Mauritsiusfody
| Mauritsiusfody | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Foudia rubra | ||||||||||||
| Gmelin, JF, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
De Mauritsiusfody (Foudia rubra) is in tige seldsume fûgel út it skaai fodys (Foudia) út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mauritsiusfody is in middelgrutte weverfûgel fan 14 sm lang. It mantsje yn briedkleed hat in oranjereade kop, nekke en boarst mei in swarte team. De rêch is donkerbrún en de boppsturtdekfearren binne read, wylst de wjukken en sturt bêzje streke binne. Wyfke, jonge fûgels en mantsjes bûten it briedseizoen binne oliifbrún en kinne ûnderskieden wurde fan 'e reade fody troch in donkerder en grieniger fearrekleed, in steviger bealchje, in langere snaffel en in koartere sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op it eilân Mauritsius, eastlik fan Madagaskar. De fûgel libbet yn ferskate soarten bosken, ynklusyf degradearre bosk lykas plantaazjes. Stammen fan Japanske seder (Cryptomeria japonica) hawwe lânseigen fegetaasje ferfongen en biede no beskerming tsjin rôfdieren.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in weverfûgel. It mantsje en wyfke wurkje tegearre om in nêst te weven fan gers, moas en lytse tûkjes. Se ite ynsekten lykas imerkes, larven fan krobben, rûpen en ek spinnen. Guon fûgels ite ek beien. Ek yt er regelmjittich nektar.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin jierren 1970 gie in grut part fan syn habitat ferlern, doe't it der in soad plantaazjes op Mauritsius oanlein waarden. Om 2001 hinne bedroech it oantal pearkes nei alle gedachten noch mar in hûnderttal. Rôfdieren lykas de swarte rôt (Rattus rattus) en de Java-aap (Macaca fascicularis) plonderje de nêsten en dat is noch jimmeroan ien fan 'e grutste bedrigingen fan 'e fûgel. Ek is waarnommen dat de treurprotter (Acridotheres tristis) nêsten leechfret. Fral op 'e plakken dêr't it habitat fan 'e Mauritsiusfody noch yntakt is, is de nêstpredaasje heech.
De beskerming fan 'e fûgel rjochtet him fral op 'e kontrôle op 'e rotten en makaken. Mauritan Wildlife Foundation hat in fokprogramma, dat in soad jonge fûgels produsearret. Aaien wurde út nêsten fan wylde fûgels helle en yn finzenskip útbret as de wylde pearkes tagelyk in oar lechsel produsearje en grutbringe. Nêsten wurde behannele tsjin nêstparasiten en der wurdt soarge foar iten en wetter. De populaasje is dêrtroch tanommen en op eilannen foar de kust binne sa nije populaasjes ûntstien. Dêrom koe de krityk bedrige status fan 'e fûgel yn 2009 nei de status fan bedrige ferlege wurde.
Der binne yn 2005 en 2006 in oantal Mauritsiusfody's op 'e nij yntrodusearre op Île aux Aigrettes, dat eastlik fan Mauritsius leit en in natoerreservaat is sûnder ynvasive predatoaren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
