Foss (rivier)

Ut Wikipedy
De Foss yn York

De Foss is in kanalisearre rivier yn it Ingelske Noard Yorkshire mei in streamgebiet fan 118 km² en in lingte fan 31 km. It is in sydrivier fan de Ouse.

De Foss ûntspringt yn it reservoir fan Oulston yn Yearsley op 160 meter boppe seenivo en streamt dan nei de stêd York, dat oan de gearrin fan de Ouse en de Foss leit, op 12 meter boppe seenivo. Willem de Oermasterer damme de Foss al yn 1069 yn, besuden it kastiel fan York by de gearrin mei de Ouse, om sa in wâl om it kastiel te krijen. Streamop ûntstie doe in wetterplasse dy't de "King's Pool" of "King's Fish Pond" ('de fiskfiver fan de kening') neamd waard. Yn de neifolgjende iuwen waard de rivier stikje by bytsje fierder kanalisearre.