan 'e Tûamotû-arsjipel, yn it sicht krige. Yn 1606 ûntdiek in oare Spaanske ekspedysje ûnder lieding fan Pedro Fernandes de Queirós by it trochkrusen fan Polyneezje in eilân dat se Sagitaria neamden en dat nei alle gedachten Rekareka, súdeastlik fan Tahity, wie. Yn 1722 fear de Nederlanner Jacob Roggeveen troch it gebiet op in ekspedysje foar de Westyndyske Kompanjy (WIC), en lei dêrby kartografysk de lokaasje fêst fan seis eilannen yn 'e Tûamotû-arsjipel en twa yn 'e Genoatskipseilannen, wêrûnder Bora Bora.

De Britske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis wie de earste Jeropeaan dy't Tahity oandie, yn 1767. In jier letter waard dat eilân ek besocht troch de Frânske ûntdekkingsreizger Louis Antoine de Bougainville, en wer in jier letter, yn 1769, arrivearre by Tahity in Britske ekspedysje ûnder lieding fan James Cook. Dyselde soe noch twaris nei it eilân weromkeare, yn 1773 en yn 1777, foar't er yn dat lêste jier fermoarde waard by de ûntdekking fan Hawaï. Yn 1772 joech don Manuel de Amat, de Spaanske ûnderkening fan 'e koloanje Perû, opdracht foar in nije ekspedysje nei Tahity ûnder lieding fan Domingo de Bonechea. Dyselde wie de earste Jeropeaan dy't behalven Tahity alle wichtige eilannen fan 'e Genoatskipseilannen ferkende. Yn 1774 fêstigen de Spanjerts in eigen delsetting op Tahity, dy't lykwols gjin lang libben beskern wie.

De keninkriken yn 'e Genoatskipseilannen om 1800 hinne.

Kristening en kolonisaasje troch Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ferskynden de earste Westerske sindelingen op 'e Genoatskipseilannen. Leden fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), setten har yn 1797 permanint del yn 'e arsjipel. Omtrint dy tiid wiene de Genoatskipseilannen opdield yn fjouwer ûnôfhinklike keninkriken: it Keninkryk Tahity mei de eilannen Tahity, Mo‘orea, Teti‘aroa en Meheti‘a, it Keninkryk Huahine mei de eilannen Huahine en Mai‘ao, it Keninkryk Raiatea mei de eilannen Ra‘iātea en Taha‘a en it Keninkryk Bora Bora mei de eilannen Bora Bora, Tūpai, Maupiti, Mopelia (Maupiha‘ā), Scilly (Manuae) en Bellinghausen (Motu One). It machtichste keninkryk wie Tahity, om't dat fierwei de grutste befolking hie. Troch ynterne rebûlje moast kening Pōmare II fan Tahity yn 1803 de wyk nimme nei Mo‘orea. Troch syn ferswakke politike sitewaasje stied er mear iepen foar stipe wêr't er dy ek mar krije koe, en yn 1812 liet er him troch sindelingen fan it LMS dope.

Frânske roomske misjonarissen, yn 'e persoanen fan Honoré Laval en François Caret, arrivearren pas yn 1834 op Tahity, doe't it protestantisme dêr al stevich fêstige wie. Doe't de beide mannen yn 1836, nei't se deilis rekke wiene mei keninginne Pōmare IV en de Britske sindelingen, fan it eilân ferdreaun waarden, stjoerde Frankryk om ferhaal te heljen in kanonnearboat, dy't yn 1838 oankaam. Om te bewissigjen dat roomske misjonarissen talitten wurde soene, fêstige Frankryk yn 1842 in protektoraat oer it Keninkryk Tahity en teffens oer Tahuata, yn 'e súdlike Markesaseilannen. Yn namme is in protektoraat in ûnôfhinklik lân dat troch in grutmacht yn beskerming nommen wurdt tsjin oare grutmachten, mar feitliks kaam de sitewaasje derop del dat Tahity in Frânske koloanje waard, dêr't de keninginne en har regear inkeld noch dulde waarden en gjin selsstannige besluten mear nimme koene. Dat protektoraat, dat neitiid stadichoan fierder útwreide waard oer de oare eilannen en eilannegroepen dy't tsjintwurdich Frânsk-Polyneezje foarmje, krige de namme Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings").

Teri‘imaevarua III, de lêste keninginne fan Bora Bora, dy't yn 1888 troch de Frânsen twongen waard ta abdikaasje doe't se har keninkryk anneksearren.

De Frânske kolonisaasje fan it gebiet gie net sûnder slach of stjit. It koloniale bestjoer oer Tahity en de Boppewynske Eilannen koe pas goed fêstige wurde nei't de Frânsen it lânseigen ferset de kop yn drukt hiene yn 'e Frânsk-Tahitiaanske Oarloch fan 18441847. Oan 'e ein fan dat konflikt sleat Frankryk mei it Feriene Keninkryk in ferdrach, de Konvinsje fan Jarnac (1847), wêryn't fêstlein waard dat de beide Jeropeeske grutmachten de ûnôfhinklikheid fan 'e keninkriken Raiatea, Huahine en Bora Bora yn 'e Underwynske Eilannen respektearje soene. Mar Frankryk lape dy oerienkomst yn 1888 oan syn lears en kolonisearre de steatsjes dochs. Dat late ta de Underwynske Oarloch, dy't duorre oant 1897.

Underwilens waard it protektoraat dat yn 1842 oer Tahuata fêstige wie, yn 'e neifolgjende jierren stilswijend útwreide oer alle Markesaseilannen. Yn 'e 1880-er jierren naam Frankryk de Tûamotû-eilannen en de Gambiereilannen yn besit sûnder se formeel te anneksearjen, mei as argumint dat de Tûamotû-arsjipel yn it ferline in besitting west hie fan 'e Pōmare-dynasty fan Tahity. De beide eilannegroepen waarden al sûnt de 1850-er jierren oerhearske troch roomske misjonarissen, dat de Frânske kolonisaasje gie dêr in stik makliker as op 'e Genoatskipseilannen. Yn 1885 stelde it regear yn it fiere Parys in gûverneur en in algemiene ried oan, sadat der in formeel koloniaal bestjoer kaam. De eilannen Rimatara en Rūrutu, yn 'e Australeilannen, seagen it swurk driuwen en lobbyden yn 1888 om 'e nocht om Britske beskerming te krijen. It resultaat wie dat se yn 1889 troch Frankryk anneksearre waarden. De oare Australeilannen waarden yn 1900 en 1901 ek opslokt. Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO.

In fiifsintse postsegel út 1942, útjûn troch it koloniaal bestjoer fan 'e EFO yn 'e namme fan it Frije Frankryk.

Tweintichste en ienentweintichste iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, waard Papeete by it saneamde Bombardemint fan Papeete besketten troch Dútske marineskippen. Dêrby kamen ferskate ynwenners om en waard gâns skea oanrjochte.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wegere it koloniaal bestjoer fan 'e EFO him oan te sluten by Vichy-Frankryk, dat winliken in marionetterezjym fan nazy-Dútslân wie. Ynstee erkende de koloanje yn 1940 it regear-yn-ballingskip dat ûnder lieding fan Charles de Gaulle troch de Frije Frânsen yn 'e Britske haadstêd Londen fêstige wie. Dat hie as gefolch dat in protte Polyneezjers yn 'e neikommende jierren fan 'e oarloch yn 'e striidkrêften fan 'e Frije Frânsen tsjinnen en tsjin 'e Dútsers fochten. It Keizerryk Japan, de bûnsgenoat fan nazy-Dútslân yn East-Aazje, hie ûnderwilens op 16 septimber 1940 besletten om 'e EFO op te nimmen yn wat nei de oarloch it 'Eastpasifysk Gûvernemint-Generaal' fan Japan wurde moatten hie. It ferrin fan 'e oarloch yn 'e Stille Oseaan wie lykwols sa dat de Japanners nea takamen oan in ynvaazje fan Frânsk-Polyneezje.

It Tinkteken foar Pouvana‘a a Oopa yn Papeete. Pouvana‘a a Oopa wie in Tahitiaanske nasjonalist, dy't yn 'e 1950-er jierren oan it haad stie fan in freedsume ôfskiedingsbewe-ging oant er troch de Frânsen út syn heitelân ferballe waard.

Nei ôfrîn fan 'e oarloch waarden de EFO yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle ynwenners fan Frânsk-Polyneezje de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebiet waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").

Yn 1962, doe't Algerije nei in lange striid syn ûnôfhinklikheid fan Frankryk wûn, koe de Sahara dêre net langer brûkt wurde foar it testen fan atoombommen. Der moast in nije lokaasje komme om proeven te dwaan mei de wapens fan 'e Frânske Force de Frappe, en dêrfoar waard it atol Moruroa, yn 'e eastlike Tûamotû-arsjipel, útsocht. Nei 39 atmosfearyske atoomproeven op Moruroa en nochris 5 op it deunby leine Fangataufa, joech Frankryk yn 1974 ta oan wrâldwide druk om fierdere tests ûndergrûnsk út te fieren. De proeven giene troch oant 1992, doe't der in selsoplein moratoarium fan krêft waard. Yn 1995 kundige de doe nij keazen Frânske presidint Jacques Chirac nije atoomproeven oan, dy't dat jiers en yn 1996 plakfûnen. It late ta ferûntweardiging en lulke reäksjes oer de hiele wrâld, en ta opskuor yn 'e strjitten fan Papeete. De lêste Frânske atoomtest fûn plak op 27 jannewaris 1996. Koart dêrnei joech it Frânske regear ta en ûnthiet it dat der gjin fierdere atoomproeven mear dien wurde soene. Om sjen te litten dat it in oprjocht beslút wie, sleat Frankryk him doe oan by it Alomfetsjend Testferbodsferdrach (CTBT), in ynternasjonaal ferdrach dat it near leit op alle atoomproeven.

It stedhûs fan Papeete, in replika fan it Keninklik Paleis fan Papeete, dat yn 'e 1960-er jierren sloopt is.

Underwilens hie Frânsk-Polyneezje yn 1977 foar it earst in beheinde foarm fan yntern selsbestjoer krigen, dy't yn 1984 útwreide waard. Yn 1983 waard it gebiet op eigen titel lid fan 'e Pasifyske Mienskip, in regionale ûntwikkelingsorganisaasje yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan. Op 28 maart 2003 krige Frânsk-Polyneezje ûnder de refyzje fan kêst 74 fan 'e Frânske grûnwet de status fan in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk. Op 27 febrewaris 2004 waard it selsbestjoer fan it gebiet fêstlein yn in nije wet, wêrby't Frânsk-Polyneezje twa oantsjuttings taparte krige dy't symboalysk wiene foar de eigen autonomy: de (bykommende) status fan en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk, en de titel fan presidint fan Frânsk-Polyneezje foar it haad fan it regionale regear.

Nettsjinsteande dat waard Frânsk-Polyneezje yn 2013 troch de Feriene Naasjes op 'e nij op 'e list set fan gebieten dy't noch dekolonisearre wurde moatte. Dat betsjut û.o. dat it gebiet yn oanmerking komt foar in ûnôfhinklikheidsreferindum dat stipe en organisearre wurdt troch de Feriene Naasjes. It op 'e nij opnimmen fan Frânsk-Polyneezje op dy list kaam Frankryk op it sear, mar waard trochfierd nei't organisaasjes dy't de lânseigen Polynezyske befolking fan it gebiet fertsjintwurdigen, derop oankrongen hiene. Harren pleidoai kige byfal fan 'e Polynezyske Lieders Groep (PLG), de Pasifyske Konferinsje fan Tsjerken (PCC), de Wrâldried fan Tsjerken (WCC), de Ynternasjonale Frouljusliga foar Frede en Frijheid (WILPG), de Melanezyske Spearpunt Groep (MSG) en de Beweging fan Net-Bûne Lannen (NAM).

It Hege Kommissariaat yn Papeete, de sit fan 'e hege kommissaris fan 'e republyk yn Frânsk-Polyneezje.

Politike status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1946 oant 2003 hie Frânsk-Polyneezje de bestjoerlike status fan in oerseesk territoarium (territoire d'outre mer) fan Frankryk. Nei de grûnwetlike herfoarming fan 2003 koene oerseeske territoaria inkeld noch ûnbewenne gebieten wêze. Frânsk-Polyneezje waard doe in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer). Frankryk hat fiif oerseeske gebietsdielen mei dy status; de oaren binne: Frânsk-Sint-Marten en Sint-Bartelemy yn it Karibysk Gebiet, Sint-Pierre en Miquelon foar de eastkust fan Kanada en Wallis en Fûtûna yn it súdwesten fan 'e Stille Oseaan. De statutêre wet dy't Frânsk-Polyneezje yn 2004 krige, joech it gebiet njonken de status fan oerseeske kollektiviteit ek de status fan in oerseesk lân binnen de Republyk (pays d'outre mer au sein de la République). Frânsk-Polyneezje is it iennichste gebiet yn it Frânske steatsbestel mei dy status, mar dat is poer symboalysk en hat fierders neat feroare oan 'e status fan oerseeske kollektiviteit.

Yntern bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bestjoer fan Frânsk-Polyneezje hat syn sit yn 'e haadstêd Papeete, op it eilân Tahity. De heechste fertsjintwurdiger fan it nasjonale Frânske regear is de hege kommissaris fan 'e republyk yn Frânsk-Polyneezje (haut commissaire de la république en Polynésie française). Oan it haad fan it regionale regear stiet de presidint fan Frânsk-Polyneezje, dy't keazen wurdt troch it regionale parlemint, de Assimblee fan Frânsk-Polyneezje. It regear fan Frânsk-Polyneezje hat sizzenskip oer it basis- en fuortset ûnderwiis, de sûnenssoarch en it miljeu. De polityk fan Frânsk-Polyneezje is ferdield tusken de anty-ûnôfhinklikheidspartijen, dy't de bân mei Frankryk behâlde wolle, en de pro-ûnôfhinklikheidspartijen, dy't har losmeitsje wolle fan Frankryk. Beide groepen hâlde inoar min ofte mear yn lykwicht. Sûnt 2000 hawwe der gâns regearingswikselings en korrupsjeskandalen west.

It gebou fan 'e Assimblee fan Frânsk-Polyneezje, it regional parlemint, yn Papeete.

Bestjoerlik is Frânsk-Polyneezje ferdield yn fiif 'bestjoerlike ûnderferdielings' (subdivisions administratives). Dat binne:
● de Underwynske Eilannen
● de Boppewynske Eilannen
● de Markesaseilannen
● de Tûamotû-eilannen en Gambiereilannen
● de Australeilannen (ynkl. de Basseilannen)
Oan it haad fan elts fan dy bestjoerlike ûnderferdielings stiet in 'ryksbestjoerder' (administrateur de l'état), dy't soms ek 'haad fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling' (chef de la subdivision administrative) neamd wurdt. Sokken binne oanstelde amtners ûnder de hege kommissaris fan 'e republyk en de presidint fan Frânsk-Polyneezje.

Fjouwer fan 'e fiif bestjoerlike ûnderferdielings (de Underwynske Eilannen de Markesaseilannen, de Tûamotû- en Gambiereilannen en de Australeilannen) foarmje elts ek in desintralisearre ûnderferdieling fan it regear fan Frânsk-Polyneezje, in saneamd 'distrikt' (circonscription). Oan it haad fan sa'n distrikt stiet in 'territoriaal bestjoerder' (administrateur territorial), dy't lykwols almeast oantsjut wurdt mei de Tahitiaanske term tavana hau. Dyselde fiert pleatslik de besluten út fan it regionale regear en rapportearret streekrjocht oan 'e presidint. Yn 'e Boppewynske Eilannen, dy't ommers fuort om 'e haadstêd Papeete hinne lizze, fiert it regear syn eigen besluten streekrjocht út en oefenet de presidint sels de taken fan 'e tavana hau út, sadat dy funksje dêr oerstallich is.

De fiif bestjoerlike ûnderferdielings binne fierder ûnderferdield yn 48 gemeenten (communes). Krekt as oeral yn Frankryk wurde dêr de boargemaster en de gemeenteried by mei regelmjittige tuskenskoften holden ferkiezings keazen troch de ynwenners. Alle persoanen mei de Frânske nasjonaliteit kinne oan 'e ferkiezings meidwaan troch te stimmen of harsels ferkiesber te stellen, en datselde jildt foar alle lju mei de nasjonaliteit fan ien fan 'e oare lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny. Tritich fan 'e gemeenten binne fierder ûnderferdield yn 98 dielgemeenten (communes associées), itsij om't se oan 'e grutte kant binne foar gemeenten (benammen op grutte eilannen as Tahity en Nuku Hiva), itsij om't se út ferskate eilannen en/of atollen besteane, dy't fier útinoar lizze. Santjin gemeenten hawwe har feriene yn trije gemeenteferbannen (communités des communes).

It fregat Floréal fan 'e Frânsk Marine yn 'e lagune fan Bora Bora (2002).

Bannen mei Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Frânsk-Polyneezje sûnt 1977 in beskate mjitte fan selsbestjoer hat, is it gebiet noch altyd sterk ûnderhearrich oan Frankryk. It nasjonale Frânske regear yn Parys giet oer de rjochtspraak, it heger ûnderwiis, definsje en bûtenlânske betrekkings. De hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en de wet wurdt yn Frânsk-Polyneezje útfierd troch de Nasjonale Sjendarmery, in militêre plysjetsjinst dy't dyselde taken ek op it Frânske plattelân en yn 'e Frânske grinsstreken útoefenet. Yn hiel Frânsk-Polyneezje binne der likernôch 500 sjendarmes. De Frânske Striidkrêften hawwe de ferdigening fan Frânsk-Polyneezje op 'e noed. Dêrta binne permanint likernôch 900 Frânske militêren (foar it meastepart mariniers) en trije grutte marineskippen yn it gebiet stasjonearre.

Yn it legerhûs fan it Frânske parlemint, de Nasjonale Assimblee, wurdt Frânsk-Polyneezje fertsjintwurdige troch trije ôffurdigen (fan yn totaal 577), dy't elts troch it elektoraat yn ien fan 'e trije kiesdistrikten fan it gebiet keazen wurde. Yn 'e Senaat fan Frankryk wurdt Frânsk-Polyneezje fertsjintwurdige troch twa senators (fan yn totaal 348).

It strân Ha‘apiti op it eilân Mo‘orea yn 'e Genoatskipseilannen. Toerisme is de wichtichste pylder fan 'e ekonomy fan Frânsk-Polyneezje.

De muntienheid fan Frânsk-Polyneezje is de Pasifyske frank (histoarysk de CFP-frank neamd), mei as symboal ₣ en as offisjele ynternasjonale ôfkoarting XPF. De Pasifyske frank hat in fêste wikselkoers mei de euro. It bruto nasjonaal produkt (BNP) fan Frânsk-Polyneezje bedroech yn 2019 goed 6 miljard Amerikaanske dollar, wêrmei't it gebiet de op seis nei grutste ekonomy fan Oseaanje hat, nei Austraalje, Nij-Seelân, Hawaï, Papoea Nij-Guineä, Nij-Kaledoanje en Gûam. It BNP per lid fan 'e befolking wie yn 2019 $21.615. Dat wie leger as itselde sifer yn Hawaï, Austraalje, Nij-Seelân, Gûam en Nij-Kaledoanje, mar heger as yn alle oare ûnôfhinklike lannen en ôfhinklike territoaria yn Oseaanje. Frânsk-Polyneezje hie ekonomysk swier te lijen ûnder sawol de Bankekrisis fan 2008 en neifolgjende jierren, as ûnder de koroanapandemy fan 20192023. Beide kearen rekke de ekonomy fan it gebiet yn in resesje fersonken.

De ekonomy fan Frânsk-Polyneezje draait fierhinne op it toerisme, wat ek de reden is dat it gebiet sa slim troffen waard troch de Bankekrisis (doe't in protte minsken út Jeropa en Noard-Amearika in skoft ôfseagen fan djoere fakânsjes) en de koroanapandemy (doe't fan oerheidswegen it near lein waard op reizgjen). De wichtichste toeristyske bestimmings yn it gebiet binne de eilannen Tahity en Bora Bora. Toeristen kinne yn Frânsk-Polyneezje genietsje fan in strânfakânsje mei sinnebaaien en swimmen yn 'e prachtige turkwaze see, mar se kinne ek de natoer en de kultuer fan 'e eilannen ferkenne. Oare aktiviteiten binne: surfen, wynsurfen, kitesurfen, snorkeljen en djipseedûken.

Rispe kopra wurdt yn in boat laden op it strân fan ‘Ua Huka yn 'e Markesaseilannen.

Fierders moat Frânsk-Polyneezje it benammen fan 'e lânbou- en fiskerijsektor hawwe. De wichtichste lânbougewaaksen binne kokosnuten, kopra, grienten en fruit. De wichtichste eksportprodukten fan it gebiet binne nonisop, fanylje en de ferneamde swarte Tahitiaanske pearels. De seeflier fan Frânsk-Polyneezje is ryk oan dylchstoffen, lykas nikkel, kobalt, mangaan en koper, dy't lykwols (anno 2025) net eksploitearre wurde.

Dat alles is net genôch om selsfoarsjennend te wêzen. Yn 2008 hie alle eksport fan Frânsk-Polyneezje in wearde fan $0,2 miljard, wylst alle ymport in wearde hie fan $2,2 miljard. De ekonomy fan it gebiet is sadwaande ôfhinklik fan subsidiëarring troch Frankryk, wat de wichtichste reden is dat de befolking net yn hegere mjitte foarstanner fan ûnôfhinklikens is.

Der binne 53 ûnderskate fleanfjilden yn Frânsk-Polyneezje, wêrfan't 7 noch in ûnferhurde start- en lâningsbaan hawwe. It grutste fleanfjild is de Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā by Papeete, op Tahity. Elts wichtich eilân hat in eigen fleanfjild, dat ûnderlinge ferbinings mei oare fleanfjilden yn Frânsk-Polyneezje ûnderhâldt. De wichtichste loftfeartmaatskippij dy't dy ferbinings fasilitearret, is Air Tahiti. Dy maatskippij moat net betize wurde mei Air Tahiti Nui, de ynternasjonale loftfeartmaatskippij fan Frânsk-Polyneezje, dy't op it bûtenlân fljocht.

De haven fan Papeete, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje.

Frânsk-Polyneezje hat twa eigen tillefyzjekanalen: Polynésie la 1ère (útspr. Polynésie la Première mei as betsjutting "Polyneezje Ien"), oprjochte yn 1965, en Tahiti Nui Television, oprjochte yn 2000. Tillefyzjestjoerders út Frankryk binne ek te ûntfangen.

Neffens de folkstelling fan 2022 hie Frânsk-Polyneezje doe krapoan 279.000 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 79,2 minsken de km² lân. Fan 'e 121 eilannen en atollen wiene yn 2017 75 bewenne. Neffens de folkstelling fan 2022 wennen der doe 246.000 minsken op 'e Genoatskipseilannen, 15.000 op 'e Tûamotû-eilannen, 9.500 op 'e Markesaseilannen, 6.600 op 'e Australeilannen en 1.600 op 'e Gambiereilannen. It tichtstbefolke eilân wie fansels Tahity, dêr't de haadstêd Papeete leit, en dêr't 68,7% fan 'e befolking fan hiel Frânsk-Polyneezje wennet. De stêdekloft fan Papeete allinnich al hie yn 2022 in ynwennertal fan 124.000 minsken, oftewol 44,6% fan 'e totale befolking fan Frânsk-Polyneezje. De gemeente Papeete hie trouwens mar 27.000 ynwenners; de gemeente mei de measte ynwenners yn 'e stêdekloft wie eins Fa‘a‘ā (ek skreaun as Faaa), dêr't yn 2022 krapoan 30.000 minsken wennen.

In groep etnysk Tahitiaanske fammen op in misjeskoalle yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw.

Neffens de Frânske folkstelling fan 1988, de lêste dy't fragen stelde oer etnisiteit, bestie de befolking fan Frânsk-Polyneezje doe út 'e folgjende befolkingsgroepen: 66,5% folbloed Polyneezjers; 7,1% Polyneezjers mei in bytsje Jeropeesk of Eastaziatysk bloed; 9,3% Polynezysk-Jeropeeske healbloeden, de saneamde Demis (demi is Frânsk foar "heal"); 11,9% Jeropeänen (foar it meastepart etnyske Frânsen) en 4,7% Eastaziaten (foar it meastepart Sinezen).

Neffens de folkstelling fan 2017 wie 89,0% fan 'e ynwenners fan Frânsk-Polyneezje ek yn Frânsk-Polyneezje berne. (By de folkstelling fan 2007 wie dat noch 87,3%.) Fierders wie 8,1% fan 'e befolking berne yn it Jeropeeske diel fan Frankryk. (Yn 2007 wie dat noch 9,3%.) Foar de rest wie 1,2% fan 'e befolking yn in oar oerseesk gebietsdiel fan Frankryk berne, wylst 1,7% berne wie yn in oar lân. It Jeropeeske diel fan 'e befolking fan Frânsk-Polyneezje rint yn ferhâlding ta de rest fan 'e befolking al sûnt de 1980-er jierren werom, mar yn absolute sifers berikte it yn 2007 in hichtepunt mei 24.265 minsken. Yn 2017 wie dat tebekrûn nei 22.387 minsken. De Frânsen en ek de Sinezen binne winliken konsintrearre op Tahity. Yn 'e rest fan Frânsk-Polyneezje meitsje lânseigen Polyneezjers de oergrutte mearderheid fan 'e befolking út. Op 'e lytsere, minder toeristyske eilannen foarmje se ornaris sels 100% fan 'e bewenners.

Keninginne Pōmare IV fan Tahity, dy't regearre fan 1827 oant 1877.

De Polynezyske befolking fan Frânsk-Polyneezje, as gehiel ek oantsjut mei de Tahitiaanske term Maohi, falt útinoar yn in stikmannich ûnderskate etnyske groepen, dy't fierhinne gearfalle mei de eilannegroepen. It grutste lânseigen folk wurdt foarme troch de Tahitianen, dy't net inkeld fan Tahity komme, mar fan alle Genoatskipseilannen. Yn 2017 wiene der sa'n 211.000 etnyske Tahitianen yn Frânsk-Polyneezje, wat delkaam op 76,5% fan 'e doetiidske totale befolking. De oare Polynezyske groepen binne folle lytser: sa'n 16.000 Tûamotûanen, 9.300 Markeezjers, 6.300 Australezen, 1.400 Mangarevanen (sa't de lânseigen bewenners fan 'e Gambiereilannen neamd wurde) en 700 Rapanen.

Polynezyske talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânseigen talen fan Frânsk-Polyneezje binne allegearre Polynezyske talen. Dat is in taalkloft út 'e Oseänyske groep fan 'e Maleisk-Polynezyske talen, dy't sels wer ta de Austronezyske supertaalfamylje hearre. Der wurde yn Frânsk-Polyneezje ornaris sân ferskillende lânseigen talen ûnderskaat, fierhinne gearfallend mei de ferdieling yn eilannegroepen. It giet om: Tahitiaansk, Tûamotûaansk, Noardmarkezysk, Súdmarkezysk, Mangarevaansk, Australeesk en Rapaansk. Mar hast elts bewenne eilân hat syn eigen dialekt, en guon fan 'e talen, yn 't bysûnder it Tûamotûaansk, foarmje eins mear in dialektkontinuum as in ienheidstaal. It is faak dreech oan te jaan wêr't de skiedsline tusken in taal en in dialekt leit, dat guon taalkundigen geane út fan mear talen as sân, wylst oaren krekt minder as sân erkenne.

De Baai fan Ahurei op it eilân Rapa, yn it uterste suden fan Frânsk-Polyneezje.

It Tahitiaansk is nau besibbe oan it Tûamotûaansk en it Australeesk, mar ek oan it Maoary fan Nij-Seelân en de talen dy't op 'e Cookeilannen sprutsen wurde (Cookeilânsk Maoary, Rakahanga-Manihiki en Penrhyneesk). It Noard- en Súdmarkezysk en it Mangarevaansk binne dan wer nauwer besibbe oaninoar en oan it Hawaïaansk fan Hawaï. Nei it Rapaansk is mar sa'n bytsje ûndersyk dien dat dy taal almeast wat apart holden wurdt fan 'e oaren, hoewol't party taalkundigen it op grûn fan geografy as in dialekt fan Australeesk behannelje. Ek nau oan 'e talen fan Frânsk-Polyneezje besibbe is it Peaske-eilânsk fan it troch Sily bestjoerde Peaske-eilân.

It Tahitiaansk wurdt op Tahity en de oare Genoatskipseilannen sprutsen. It is mei ôfstân de grutste lânseigen taal fan Frânsk-Polyneezje, mar it is ek in taal dêr't it mei yn it neigean rekke is. By de folkstelling fan 1977 wiene der noch 117.000 memmetaalsprekkers, mar tritich jier letter, yn 2007, wie dat oantal tebekrûn nei goed 68.000. Dat betsjutte dat doe noch mar 32,3% fan 'e etnyske Tahitianen de eigen taal as memmetaal hie. Fral op Tahity is in grut part fan 'e lânseigen befolking oergien op it sprekken fan Frânsk. It Tûamotûaansk wurdt noch sprutsen troch 4.000 minsken (25,6% fan 'e etnyske groep); it Noardmarkezysk hat 5.400 sprekkers en it Súdmarkezysk 3.300 sprekkers (mei-inoar 93,5% fan 'e Markezyske etnyske groep); it Australeesk hat 5.000 sprekkers (79,4% fan 'e etnyske groep); it Mangarevaansk hat 600 sprekkers (42,9% fan 'e etnyske groep); en it Rapaansk hat 300 sprekkers (42,9% fan 'e etnyske groep).

Hiva ‘Oa, yn 'e Markesaseilannen.

It Frânsk is de iennichste offisjele taal fan Frânsk-Polyneezje. In op 12 april 1996 yngiene wet stelt: "It Frânsk is de offisjele taal; Tahitiaansk en de oare Polynezyske talen meie ek brûkt wurde." By de folkstelling fan 2017 rapportearre 73,9% fan 'e respondanten dat it Frânsk harren memmetaal wie of oars de taal dy't se yn 'e hûs it measte brûkten (by de folkstelling fan 2007 wie dat noch 68,6%). Yn 2017 koe fierders 95,2% fan 'e minsken fan 15 jier en âlder Frânsk ferstean, sprekke, lêze en skriuwe, wylst mar 1,3% rapportearre dat se gjin kennis hiene fan it Frânsk. Yn itselde jier joech fierders 86,5% fan 'e respondanten oan dat se "ienige kennis" hiene fan ien of mear fan 'e Polynezyske talen (yn 2007 wie dat 86,4%), wylst 13,5% oanjoech alhiel gjin kennis fan 'e Polynezyske talen te hawwen (yn 2007 wie dat 13,6%).

Sineesk en oare talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn 2017 rapportearre 0,6% fan 'e respondanten (yn absolute sifers 1.656 minsken) dat se in Sineeske taal as memmetaal hiene. Dat betsjut dat fierwei it grutste diel fan 'e Sineeske mienskip in oare taal sprekt, te witten: Frânsk. It grutste part fan 'e groep dy't wol Sineesktalich wie, ntl. 41% fan dy persoanen (679 minsken), spriek Hakka, in taal út súdlik Sina. By de folkstelling fan 2017 joech 0,4% fan 'e minsken (1.100 persoanen) oan dat se in oare bûtenlânske taal as memmetaal hiene.

De roomske Notre Dame-katedraal yn Papeete

Yn religieus opsjoch bestiet de grutte mearderheid fan 'e befolking fan Frânsk-Polyneezje, 92,3%, út kristenen. De grutste subgroep wurdt foarme troch protestanten, wat bysûnder is yn in oerseesk gebietsdiel fan in tradisjoneel roomsk lân as Frankryk. Fierwei de grutste protestantske denominaasje is de Protestantske Tsjerke fan 'e Maohi, in kalvinistysk tsjerkegenoatskip, dat (neffens sifers út 2010) mear as de helte fan 'e hiele befolking ta syn leden telt. Dy tsjerke giet werom op 'e bekearing en doop fan kening Pōmare II fan Tahity yn 1812 troch Britske sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS).

Lytsere protestantske tsjerkegenoatskippen, dy't aktyf binne yn Frânsk-Polyneezje, binne de mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen, mei goed 28.000 leden, de krektlyk mormoanske Mienskip fan Kristus mei 9.300 leden, en de Jehova's Tsjûgen mei sa'n 3.000 leden.

In kristlik begraafplak yn 'e Tûamotû-eilannen.

Sa'n 38,3% fan 'e ynwenners fan Frânsk-Polyneezje wie yn 2019 lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Frânsk-Polyneezje foarmet in roomske tsjerkeprovinsje op himsels, besteande út it Aartsbisdom Papeete en ien suffragaan bisdom, it Bisdom Taiohae. It tal roomsen is sterk oanwoeksen sûnt 1950, doe't se noch mar 21,6% fan 'e befolking foarmen. Geografysk sjoen binne de protestanten konsintrearre op 'e Genoatskipseilannen en de Australeilannen, wylst roomsen yn 'e mearderheid binne op 'e Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen en de Gambiereilannen. Ek op Tahity wenje in protte roomsen, dy't dêr lykwols in minderheid foarmje.

De restearjende 7,7% fan 'e befolking, dy't net út kristenen bestiet, is opmakke út ateïsten en agnosten en út oanhingers fan oare godstsjinsten. Foar in diel giet it dêrby om 'e tradisjonele natoerreligy fan Polyneezje, dy't op 'e ôfhandiger leine eilannen fan Frânsk-Polyneezje noch altyd fuortbestiet. Mar der wiene yn 2017 ek 500 moslims yn Frânsk-Polyneezje.

Tahitianen fiere de ‘upa‘upa-dûns út.

De lânseigen muzyk fan Frânsk-Polyneezje (en de Cookeilannen) wurdt karakterisearre troch in foarm fan sjongen dy't himene tārawa hjit. Dy kin men weromkenne oan in unike fal yn 'e toan oan 'e ein fan sjongregels, dy't kreëarre wurdt troch de ferminging fan ferskate sjongstimmen. It sjongen is a kappella, mar wurdt begelaat troch in oanhâldend leechtoanich 'gnoarjen' fan stakkato non-leksikale wurdlidden.

Der besteane ferskate Frânsk-Polynezyske dûnsfoarmen, lykas ‘aparima en ‘upa‘upa. Dûns as keunstfoarm ûntjoech him yn Frânsk-Polyneezje as in fisuele begelieding foar de mûnlinge oerlevering fan kulturele kennis. Dêrby hie eltse beweging in betsjutting. Nei't kening Pōmare II fan Tahity yn 1812 troch sindelingen fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip ta it kristendom bekeard wie, waard er ûnder druk set om it near te lizzen op in grut tal tradisjonele wizânsjes dy't troch de sindelingen as "heidensk" of "oanstjitjaand" beskôge waarden. Dêrby gie it û.o. om dûnsjen, sjongen, tatoeëarjen en it jin klaaien mei blommen. In protte gebrûken oangeande en kennis fan 'e âlde dûnsen is dêrtroch ferlern gien.

De Hawaiki Nui Va‘a is in race mei útlizzerkano's.

Va‘a is in tradisjonele Polynezyske sport, dy't op kanofarren liket, mar dan yn mearmans útlizzerkano's. It wurdt op (frijwol) alle eilannen beoefene. De wichtichste race is de Hawaiki Nui Va‘a, dy't ienris yn it jier holden wurdt, tusken teams fan Tahity, Huahine en Bora Bora.

Frânsk-Polyneezje hat in gehiel eigen kwisine. Om't kokosnuten en in protte grienten en fruit rûnom op 'e eilannen ferboud wurde, binne dat yngrediïnten yn in protte ferskillende gerjochten. Itselde jildt foar farske fisk en oare fiskerijprodukten, lykas kreeft en seefruchten. Foarbylden fan sokke gerjochten binne faraoa ‘ipo, poisson cru en rēti‘a.

De reade Tupua‘i-hibiskus (Hibiscus rosa-sinensis).

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Boarnen foar dizze paragraaf: Encyclopaedia Britannica, lemma French Polynesia, § Plant and Animal Life en Wheeler, Tony en Carillet, Jean-Bernard, Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997 (Lonely Planet), § Flora and Fauna, s. 26–29.)

Fanwegen de ôfhandige, isolearre lizzing fan 'e eilannen bestiet der yn Frânsk-Polyneezje net in bjuster grut ferskaat yn 'e floara op it lân. Guon fan 'e plantesoarten hawwe de eilannen op eigen krêft witten te berikken troch ferfier op 'e wyn of de weagen. Oaren binne yntrodusearre troch de Polyneezjers doe't dyselden de eilannen yn it earste milennium kolonisearren. Wer oaren binne relatyf resint yntrodusearre troch de Jeropeänen.

De fegetaasje op 'e eilannen ferskilt neffens de ûndergrûn. Op 'e kalkstien fan 'e atollen groeie benammen ksearofile planten, dy't fan drûchte hâlde en dy't men ek yn woastinige regio's tsjinkomt. Op 'e hege fulkanyske eilannen bestiet oangeande floara mear ferskaat. Fearplanten goeie op 'e measte heuvels en plato's, wylst tropysk reinwâld de dellingen dominearret. Op 'e leechflakten oan 'e kust florearje benammen kokospalmen, breabeammen en ferskate soarten fruitbeammen.

Tropysk reinwâld op Fatu-Hiva, yn 'e Markesaseilannen.

De fauna op it lân is, op 'e nij troch de isolaasje fan 'e eilannen, frij beheind. Hoewol't der wol sûchdieren libje, binne der gjint dy't net troch de minske yntrodusearre binne as eksoaten. De Polynezyske rôt (Rattus exulans) berikte de eilannen mei de Polyneezjers. Oare kjifdieren, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus) en de hûsmûs (Mus musculus) kamen letter oer mei de Jeropeänen. Ek libje der heal ferwyldere bargen, geiten, skiep, kij en, op 'e Markesaseilannen, hynders. De bargen arrivearren mei de Polyneezjers, mar de geiten, skiep, kij en hynders binne resintere ymmigranten.

Lânseigen fûgels binne der yn Frânsk-Polyneezje wol by 't folop, sa'n 100 ûnderskate soarten. Dêrûnder binne fral seefûgels, lykas stirnzen, seemokjes, noddys, tropenginten en fregatfûgels, mar ek ferskate soarten iisfûgels. Hôfdowen en mûzefalken binne eksoaten dy't troch de Jeropeänen yntrodusearre binne, en datselde jildt foar de hin (Gallus gallus domesticus), dy't mei de Polyneezjers út Súdeast-Aazje kommen is.

De Niau-iisfûgel (Todiramphus gertru-dae), in soarte dy't endemysk is op it eilân Niau, yn 'e Tûamotû-arsjipel.

Ek libje der reptilen, benammen hagedissen lykas gekko's. Slangen komme yn Frânsk-Polyneezje net foar. Der binne net folle ynsekten op 'e eilannen, mar wol meepsen, kakkerlakken en langpoaten. Dy lêsten foarmje op guon plakken yn beskate jiertiden in wiere pleach, en se kinne boppedat sykten as denge en filariasis oerbringe. De swarte nono (Simulium buissoni) en de eksoatyske wite nono (Leptoconops albiventris), in pear petiterich lytse soarten langpoaten, binne fral op 'e Markesaseilannen in grut probleem, dêr't ferskate útrûgingskampanjes tsjin fierd binne. De biten fan dy bisten bringe gjin sykten oer, mar feroarsaakje slimme jûkte en mooglikerwize ûntstekkings. Oare lidpoatigen op 'e eilannen binne spinnen en ek tûzenpoaten, wêrfan't guon soarten wol 20 sm lang wêze kinne en in giftige byt hawwe. Dy bisten binne lykwols nuttich yn 'e sin dat se de ynsektepopulaasje wat yn 'e besnijing hâlde.

Yn 'e beken fan 'e eilannen libje ielen en garnalen, en teffens de nato, in soarte swietwetterfisk. Yn 'e lagunes fan 'e atollen en yn 'e omlizzende oseaan is de fauna folle riker as op it lân, mei alderhanne soarten fisken, kreefteftigen, weakdieren, seekladden, seekomkommers, kwabben en koralen. Ek komme der seesûchdieren foar, lykas dolfinen, en seeskyldpodden. De fisken rinne yn grutte útinoar fan lytser as in finger oant de 15 m lange walfiskhaai (Rhincodon typus).

In koraalrif by it atol Fakarava, yn 'e Tûamotû-eilannen.

(Boarne foar dizze paragraaf: Encyclopaedia Britannica, lemma French Polynesia, § Climate)

Frânsk-Polyneezje hat in waarm en fochtich tropysk klimaat, wêrfan't de waarmte lykwols wat delbêde wurdt troch de moderearjende ynfloed fan 'e omlizzende oseaan. Der binne winliken mar twa jiertiden: in waarme reintiid, dy't rint fan novimber oant en mei april, en in relatyf koele drûge tiid, dy't rint fan maaie oant en mei oktober.

Om't Frânsk-Polyneezje sa'n grut geografysk oerflak hat, bestiet der tusken de ferskillende eilannen frijwat fariaasje oangeande it klimaat. Yn 'e haadstêd Papeete, op Tahity, yn it noardwesten fan Frânsk-Polyneezje, rint de trochsneed maksimumtemperatuer oerdeis yn maart, de waarmste moanne, op oant 33 °C. Yn augustus, de kâldste moanne, leit dy temperatuer om 'e 31 °C hinne. Op Tupua‘i, yn 'e Australeilannen, dy't folle súdliker lizze, is septimber de kâldste moanne, wannear't de trochsneed maksimumtemperatuer oerdeis dêre om 'e 18 °C hinne leit.

Utsjoch op it eilân Bora Bora yn 'e Genoatskipseilannen.

It is yn Frânsk-Polyneezje altyd tige near, mei in konstante luchtfochtichheid fan 80–90%. De wyn waait fan novimber oant en mei maart ornaris út it noarden oant noardwesten, mar draait sadat er fan maaie oant en mei oktober oer it algemien út it súdeasten komt. Fan april oant en mei juny binne der gauris langere perioaden fan folsleine wynstilte, út en troch rou ûnderbrutsen troch in tyfoan. Sokke swiere stoarmen komme faker foar wannear't it klimaatferskynsel El Niño hearsket as yn oare jierren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.