Fort Washakie (Wyoming)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fort Washakie (Wyoming)
It Sjosjoanske opperhaad Washakie.
It Sjosjoanske opperhaad Washakie.
Sifers
Ynwennertal 1.759 (2010)
Oerflak 54,2 km² (ynkl. wetter)
54,2 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 32,0 / km²
Hichte 1.698 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Wyoming.svg Wyoming
County Fremont County
Oar
Stifting 1871
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 42°59′57″N 108°54′42″W
De lizzing fan Fort Washakie yn Fremont County en yn 'e steat Wyoming.

Fort Washakie (útspr.: [fɔɹt wǝ'ʃa:ki]) is in plak yn Fremont County, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Lander), is it wol it haadplak fan it Wind River Yndianereservaat (Wind River Indian Reservation), fan 'e Arapaho Stamme (Arapaho Tribe) en de Eastlike Sjosjoanestamme (Eastern Shoshone Tribe). It leit yn it foarlân fan 'e Windrivierbergen en krekt eastlik fan 'e Kontinintale Wetterskieding. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Fort Washakie doe op krapoan 1.800 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fort Washakie waard stifte yn 1871, doe't it Yndiaansk agintskip fan it Wind River Reservaat en de militêre bûtenpost Kamp Brown dêrhinne ferpleatst waarden út Lander wei. Yn 1878 waard it omneamd ta Fort Washakie, ta eare fan it Eastlik Sjosjoanske opperhaad Washakie. Oant 1909 behold it syn funksje fan militêre basis. Fuort beëasten Fort Washakie stiene jierrenlang in troch de Amerikaanske oerheid rund ynternaat foar Yndiaanske bern en in sikehûs.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Fort Washakie 8,8% âlder as 65 jier en 37,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 22,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 42,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan boppe de 65 jier sels 52,0%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 92,6% Yndianen (foar it meastepart Eastlike Sjosjoanen); 3,3% Latino's; 2,6% blanken; 0,1% swarten; 1,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.